"De emoasjes rûnom de wolf rinne heech op. Minsken binne benaud. Dat begryp ik. Mar op dit stuit is de wetlike romte om wat te dwaan minimaal. Dat is it earlike ferhaal." Dat seit deputearre Matthijs de Vries. Hy is te gast yn De Vrieske Wike. Tegearre mei Anne-Goaitske Breteler en Onno Falkena. Presintaasje is yn hânnen fan Roelof de Vries.