Omrop Fryslân komt mei skokkende ferhalen oer wat der mis gie by de jeugdynstelling Woodbrookers yn Koartehemmen. Dêr brûke meiwurkers ysolaasje en pine-prikkels as de bokkepoat en earmklem om kliïnten ûnder kontrole te krijen. It mei net en it binne maatregels dy't bern beskeadigje, sizze saakkundigen. Ald-kliinten stappe no nei foaren, want se wolle erkenning foar wat se oandien is.