Op de pier yn Harns oer COP26, oer it klimaat dus. En oer it waar fan no (#30) Nou ja, Piet en Wim litte harren wat ôfliede troch it plak fan de âlde misthoarn fan Harns en troch it radioljochtskip Jenni Baynton yn de Willemshaven, mar it grutste part fan dizze PietCast giet dochs écht, sa't it heart, oer it waar! Piet hat syn twivels oer of it slagje sil de CO2 útstjit te ferleegjen. Fansels hawwe we it dêroer fanwege de miljeutop dy't dizze dagen holden wurdt yn Glasgow. Dat dêr al ôfsprutsen is de ûntbossing tsjin te gean fynt Piet wichtig. Fierder hawwe Piet en Wim it koart oer de winter en oer it waar fan dizze wike. Wér in kertierke legedruk waarpraat op ynternet! Stay tuned, hjir, yn Spotify en yn oare podcast apps en oars op YouTube, want der is ek fideo by dit petear: