Sportcast

Sportcast

By Omrop FryslânSports
Download on the App Store

Sportcast episodes

  • #357: Billy is bang, Diemers hat in nije klup en Meerdink skoart alle penalty's
    Billy van Duijl is in grut talint fan AZ Alkmaar, mar makke foar in jier de oerstap nei Cambuur. Wat hopet hy te berikken en wêrom woe hy sa graach nei Ljouwert komme? De 20-jierrige ferdediger is te gast yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. Mark Diemers hat nei moannen fan wachtsjen in nije klup en spile al foar De Graafschap. Wy belje mei him om te hearren hoe hy werom sjocht op de moannen sûnder Cambuur. 
    48 min
  • #356: It Linday-effekt, de balâns nei blok ien en hurde wyn, jasses by ADO-Cambuur
    Sportklup Hearrenfean wûn mei klinkende sifers fan Sparta Rotterdam (0-4), mei troch de weromkear fan Marcus Linday. It gefolch wie lykwols dat Ringo Meerveld op de bank siet. Wat betsjut dit foar him? SC Cambuur bleaun foar de tredde wedstriid op rige sûnder ferlies troch in lykspul (1-1) by ADO Den Haag. De ûntwikkeling fan de Ljouwerters makket dat der entûsjasme is oer de kânsen op hânhavening. Te gast is fuotbaltrainer René van der Weij fan HHC Hardenberg, dy't noch altyd syn profdream neistribbet. Yn it ramt dêrfan sil er op staazje by ûnder oaren FC Emmen en TOP Oss. 
    58 min
  • #355: De fiislak fan Cambuur, foarmkrisis by Feanster oanfallers en wa stiet yn ien rychje mei Kylian Mbappé?
    Nea earder wiene de technysk managers fan Sportklup Hearrenfean en SC Cambuur tagelyk te gast yn de Sportcast. Oant hjoed, want Johan Hansma en Lars Lambooij sitte oan tafel. It giet oer de fiislak fan SC Cambuur, dy't de 'missing link' blykt te wêzen. Ek de spitsposysje fan Hearrenfean komt wer oan bar, want hoe moat de doelpuntedrûchte fan Dylan Vente oplost wurde? En efter welke spiler siet sawol Hansma as Lambooij oan tidens de ôfrûne transferperioade?
    58 min
  • #354: Cambuur komt kwaliteit tekoart, Uldrikis is in plan B-spits en 'Ranking the Ref'
    Hiel ticht wie Cambuur by de earste trijepunter. Mar it gie wer mis. Neffens âld-fuotballer Sandor van der Heide wie de lette tsjintreffer tsjin Telstar in logysk gefolch fan de spulwize fan de Ljouwerters. Sportklup Hearrenfean gie ûnderút tsjin AZ. Van der Heide besiket út te lizzen wat Hearrenfean oars dwaan moatten hie op ferdigenjend mêd. Fierder komt der fansels wer in fraach út it publyk, is der ek wer in primeur én we belje mei de held fan FC Emmen!
    56 min
  • #353: In 'ûnbetroubere' oanwinst foar Hearrenfean, Johan Plat wit it net en wa hie in glêsbak op it hiem?
    It wie gjin wykein om oer nei hûs te skriuwen foar de Fryske klups. Sportklup Hearrenfean spile lyk tsjin promovendus Willem ll (2-2) en SC Cambuur gie wer ûnderút mei dikke sifers, ditkear tsjin FC Twente (1-4). Cambuurtrainer Johan Plat wit net sa goed wat er docht, fernimt Gertjan Verbeek. De âld-fuotbaltrainer is ek net sa bot sjarmearre fan de nije spiler fan Hearrenfean, Mees Hilgers. En der is fansels wer in primeur yn de Sportcast!
    58 min
  • #352: Dé oplossing foar it supportersgeweld, Foppe wol Mbabbe wol traine en Henstra is in groeibriljant
    Der waard snein in skaad lein oer wedstriid tusken SC Cambuur en Feyenoord. Yn de Sportcast tinke we sa as altyd goed mei en presintearje we it 'Plan-Riemer', wat ôfrekkenje moat mei soksoart supportersgeweld. Foppe de Haan is te gast en jout syn miening oer Dylan Vente, Ringo Meerveld en noch folle mear.  En wie de nederlaach fan Hearrenfean no in ynsidint of moat we ús soargen meitsje? Ek is der op 'e nij in primeur oer in nije spiler foar Cambuur!
    55 min
  • #351: Robin Veldman draait der net omhinne, oanknopingspunten foar Cambuur en faktor 50 foar de mystery guest
    Trainer Robin Veldman fan Sportklup Hearrenfean is ambysjeus; Europeesk fuotbal helje is dit jier de doelstelling. Dat fertelt er yn de Sportcast. SC Cambuur ferlear ek de twadde earedivyzjewedstriid fan it nije seizoen, mar yn tsjinstelling ta foarige wike wiene der ditkear wól oanknopingspunten. En der is in primeur, want de Ljouwerters ha in nije spiler binnen. Fierder is it de fraach oft Marcus Linday noch fuort giet by Hearrenfean. En wat kloppet der fan de ynteresse fan Bernt Klaverboer yn Udinese? 
    1 hr 1 min
  • #350: Johan Plat bliuwt rêstich nei falske seizoensstart Cambuur, Marcus Linday wol net prate en it jubileumkonsert fan Jan Smit
    It wie in flinke tebeksetter: Cambuur dat de earste earedivyzjewedstriid fan it nije seizoen mei 4-0 ferlear fan Excelsior. Trije dagen letter seit trainer Johan Plat de soargen te begripen dy't libje ûnder de supporters, mar hy seit dat der beslist noch gjin man oerboard is. By Sportklup Hearrenfean sit de fleur der mear yn nei de winst op FC Twente (1-0). Mar wêrom woe Marcus Linday Omrop Fryslân net te wurd stean? En driget Bernt Klaverboer fuort te gean?
    55 min
  • #349: Proper vs. Van Overeem, je hert fêsthâlde foar Cambuur en wêr einigje de twa Fryske klups?
    Nei in (fiersten te) lange simmerstop is de Sportcast werom. En der falt genôch te bepraten. Is Sportklup Hearrenfean sterker wurden yn fergeliking mei foarich seizoen? En SC Cambuur begjint mei in wol hiel jonge seleksje oan it earedivyzje-aventoer. Komt it wol goed yn Ljouwert? We litte ús byprate oer de nije spulrigels troch in saakkundige én dogge foarsizzings yn de Nostradamus Cup!
    58 min

About Sportcast

From the publisher's feed

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast…

More shows like Sportcast

NOS Langs de Lijn Sportforum by NPO Luister / NOS

NOS Langs de Lijn Sportforum

10 Listeners

De Stemming van Vullings en De Rooy by NPO Radio 1 / NOS / EenVandaag

De Stemming van Vullings en De Rooy

113 Listeners

Voetbalpraat by ESPN NL

Voetbalpraat

29 Listeners

NOS Voetbalpodcast by NPO Luister / NOS

NOS Voetbalpodcast

68 Listeners

Radio Camataru by Radio Camataru

Radio Camataru

0 Listeners

Kick-off met Valentijn Driessen by De Telegraaf

Kick-off met Valentijn Driessen

60 Listeners

Cor Potcast by Dag en Nacht

Cor Potcast

17 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

248 Listeners

Gianni's Imperium by NPO Luister / NOS

Gianni's Imperium

4 Listeners

Omroep Abe by Leeuwarder Courant

Omroep Abe

0 Listeners

Hertenkamp by Leeuwarder Courant

Hertenkamp

0 Listeners

Weer een dag by Marcel van Roosmalen & Gijs Groenteman / Meer van dit

Weer een dag

23 Listeners

Radio Ramkraak by LC & DVHN

Radio Ramkraak

4 Listeners

KieftJansenEgmondGijp by KieftJansenEgmondGijp

KieftJansenEgmondGijp

68 Listeners

Groeten uit Grolloo by Johan Derksen

Groeten uit Grolloo

7 Listeners