TRYATER

TRYATER | Vader en Zoon podcast | ôflevering 2


Listen Later

Nei oanlieding fan de foarstelling Vader en zoon binne njoggen proazaskriuwers, dichters en teaterskriuwers, sawol amateur as profesjoneel, oan ’e slach gien mei it skriuwen fan in dialooch tusken in heit ein in soan. Wat fan de foarstelling hat harren ynspirearre om sels ta in tekst te kommen? Wêr hawwe in heit en in soan it meiïnoar oer? Hoe sizze se tsjin elkoar dat se fan elkoar hâlde? 
 
Yn in rige fan trije podcastopnames kinst noch hearlik neigenietsje fan nije, nijsgjirrige dialogen tusken in heit en in soan. Petearen oer âlder wurde, jierrenlange patroanen en elkoar los doarre litte.

Yn dizze ôflevering harkje we nei de heit-soandialogen fan Jannie Luchtenveld, Jeannette Boskma en Sytske Hoogterp. Hoe gean in heit en in soan om mei rouferwurking? Wat as in heit op âlde leeftiid pas syn eigen liif ûntdekt? Hoe geane se om mei tradysjes? Dat binne û.o. de fragen dêr’t we it yn dizze podcast oer hawwe.

...more
View all episodesView all episodes
Download on the App Store

TRYATERBy TRYATER