Bonkerak

Bonkerak

Download on the App Store

Bonkerak episodes

  • 10. De gefaarlike tocht
    William Leach rint troch de Skotske bergen op wei nei syn freon Blake dy't sa'n 100 kilometer fierderop wennet. William is grut, sterk en atletysk en hat altyd in ikehouten kneppel by him. Nei in dei rinnen kloppet er deaynein oan by in lyts houten húske. De bewenster, in âld frou, lit him deryn, mar it giet net fan herte. Der sitte noch twa manlju yn de lytse romte en as William him nei wat iten en drinken deljout, besykje de manlju him te berôvjen. William wit út te naaien en draaft de bergen yn. As er der wis fan is dat er net achterfolge wurdt, jout er him del tsjin in beam. Hy krijt in nuvere en aaklike dream oer syn freon Blake. In dei letter docht bliken dat de dream wierheid is...
    14 min
  • 9. De nachtmerjeherberch
    Yn in ferlitten streek yn Amearika stiet in fertutearze herberch. Frou Warner hat de herberch kocht, mei it doel it gebou op te knappen en der te wenjen. As se der foar it earst, tegearre mei har dochter Lillian komt, falt it har al ôf. De mem giet nei de stêd om fan alles te regeljen en Lillian bliuwt allinne achter. Se fielt har net op har gemak, hielendal net as se op 'e strún troch it gebou in nuver lûd heart en ûntdekt dat der in wjerwolf húsmannet yn de âlde herberch.
    20 min
  • 8. It spûk fan de Skillige Piip
    Yn de Fryske Wâlden wenne lang lyn in âlde, rike en tige deune man. Hy wie sljocht op syn jild en seach der trije kear deis nei. Mar nei't er twa kear in nachtmerje hân hie oer banditen dy't syn jild stielen, besleat er syn jildkistke te bedobjen yn de grûn. Hy tôch op in nacht op syn ezel de Skillige Piip oer en begroef syn jildkiste yn de grûn. Om noch sa lang mooglik fan syn jild genietsje te kinnen, gie er achterstefoaren op syn ezel wer werom. Mar dat gie mis... it bist stroffele, de man foel en wie dea. Jierren letter wurde doarpsbewenners konfrontearre mei in spûk dat achterstefoaren op in ezel by de Skillige Piip omhinget. Foar de duvelbanner yn it doarp falt it net ta om it spûk kwyt te reitsjen...
    15 min
  • 7. De grutte grize wolf
    Francois is in studint dy't graach kuierje mei. Hy is in pear dagen oan de westkust fan Frankryk om dêr oer de kliffen te kuierjen. Op in dei wurdt er oerfallen troch in swiere bui en siket er beskûl yn in grot. It stjonkt yn de grot en hy rint op stikkene bonken, dy't ôfkomstich lykje fan bisten. As er nei de bui werom giet nei it doarp dêr't er útfanhuzet, heart er fan de kastlein dat der in grutte grize wolf omstrúnt yn de omkriten. De oare deis giet er opnij op 'en paad, op syk nei de grot. En wer wurdt er oerfallen troch tige swier waar, mar dit kear kin er net sa rêstich de bui ôfwachtsje...
    15 min
  • 6. Pas op foar moaie jonge froulju
    Mc Fee is mei syn soan Sean en twa maten te jeien yn de Skotske Heechlannen. Se ha moai wat kninen sketten en it is eins te let om noch werom nei hûs te gean. Se wolle oernachtsje yn in skieppehok. Boppe in fjoer meitsje se de kninen klear, se ha wat wisky en it wurdt tige gesellich. Sean is wurch en jout him del. De manlju sjonge en dûnsje. Ynienen stean der fjouwer moaie jonge froulju foar de doar... de froulju betsjoene de mannen mei har skjintme, se dûnsje en sette harren lippen tsjin de halzen fan de jagers... op dat stuit begrypt Mc Fee wat it foar froulju binne en wat harren doel is...
    11 min
  • 5. De wolvepoat
    Yn it easten fan Fryslân wenje op in slot in baron en syn frou. Se binne lokkich, alles giet bêst. Der is mar ien minpunt: der swalket in wolf yn 'e omkriten dy't de skiep opfret. As der op in nacht wer trije skiep en in laam deabiten binne, nimt de baron maatregels. De skieppehoeder en in jager moatte fan him op jacht nei de wolf. De wolf ferskynt as de jager krekt efkes in oare kant út rûn is en falt de skieppehoeder oan. Dy hat gjin gewear, mar wol in mes en wit himsels te rêden troch de foarpoat fan de wolf der ôf te fykjen. Mei de wolvepoat as in trofee yn in kistke komme se werom by de baron. As dy it kistke iepen docht, binne se alle trije ferbjustere. Der leit net in wolvepoat yn, mar in...
    11 min
  • 4. It keammerke fan de eangst
    In alvejierrich jonkje ferhûzet mei syn heit en mem nei in kastieltsje. Hy krijt in keammerke yn 'e toer tawiisd as syn sliepkeamer. Dêr is er hielendal net bliid mei; hy fielt dat it der net doocht. De twadde nacht dat er dêr sliept, sjocht er in âld man by de tafel sitten, mei in petroaljelampe en in swarte kat neist him. Hy kin dwers troch de man hinne sjen! De man nimt in glês wetter, docht der wat poederachtich guod yn en drinkt it op. Dan falt er mei syn holle op 'e tafel. It jonkje is spoekbenaud en raast om syn heit en mem. Hy wol net mear op it keammerke sliepe en krijt in oare sliepkeamer. In healjier letter, as syn freontsje by him is te boartsjen, komt er achter it hiele ferhaal...
    17 min
  • 3. Rôvers yn ‘e nacht
    Op in stins yn de Fryske wâlden moat in tsjinstfaam in pear dagen oppasse omdat har baas en de frou fuort binne. As se om itenstiid hinne stiet te pankoekbakken, ferskynt der ynienen in frjemde keardel yn de keuken: in rôver. De tsjinstfaam komt him op 'e lije side en wurket mei oan de rôverij. Tegearre mei de rôver siket se alle sulver, goud en jild by inoar en fult sa fiif sekken fol. Dan stjoert se him nei it túnhûs om tou op te heljen om de sekken ticht te binen. As de rôver bûten is, docht se gau alle doarren op slot en de lûken ticht. De rôver is poerrazend! Hy hellet help en mei noch in steltsje oare rôvers besykje se dochs yn 'e stins te kommen. Dat komt in pear fan harren djoer te stean...
    13 min
  • 2. It opgroeven lyk
    In skuonmakker yn in Skotsk doarpke is sa nijsgjirrich as in âld hin. Hy wit alles fan alle ynwenners. Mar op in dei krijt er in frjemdling op besite dy't nije skuon ha wol. It is in nuvere man. En as er nije skuon foar de man makke hat, folget er him om't er witte wol wêr't de man wei komt. Hy is ferbjustere as er sjocht wêr't de man hinne giet: nei it tsjerkhôf! Dêr stapt er yn in grêf. De skuonmakker hellet fersterking en mei in hiele ploech minsken grave se it grêf iepen. Dat hie er better net dwaan kinnen...
    15 min
  • 1. It bonkerak yn de herberch
    In timmerman út Drachten giet it lân yn om mooglikheden te ûndersykjen hoe't er mear jild fertsjinje kin. Hy bedarret yn in stedsje dêr't it krekt jiermerk is en it is dreech in plakje te finen wêr't er oernachtsje kin. Uteinlik mei er op in keammerke sliepe yn herberch de Koperen Tsjettel, mar de kastlein warskôget him dat er dat keammerke nea ferhiert omdat it der net doocht. It makket de timmerman neat út: hy is skjin oan ein en wol sliepe. Mar hy fernimt al gau dat it yndie net doocht op it keammerke....
    17 min

About Bonkerak

From the publisher's feed

De grize giet dy oer de grouwe fan dizze spannende ferhalen. Bonkerak is in rige fan tweintich folksferhalen dy't bewurke binne ta harkspullen. Alle wiken in nij folksferhaal út Fryslân of…