Buro de Vries (Podcast)

It libbensferhaal fan Jan Ploeg


Listen Later

  Jan Ploeg waard yn 1948 berne yn De Bilt by Utrecht. Syn heit wie dêr nei de oarloch te lâne kaam as plysje-adminstrateur op it gemeentehûs. Om't syn mem in heupôfwiking hie en 'mank rûn', moast se geregeld lang fan hûs foar bygelyks operaasjes of revalidaasje yn Beetstersweach by de Cornelia Stifting. Gefolch wie dat de bern faak út fan hûs moasten by de famylje en dêr dus ek foar in part opgroeiden. Lytse Jan wie dêrom geregeld yn Bûtenpost te finen. By de wat deftige Oma Ploeg, mar ek by de ûndernimmende famylje Dijkstra dy't yn it doarp in brânstof- en foeraazjehannel hiene. "Dat wie geweldich avontoerlik! Altyd wie der wat te beleven of te boartsjen op de souder fan de oplsachloadsen of yn it ûnderdûkershol yn it wenhûs. "Thús wie nea in fêst honk, ek om't heit fanwege fakbûnswurk in soad fuort wie. De famyljes Ploeg, Dijkstra en Pilat yn de regio Bûtenpost/Surhústerfean wiene dat wol. Eins wie dat it bêste wat my oerkomme koe, mei al dy neefkes en nichten. Ik wit dat myn suster it der wol dreech mei hie om altyd mar wer 'útbesteed' te wurden, mar ik dêr gjin lêst fan. Alhoewol ik soms oerkom as resoluut en ambitieus, bin betiden dochs bûtengewoan sentimentiel, hear. Ik fyn it moai dat jo earne by hearre."
...more
View all episodesView all episodes
Download on the App Store

Buro de Vries (Podcast)By Omrop Fryslân


More shows like Buro de Vries (Podcast)

View all
Het Marathoninterview by NPO Luister / VPRO

Het Marathoninterview

5 Listeners

Boekestijn en De Wijk by BNR Nieuwsradio

Boekestijn en De Wijk

237 Listeners

Nieuwsweekend by NPO Radio 1 / Omroep MAX

Nieuwsweekend

8 Listeners

Sportcast by Omrop Fryslân

Sportcast

0 Listeners

Met Groenteman in de kast by de Volkskrant

Met Groenteman in de kast

68 Listeners

De Publieke Tribune by NPO Radio 1 / HUMAN

De Publieke Tribune

16 Listeners

Maarten van Rossem en Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem en Tom Jessen

315 Listeners

Redders op Zee by KNRM x Fisherman’s Friend

Redders op Zee

4 Listeners

Zolang het leuk is by BNR Nieuwsradio

Zolang het leuk is

36 Listeners