It alderslimste dat je as folwoeksene oerkomme kin, barde yn it libben fan sportcoach Tjalling van den Berg. Hy ferlear op jonge leeftiid in berntsje. Reinder Tjalling waard mar fjouwer jier âld. It wie de grutste tsjinslach yn it libben fan Van den Berg. Dochs helle hy dêr ek wer krêft út. "Ik betocht dat ik it libben fan Reinder Tjalling libje moast, en dat haw ik dien." It toant de fearkrêft fan de 74-jierrige Van den Berg. Yn syn libbensferhaal fertelt de turncoach en tsjintwurdich eco-coach oer syn libben.