Se is 83 en hat in romrofte karriere yn de operawrâld hân. En no stiet se wer op de planken. Hebe Dijkstra fan Twizelerheide. As famke fan 11 wist se it al. "Ik wurd sjongeres". Op har 83e is it noch net klear. Mei it autobiografyske stik "Coming of age" fertelt en sjongt se mei twa kollega's harren ferhaal oer de operawrâld en wat âlder wurden dêryn betsjut. In petear mei in bysûndere frou dêr't de libbenskeunst fan ôf spat.