Sign up to save your podcastsEmail addressPasswordRegisterOrContinue with GoogleAlready have an account? Log in here.
Boekekast fan 2022 slút oan by it projekt Útsteld Gelok/Uitgesteld Geluk fan Ljouwert UNESCO City of Literature. Dat binne 100 ferhalen, foarlêzen yn 100 paradyslike tunen yn Fryslân. Boekekast bringt... more
FAQs about Boekekast:How many episodes does Boekekast have?The podcast currently has 33 episodes available.
October 13, 2019Boekekast #3: De Achttjin fan Aggie van der MeerYn dizze tredde útstjoering fan de podcast Boekekast kinst harkje nei in fragmint fan de roman 'De Achttjin' fan Aggie van der Meer. Sintraal stiet de situaasje yn Tsjecho-Slovakije nei de selsferbaarning fan Jan Palach neidat Moskou yn 1968 mei geweld in ein makke hie oan de saneamde ‘Praachske Maitiid’. Ferenc Hacha, fan Joadske kom-ôf en as jonkje mei syn âlden út Dútslân wei nei Praach flechte, keas foar it kommunisme en klom yn ’e oanrin nei de Praachske Maitiid op ta lid fan it Politburo, dat achttjin leden telt....more25minPlay
October 05, 2019Boekekast #2: De nacht fan Mare fan Willem SchoorstraYn dizze twadde útstjoering fan de podcast Boekekast kinst harkje nei in fragmint fan de roman 'De Nacht fan Mare'. Mare fan santjin en Thomas fan twaentweintich binne de haadpersoanen yn 'De nacht fan Mare'. Se moetsje inoar ein jierren santich yn Ljouwert, by it legindaryske konsert fan Herman Brood yn de Prinsetún. Tsjin in dekôr fan rock 'n roll, polityk bewustwêzen en seksuele útspattings en represje ûntjout him in relaasje dy't alles mei ferslaving te krijen hat....more22minPlay
September 29, 2019Boekekast #1: De parallaks fan Janneke SpoelstraYn dizze earste Boekekast in fragmint út 'De parallaks' fan Janneke Spoelstra. Yn de roman 'De parallaks' komme trije froulike haadpersoanen oan it wurd: Famk dy't tritich, Lokke dy't fyftich en Wyb dy't santich wurdt. Alle trije identifisearje se har as lesbysk, mar troch it leeftiidsferskil is it perspektyf hiel oars. Hoe sjogge de froulju nei har omjouwing, en hoe de omjouwing nei har?...more21minPlay
FAQs about Boekekast:How many episodes does Boekekast have?The podcast currently has 33 episodes available.