De toan fan fan 'e moarn

De toan fan fan 'e moarn

By Omrop FryslânNews
Download on the App Store

De toan fan fan 'e moarn episodes

  • De toan fan Froukje Sijtsma: "Lekker lummelje"
    "Sa, dit is alwer de lêste kollum fan 2021, en dat moat fansels al in spesjalen ien wurde. Mar as ik earlik bin meitsje ik de lêste dagen net in hiel soad bysûnders mei. Ik hingje thús wat om yn myn hearlike onesie en waarme sloffen en myn hier hinget op healwei sânen. Ik drink liters tee, ik set de kearskes oan at de skimer ynset en loungemuzyk folt de wenkeamer. Yn de hoekbank sit ik te relaksen mei in steapel tiidskriften dy't ik al tiden lêze woe, en ik wikselje dat ôf mei wat slûgjen yn myn hingstoel by it rút."
    4 min
  • De toan fan Jan de Groot: "Top 100"
    "Wat is aigenlik 't Frise nummer der'tstou altiten op stimst? Ik hew niet said fan altiten, maar soa is't al. D'r is foor mij een nummer dat d'r bovenút steekt. Maar dat is 'n klifhenger. In elk gefal gyn nummer fan 'Die Twa' of Folkert-Hans Tolsma. Dat fyn ik namelik fer-skrik-like mezyk. Elk mâg gelukkig in dut lând syn aigen mening hewwe. En dut is myn mening."
    3 min
  • De toan fan Nelleke IJssennagger: Sinnekear
    "No 't de langste nacht foarby is en de dagen wer langer wurde, wurdt de rop om in lange-termynfyzje hieltyd lûder. Langetermynfoarútsichten oangeande korona, mar ek de mienskip en ús natuerlike omjouwing as gehiel. Want no 't wy ús realisearje dat guon saken einich binne, en ús wolfeart net altyd sa bliuwe kin, beseffe wy dat wy kieze moatte. Dêrfoar is in fyzje nedich dy 't fierder rikt as ús eigen yndividuele bestean."
    5 min
  • De toan fan Jan Koops: "Ofspraoke ofbeld"
    "Oflopen maendag wodde ik beld deur de polikliniek daor ik deensdag een ofspraoke hadde. Aj' zoe'n tillefoontie kriegen dan weej' al waor et op uutdri'jt: en inderdaod, de assistente zee me dat de ofspraoke niet deurgaon kon. En daorbi'j maekte zi'j een opmarking die vule vaeker bruukt wodt, mar die nargens op slat. Et kon niet deurgaon, zo zee ze, 'vanwege omstandigheden'. Daor maekte ik doe een opmarking over. "Omstanigheden? Alles is een omstanighied.""
    5 min
  • De toan fan Froukje Sijtsma: "Myn top 5 fan de Fryske Top 100"
    "As ik it ferske fan myn nûmer 4 hear tink ik mei in glimp werom oan dy gesellige desimberjûne mei radiopresintator Jacob Stelwagen. It wie it earste ferske dat Jacob en ik hearre lieten by it spesjale radioprogramma Sis it Mar, dat Omrop Fryslân foarich jier tusken kryst en âld&nij útstjoerde. Wat hienen wy dy jûn graach byinoar sitten wold, mar fanwegen corona bedarren wy elk yn in eigen studio mei in rút tusken ús yn.... mei eachkontakt."
    6 min
  • De toan fan Jan de Groot: "Fergeefse boadskippen"
    "At ik deuze priis winne sou en hew niet echt fergeefse boadskippen norig, dan sou'k 't spul in 't karrechy fortgeve an een die't 't ècht norig het. 'n Gesin befoorbeeld die't alle maanden weer nauliks rôndkomme kin. Dan sou'k 'n feul fijner gefoel hewwe as at ik alleen foor mijsels as 'n besetene de lekkerste en duurste spullen út 'e skappen graaide."
    3 min
  • De toan fan Henk van der Veer: "Húsdòkters"
    "Húsdòkters binne krekt gewoane minsen, je hewwe se in alle soarten en maten. Dat is in Sneek al nyt anders. Langsamerhaan ferdwine de eenpitters, húsdòkters dy't nòch un selfstandege praktyk hewwe, dus nyt in maatskap met andere kollega's."
    4 min
  • De toan fan Nelleke IJssennagger: "Brievebus"
    Silst mar yn de drokke wiken foar de krystdagen, dêr'tst ekstra hurd yn wurkest om noch in tal wichtige, nee sels essinsjele saken foar de ein fan it jier klear te krijen, in krystkaart iepenje om dêryn in bedriging oan te treffen. In bedriging, net omdatst wat ferwiistbaars dien hast, mar omdat ien frustrearre is oer dizze tiid en yn dy in fertsjintwurdiger dêrfan sjocht.
    5 min

About De toan fan fan 'e moarn

From the publisher's feed

Yn 'De toan fan fan 'e moarn' litte de fiif kollumnisten fan it radioprogramma Fryslân fan 'e moarn har alle dagen fan de wurkwike hearre. Har kollums binne op Spotify as podcast te beharkjen.…