Sign up to save your podcastsEmail addressPasswordRegisterOrContinue with GoogleAlready have an account? Log in here.
Yn it programma De Vrieske Wike nimt presintator Roelof de Vries dy yn in oere mei yn de wrâld fan polityk út Fryslân en dêrbûten. Hy ûntfangt nijsgjirrige gasten dy't in wichtige rol spylje yn it nij... more
FAQs about De Vrieske Wike Podcast:How many episodes does De Vrieske Wike Podcast have?The podcast currently has 32 episodes available.
December 13, 2024#11 De Vrieske Wike: Sybrand Buma: "Ik zou heel graag met pensioen gaan als burgemeester van Leeuwarden""Ik zou heel graag met pensioen gaan als burgemeester van Leeuwarden." Dat seit Sybrand Buma, dy't hopet dat hy kommend jier in ferlinging fan syn earste termyn as boargemaster fan de stêd kriget, yn De Vrieske Wike. Oare gasten binne dûmny Jan-Jaap Stegeman en CNV-foarsitter Piuet Fortuin....more48minPlay
December 06, 2024#10: De Vrieske Wike: "Bezuinigingen onderwijs komen als een boemerang terug"De besúnigings op it ûnderwiis komme as in boemerang wer werom. Dat seit Jantine Kuijpers fan hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert yn it programma De Vrieske Wike. Der wurdt op dit moment oerlein oer de ûnderwiisbegrutting, mar der is noch gjin akkoard. Te gast binne njonken Kuijpers ek polityk ferslachjouwer Onno Falkena en deputearre Abel Kooistra fan de BBB....more43minPlay
November 29, 2024#9: De Vrieske Wike: "Problemen yn dit lân wurde net oplost salang de doar nei bûten iepen stiet""De problemen yn dit lân wurde net oplost salang de doar nei bûten iepen stiet." Dat seit Steatelid Jeffrey Graansma (PVV) yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Oan tafel waard ûnder oare praat oer de gefolgen fan de ferskate krisissen yn Nederlân en wat der oan dien wurde moat. Oare gasten binne polityk ferslachjouwer Casper Slotboom en bestjoerskundige Renske van der Tempel....more48minPlay
November 22, 2024#8: De Vrieske Wike: "De PVV is gewoon een discriminerende partij""Het is gewoon een discriminerende partij. Je weet als NSC waar je instapt, waar je mee gaat samenwerken." Dat seit âld-boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean yn De Vrieske Wike oer it hjoeddeistige kabinet, dat fan de iene krisis yn de oare rûchelet. De oare gasten binne wethâlder Hein de Haan fan Ljouwert en Omrop Fryslân-ferslachjouwer Hayo Bootsma....more43minPlay
November 15, 2024#7 De Vrieske Wike: "It earste dat politisy ferjitte is harren geheugen""Ik bin der noch net gerêst op dat de ferheging fan de btw op sport en kultuer definityf fan tafel is." Dat seit haadredakteur Maarten Pennewaard fan de Ljouwerter Krante. Pennewaard ferwiist dêrby nei âld-premier Mark Rutte, dy't ferskate keren 'geen actieve herinnering' as ekskuus brûkte. "It earste dat politisy ferjitte is harren geheugen", konkludearret hy dan ek oer de belofte fan minister Heinen fan Finânsjes om de ferheging fan de btw kommend foarjier yn te lûken. Neist Pennewaard binne Maarten Goudzwaard (JA21) en deputearre Matthijs de Vries (CU) te gast....more49minPlay
November 08, 2024#6: De Vrieske Wike: "Ik wol net it Keamerlid wêze dat herinnerd wurdt om Johan Derksen""Ik wol net it Keamerlid wêze dat herinnerd wurdt om Johan Derksen." Dat seit Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop fan PvdA-GrienLinks. It Keamerlid die syn útspraken yn De Vrieske Wike by Omrop Fryslân. Folle leaver wol hy de skiednis yngean as de politikus dy't him ynsette foar betelbere hierwenningen en goed iepenbier ferfier. Oare gasten binne heechlearaar Amerikaanske Studies Jelte Olthof en PvdA-fraksjefoarsitter fan Ljouwert Mirka Antolovic....more50minPlay
November 01, 2024#5: De Vrieske Wike: "Laat Amelanders alsjeblieft hun traditie blijven spelen""Ik vind het jammer dat op deze manier de traditie van Ameland, het feest rondom Sunneklaas, in een slecht daglicht wordt gesteld. Laat Amelanders alsjeblieft hun traditie blijven spelen." Dat seit boargemaster Leo Pieter Stoel yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Hy reagearre dêrmei op de ophef dy't ferline jier ûntstie rûnom Sunneklaas, doe't in filmploech fan Powned it feest yn byld bringe woe. Fierder binne te gast Europarlementariër Raquel Garcia Hermida-Van der Walle en riedslid fan gemeente Ljouwert Carlijn Niesink....more49minPlay
October 25, 2024#4 De Vrieske Wike: "Onze democratische rechtstaat is veel meer in gevaar dan we ooit konden denken""Onze democratische rechtstaat is veel meer in gevaar dan we ooit konden denken." Dat seit Eef van de Wiel, deken fan de oarder fan advokaten yn Noard-Nederlân. Van de Wiel is te gast yn it programma om te praten oer har soargen rûnom de rjochtsteat. Sa neamt sy it praten oer de ynset fan de needwet 'absurd'. Ek wiist sy op politike lieders út Italië en Hongarije, dy't yn eigen lân rjochters belachelik meitsje. Har eangst is dat we yn Nederlân ek dy kant op gean. Fierder prate we mei deputearre Friso Douwstra oer gaswinning en skoot sjoernalist Auke Zeldenrust oan....more50minPlay
October 18, 2024#3 De Vrieske Wike: "We dogge krekt as ha we mar ien probleem yn Nederlân""Ik fyn dat it in diskusje wurdich is wêr we nei ta wolle mei demonstraasjes en tsjindemonstraasjes yn ús lân. Dan kin it net sa wêze dat je op sosjale media sette dat de boargemaster it lân mar út moat." Dat seit Twadde Keamerlid Aant Jelle Soepboer (NSC) yn yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Oare gasten yn it programma wiene âld-minister fan lânbou Hayo Apotheker en sjoernalist Onno Falkena. Presintaasje is yn hânnen fan Roelof de Vries....more49minPlay
October 11, 2024#2: De Vrieske Wike: "As lokale bestjoerder ha we te krijen mei dagkoersen fanút it kabinet""It liket wol of ha we te krijen mei dagkoersen fanút De Haach mei de ministers en steatssekretarissen yn dit kabinet. Al ha ik it idee dat de Twadde Keamer him al werom fluite hat hjiroer." Dat seit wethâlder Jelle Zoetendal fan Hearrenfean yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân oer útspraken fan steatssekretaris Chris Jansen. Te gast binne ek Piet Fortuin fan it fakbûn CNV oer it vroegpensioen en boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân oer de komst fan in azc yn Dokkum....more44minPlay
FAQs about De Vrieske Wike Podcast:How many episodes does De Vrieske Wike Podcast have?The podcast currently has 32 episodes available.