
Sign up to save your podcasts
Or


Yn dizze spesjale muzikale Kryst ôflevering pakke Sytze de Haan en Anne-Goaitske Breteler de mikrofoans nei in jier wer op. Oanlieding hjirfoar is it slim siikwêzen fan Anne-Goaitske’s heit. ‘Jezus wurdt berne en ik gean dea’, seit skilder, skriuwer en muzikant Gerrit Breteler. Hy skoot yn dizze ôflevering oan om iepenhertich oer in tema te praten dat gewoanwei taboe is: de dea.
De muzyk dy’t te hearren is:
1. London Chamber Orchestra – O Come All Ye Faithful
2. Gerrit Breteler – Katarsis (skreaun foar syn dochter)
3. Gerrit Breteler – Slotkoraal fan requiem Oer de Seedyk
4. Johann Sebastian Bach – Erbarme dich, mein Gott
5. Gerrit Breteler – Lit ús dêrom drinke
De boeken dêr’t wy it oer hawwe:
Marli Huijer – De toekomst van het sterven
Dirk de Wachter – Vertroostingen
Yn dizze podcast besykje Sytze de Haan en Anne-Goaitske Breteler om it Frysk wat tichteby te bringen. Gewoan, as freonen, mei in drankje derby. Dizze kear prate wy nóch better as de foarige ôflevering oer it tema 'lust'. We hâlde de boekjes derby, besprekke wat Mata Hari no eins by it ein hie en slute ôf my in afrodisiakum dy't noch lang hingjen bliuwt. As net... Harkje mar!
From the publisher's feed

246 Listeners