Keukenstafelpetearen

Keukenstafelpetearen

By Friduwih Riemersma & Abe de VriesSociety & CultureArts
Download on the App Store

Keukenstafelpetearen episodes

  • Wol keunst wier ferskaat?
    Ferskaat yn ’e keunst, lykas yn ’e wrâld, komt del op: wa stean wy ta syn stim hearre te litten? Nettsjinsteande de plenty post-Floyd ferskaatasaginda’s, it slagget de wite manlike sektor min en stean stil by oaren as sysels.
    38 min
  • In Ried foar de Keunst
    As yn elke perifery sit it Fryske keunstbestjoer beknypt tusken neoliberale druk en bedriuwseasken oan ’e iene kant, nasjonaalpopulistyske presje oan ’e oare en definiearret keunst as konkurrinsjekrêft – hoe byt de betterwittende boarger werom?
    47 min
  • Jo eigen libben fan gaos nei epos
    Autobiografy liket in oanberne sjenre: harkje nei wat my oerkaam! Mar ús begryp fan autobio is lyts: hoe wichtich is it ivich breklik ûnthâld, sykje selssuchtige poëten har eigen sublime en waans wierheid wurdt jûn, dy fan naasje, ‘ik’, of?
    49 min
  • Werom nei ús primitive wy-wêzen
    Werom nei de beanetún, de direkte sintúchlike ûnderfining meiinoar, is in artistyk klisjee fan Gauguin oant Heyboer. Want de gaos hjoed tsjutte, dêryn sjitte net allinne de letters, sifers en teoryen yn ús heechabstrakte wrâld tekoart – ek de akseptearre keunst.
    40 min
  • Keunst is altyd polityk
    Keunstners wjerspegelje de konkrete kondysjes fan alleman, stelle út en far in nije koerts, en rekke ús begryp fan moraliteit op. Gjin wûnder dat de notiidske definysje fan keunst as ‘moaie selsekspresje’ de kollektive taskôger út it sicht hâldt.
    41 min
  • It sweverige wurd ‘spiritualiteit’
    It begryp l’art pour l’art hat it fersloeren fuortbrocht fan de ynderlike needsaak fan keunst. Keunst is no in ferhannelber ding. Foar it publyk is keunst technyk en ambacht. Mar it wiere doel is hiel wat oars: sjoch keunst ris as spirituele honger.
    39 min
  • Gjin ynspiraasje of gewoan loai?
    Wa ken him net: de skriuwer talmjend om de typmasine want de artistike ynspiraasje wol net komme. Gean oerein en skep dat keunstwurk. Smyt dissipline dan ûnynspirearre poëzy op? Of leit yn it deistich skilderjen just de boarne fan ynspiraasje?
    41 min
  • Mimesis
    Wat is keunst? Dat it sa knap neitekene is dat it krekt echt liket, sizze mannichien en Plato. Mar knap tekenjen is ambacht. Easket keunst net mear? Of, imitearret keunst altyd, om’t wy no ienris keppelbisten, dus kopiearjende wêzens binne?
    41 min
  • Autonomy is in posysje ûnder fjoer
    It fers is in autonoom keunstwurk. Mar wat is autonoom? Net-autonome keunst is in stoel fan Gispen, of pseudopoëzy dy’t gjin frijheid siket. En as de keunstner sels kiest om politike, dus tapaste, fersen te skriuwen, is dat dan keunst?
    41 min

About Keukenstafelpetearen

From the publisher's feed

Keunst: wêr dogge jo dat foar? Wat set keunstners yn beweging? Wat ûntnochteret har, as se mei de kwast yn ’e knûst de wrâld ferbetterje wolle? Keunstners fertelle oer har wurk, libben en wêr’t it om…