Sign up to save your podcastsEmail addressPasswordRegisterOrContinue with GoogleAlready have an account? Log in here.
It waar, ien fan de ûnderwerpen dêr’t it measte oer praat wurdt. Foar de minsken dy’t ynteressearre binne yn mear as allinne de foarsizzing foar de kommende dagen, is der de PietCast. In podcast mei w... more
FAQs about PietCast:How many episodes does PietCast have?The podcast currently has 31 episodes available.
October 25, 2019Winter 2019/20: Hoe komt it Piet? (#21) Us waarman Piet Paulusma hat syn ljocht skine litten oer de kommende winter yn syn earste winterfoarsizzing. Yn dizze nije PietCast, de podcast fan Piet, praat Wim Brons der mei him oer troch. Spoilerke: It wurdt kâlder én wikselfalliger as oare winters. Mar hear wer nei in goeie tsien menúten ûntspannen waarpraat yn dit legedruk gebiet op ynternet: de PietCast!...more12minPlay
August 30, 2019Ekstreme simmer troch klimaatferoaring en it klimaatbelied (#20)Sa'n bytsje oan de ein fan dizze simmer is it tiid om Piet Paulusma wer ris even op te sykjen foar de PietCast. Yn Harns praat Wim Brons yn de tweintichste edysje fan de podcast mei Piet oer it útkommen fan syn simmerfoarsizzing. Ek hawwe beide mannen it oer it feroarjende klimaat en oer Piets twivels of alle feroaringen wol troch CO2 komme. En is der neffens Piet wol genôch draachflak foar alle maatregels dy't no op stapel steane? Fierder steane de ûnderwerpen tonger en bliksem op it programma en fansels wol Wim fan Piet witte hoe't it stiet mei 'de kopkes kofje mei mediabazen'. In lyts heal oerke ûntspannen waar- en klimaatpraat yn it lege drukgebiet op ynternet yn de tweintichste PietCast. Reaksje of fraach? Graach! We komme derop werom. Maile kin nei Wim Brons...more27minPlay
May 31, 2019Piet's simmerfoarsizzing 2019 (#19)Alle jierren komt Piet Paulusma mei in foarsizzing foar de simmer. Yn dit legedrukgebiet op ynternet, de PietCast, prate Piet en Wim diz'kear oer Piet's ferwachting foar dy simmer. Wurdt it wer sa'n ekstreme simmer as ferline jier? Yn de njoggentjinde PietCast sjocht Piet foarút op it waar de kommende simmer. De streamingspatroanen fan de ôfrûne winter en no yn de maitiid sjogge der hiel oars út as ferline jier. Dat hat er meinaam yn syn foarsizzing. Wér in kertierke legedruk waarpraat yn dizze 19e edysje fan de PietCast. Reaksje of fraach? Graach! We komme derop werom. Mailtsje kin nei Wim Brons...more18minPlay
March 19, 2019In sniebui?, mediastoarm en wetterpeil (#18)Yn dit legedrukgebiet op ynternet, prate Piet en Wim diz'kear oer de ferwachting foar de earste wiken fan April. Fierder drinkt Piet in soad kopkes kofje mei mediabazen yn it lân en liket it de goeie kant op te gean mei de grûnwetterstân. Gjin nijs? Dochs wol, altyd! En oars jou je je gewoan even del by wer in lyts kertier legedruk waarpraat yn dizze 18e edysje fan de PietCast. Reaksje of fraach? Graach! We komme derop werom. Maile kin nei Wim Brons...more14minPlay
February 28, 2019Maitiid yn febrewaris, mediashift én de Wetterskipsferkiezings (#17)Yn dizze 17de ôflevering fan de podcast oer it waar mei Piet Paulusma praat Wim Brons mei ús waarman fansels oer de rekôrds fan de ôfrûne dagen. Fierder hat Piet noch hieltyd de hannen fol oan de mediastoarm om syn fuortgean, ein dit jier by SBS6, hinne. En der wurdt praat oer de Wetterskipsferkiezingen. Piet is in grut fan fan it Wetterskip en kin it belang fan dy organisaasje net genôch klam jaan. Dochs bliuwt de fraach: moatte wy stimme en sa ja: wêrop dan? Stay tuned foar in lytse 20 minuten lege-druk-waarpraat! Reaksje of fraach? Graach. We komme derop werom. Maile kin nei Wim Brons....more19minPlay
January 16, 2019Winter, hoe komt it dermei? Wurdt it écht spannend de kommende wike? (#16)Aaaa, komt-ie der dan no, dy winter? Foar it wykein binne de ferwachtingen aardich ûnder 0 nachts. Mar dan? Set it troch? Wim Brons praat mei Piet Paulusma oer de achtergrûnen, fansels yn goeie sfear. Hear in goede tsien minúten nei de jannewaris edysje fan Omrop Fryslâns PietCast, de podcast fan ús waarman Piet Paulusma. Dizze podcast is publiseard op woansdei 16 jannewaris 2019 oan de ein fan de middei. Reaksje of fraach? Graach! We komme derop werom. Maile kin nei Wim Brons...more12minPlay
November 23, 2018-20 yn de media, de tocht, de winter en boaiemdelgong (#15)Yn de foarige PietCast sei Piet dat it wol -20 wurde koe dizze winter. Wim Brons, nea út op ûnnedige opskuor, relativearret soks en sette dat net yn de kop fan it berjocht as clickbait. In wike letter herhelle Piet syn -20 útspraak yn oare media en wienen de koppen yn sûkelaarje letters net fan de loft. Wim nimt yn dizze ôflevering mei Piet troch hoe't soks wurket en of hy wit dat sa'n -20 derút pikt wurde sil. Fierder mear oer de kommende winter, de eksakte datum fan de Alvestêdetocht en we hawwe it oer de fersnelde boaiemdelgong. Yn goeie sfear en ûntspannen fansels, want we hawwe de tiid: in lytse 20 menúten achtergrûnen-by-it-waar-praat. Stay tuned!...more18minPlay
October 26, 2018Sûnens, ekstremen en in tipke winter (#14)De earste PietCast nei de simmer. Heech tiid om by te praten nei de ekstremen, sawol yn it waar as op persoanlik flak. It waarbyld liket wer normale wearden te krijen; al is der noch in grut wettertekoart. En hoe dogge je dat: genietsje fan it moaie (nei)simmerwaar yn de wittenskip dat der dochs in tige ferûntrêstend patroan ûnder leit? Wat dogge de nijste berjochten fan it IPCC mei in professional as Piet? Ek sjogge wy al efkes foarút nei de winter. Mei watfoar oerwagingen yn de efterholle sjocht Piet it kommende seizoen temjitte?...more14minPlay
July 13, 2018Drûchte, de Simmer en plaatsjes draaie... (#13) Yn dizze lêste podcast foar de simmerfakânsje giet it oer fansels de drûchte en fansels de simmer. Wim Brons praat mei Piet breedút oer de achtergrûnen by it ekstreme waar. Wat ferwachtet Piet fierder fan de simmer? En hokker garânsjes kin hy dêr by jaan? De earste twa-en-in-heale menút geane oer it draaien fan plaatsjes. Dat hat Piet wer oppakt yn it programma fan Harm Weistra en ach, plaatsjes draaie is altyd noch leuk. Toch?...more11minPlay
June 06, 2018It waarme waar en Piets simmerfoarsizzing (#12)Tsja, it moaie waar fan maaie hâldt mar oan en it liket wol of fynt elk it mar gewoan! Wim nimt troch mei Piet: de waarmte, de simmer(foarsizzing) en de ekstremen. Hawwe we sa stadichoan ek kâns op tornado's? Sille hagelstiennen tanimme yn diameter mei de grutter wurdende ekstremen? En: keunstgers is te hyt. Hear nei in kertierke serieus praat oer it waar fan no op in gelokkich net hieltyd serieuze toan. ...more16minPlay
FAQs about PietCast:How many episodes does PietCast have?The podcast currently has 31 episodes available.