Yn ôflevering 13 prate wy mei takomstmakker Lysbeth Jongbloed.
It is eins in bysûndere podcast, omdat dizze hielendal yn it Frysk is.
It Frysk, de memmetaal dy’t, sa’t Lysbeth fertelt, ûnmisber is yn it ûnderwiis en de fakprofessional dy’t him of har trochûntwikkelet binnen én bûten de muorren fan Firda.
Dat slút moai oan by wendber en responsyf ûnderwiis, dêr’t persoanlike identiteit en beropsidentiteit net sûnder inoar kinne en inoar sels fersterkje.
Lysbeth hat as practor binnen Firda de moaie taak krigen om, út it inisjatyf Taalplan Frysk 2030 fan de provinsje Fryslân en it ûnderwiisfjild, de Fryske taal en kultuer wer stevich te ferankerjen yn it ûnderwiis.
Wy besprekke hoe’t taal identiteit en ynklusiviteit beynfloedzje en fersterkje kin, en hoe wichtich it soms is om de taal fan de regio te sprekken om echt oansluting te finen by de maatskippij.
Hoe moai is it om dizze podcast te belústerjen en ris nei te tinken oer watsto hjirfan fynst? En hoe’tsto sels ynfolling jaan kinst oan Taalplan Frysk 2030? Lit it foaral witte yn de reaksjes!
En wat noch moaier is… Nei de simmer geane wy, ûnder it genot fan in bakje kofje, mei Lysbeth om ’e tafel om in nije podcastsearje te lansearjen dêr’t it Frysk en de kultuer in grutte rol yn krije.
Mar dat… komt letter!
Nederlandse vertaling:
In aflevering 13 spreken we met toekomstmaker Lysbeth Jongbloed.
Het is eigenlijk een bijzondere podcast, omdat deze volledig in het Fries is.
Fries , onze moedertaal die, zoals Lysbeth vertelt, onmisbaar is in het onderwijs én de vakprofessional die zich blijft ontwikkelen binnen én buiten de muren van Firda.
Dit sluit mooi aan bij wendbaar en responsief onderwijs, waarin persoonlijke identiteit en beroepsidentiteit niet zonder elkaar kunnen en elkaar zelfs versterken.
Lysbeth heeft als practor binnen Firda de mooie taak gekregen om, vanuit het initiatief Taalplan Frysk 2030 van de provincie Fryslân en het onderwijsveld, de Friese taal en cultuur weer stevig te verankeren in het onderwijs.
We bespreken hoe taal identiteit en inclusiviteit kan beïnvloeden en versterken, en hoe belangrijk het soms is om de taal van de regio te spreken om echt aansluiting te vinden bij de maatschappij.
Hoe leuk is het om deze podcast te beluisteren en eens na te denken over wat jij hiervan vindt? En hoe jij zelf invulling zou kunnen geven aan Taalplan Frysk 2030? Laat het vooral weten in de reacties!
En wat nóg leuker is… Na de zomer gaan we, onder het genot van een bakje koffie, met Lysbeth om tafel om een nieuwe podcastserie te lanceren waarin het Fries en de cultuur een grote rol krijgen. Maar dat… komt later!