Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum episodes

  • It nijsfoarum fan 8 juny 2025
    We sitte yn in bestjoerleas lân, Fryslân stapt út de noardlike lobbyklup SNN en meie we no aanst ek net mear koppe? It binne in pear ûnderwerpen yn dit nijsfoarum. En dat we mei trije gasten. Piet fortuin, hy is foarsitter fan fakbûn CNV. Betty de Boer, âld twadde keamerlid en direkteur fan Spirits.nl. En fêst foarumlid en riedslid foar de FNP yn Ljouwert Jan Willem tuininga.
    50 min
  • It nijsfoarum fan snein 25 maaie 2025
    Hjoed te gast foarsitter fan VNO/NCW Noord Sieger Dijkstra, Hein Kuiken wethâlder fan de gemeente Ljouwert en Aukje de Vries, Twadde keamerlid fan de VVD. We besprekke gemeenten en Gaza, it stikstofdebat, SGP en froulju en betinke Hans Wiegel.
    49 min
  • It nijsfoarum mei Ina Sjerps, Maarten Goudzwaard en Habtamu de Hoop
    Yn it nijsfoarum dizze kear boargemaster Ina Sjerps fan Harns, Maarten Goudzwaard, fraksjefoarsitter fan JA21 yn Provinsjale Steaten en Habtamu de Hoop, Twaddekeamerlid fan GroenLinks-PvdA. Boargemaster Halsema fan Amsterdam spruts har dizze wike út  Gaza. Moatte gemeenten har wol bemuoie mei ynternasjonale polityk? De koalysje woe de hieren bevrieze. Mar is dêr wol goed oer neitocht? En it sikehus fan Snits leit in bom under de fuzje mei Hearrenfean en de plannen foar in nij sikehus op de Jouwer. Ferstannich of koartsichtich? Fierder: it opinystik fan Noardelike bestjoerders oer de Lelyline en it definitive ôfskied fan Pieter Omtzigt as lid fan de Twadde Keamer. Soe syn partij, NSC, dat wol oerlibje? 
    49 min
  • It Nijsfoarum mei Sybe Knol, Wieke Goudzwaard en Hendrik Atze van Doezum
    It nijsfoarum bestiet út deputearre Sybe Knol (FNP), CDA fraksjefoarsitter Wieke Goudzwaard fan Ljouwert en skiednisdosint Hendrik Atze van Doezum. Under lieding fan Geartsje de Vries prate se oer: - de nije beskermingsstatus fan de wolf - wol of net alkohol tastean yn de Prinsetún - Minister Faber dy't gjin útstapkes mear wol foar bern fan in AZC - De fiering fan 80 jier frijheid - memmedei en giftige blommen  
    50 min
  • It nijsfoarum fan 27 april 2025
    De kommende oere hearre we de mieningen fan trije foarumleden oer de nijsfeiten fan de ôfrûne wike. Hjoed te gast riedslid foar Nieuw Sociaal yn Sudwest Fryslan, Jacoline Engelmoer, Riedslid yn Ljouwert en direkteur fan Tumba Mirka antolovic en fêst foarumlid en riedslid yn Ljouwert, Jan Willem Tuininga. We beprate keningsdei, lintsjesrein, wenningbou, de paus en diskriminaasje.
    50 min
  • It nijsfoarum mei Harry Bevers, Dieuwke Bakker en Idske Koopmans
    It nijsfoarum bestiet op dizze 20ste april út VVD Twadde Keamerlid Harry Bevers út Ljouwert,BBB Steatelid Dieuwke Bakker út Menaam en Idske Koopmans út Heech, sunt 2022 fraksjefoarsitter fan GrienLinks yn Súdwest-Fryslan. Under lieding fan Jan Dirk de Haan diskusearje hja ûnderoaren oer it hommels opstappen fan Pieter Omtzigt út de NSC-fraksje, it resultaat fan 25 oeren nonstop ûnderhanneljen oer de maitiidsnota yn Den Haag, it stikken slaan fan it sparpotsje foar de Lelylijn en tsjustere wolken boppe yllegale boeren yn Fryslan.  
    50 min
  • It nijsfoarum mei Jouke van Dijk, Hanneke Goede en Bearn Bilker
    It nijsfoarum wurdt foarme troch twa mannen en ien frou: Hanneke Goede, steatelid foar de SP, Bearn Bilker, âld boargemaster en Jouke van Dyk, heechleraar Regionale Arbeidsmerkanalyse oan de RUG en foarsitter fan de Sociaal Economische Raad Noord Nederland. Under lieding fan Geartsje de Vries prate de trije gasten oer de handelsoarloch, bern thús hâlde fan skoalle, de djoere boadskippen, aksjefiere troch XR en oer ynfestearringen fan de NOM, de Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij.  
    39 min

About Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

From the publisher's feed

Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte trije opinymakkers oan tafel om oer aktuele saken te praten. Faak binne dat gasten dy't wurksum binne yn de polityk of yn in belangeorganisaasje en it binne ek…