Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum episodes

  • It nijsfoarum mei Habtamu de Hoop, Maarten Goudzwaard en Maaike Prins
    It nijsfoarum bestiet dizze kear út steatelid Maarten Goudzwaard (JA21), wethâlder Maaike Prins fan Noardeast Fryslân en keamerlid Habtamu de Hoop (Grien Links/PvdA). Sy prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de twatalige ferkearsboerden yn ús provinsje, it busferfier dat sûnt 15 desimber troch QBuzz útfierd wurdt en dat noch net goed rint, de ynauguraasje fan Trump, de drokte en wurkdruk fan in wethâlder en oer kearnenerzjy want JA21 fynt dat der yn Fryslân in lytse, moderne kearnsintrale komme moat.
    47 min
  • it nijsfoarum mei Harry Bevers, Hetty Jansen en Ton van der Laan
    It lêste nijsfoarum fan 2024 bestiet út twadde keamerlid Harry Bevers (VVD), earste keamerlid Hetty Jansen (GroenLinks/PvdA) en polityk sjoernalist Ton van der Laan fan de LC. It petear oan tafel giet oer de oergong fan Arriva nei Qbuzz de asylplannen fan minister Faber wol of net social media foar jongeren ûnder de 16 jier ferbiede jild foar de Lelyline brûke foar de oanlis fan de Nedersaksenlijn en we sjogge werom op 2024. Wat wie dat foar jier en wat hoopje we foar 2025?
    48 min
  • It nijsfoarum fan 14 desimber
    Yn it nijsfoarum besprekke CDA riedslid Wieke Gouzwaard, steatelid en fraksjefoarsitter fan de VVD yn  de steaten Eric ter Keurs en foarfjochter fan de belangen fan omwenjenden fan de fleanbasis yn Ljouwert de aktualiteiten fan de ôfrûne wike.
    50 min
  • It Nijsfoarum mei Tom van Mourik, Sandra de Jong en Hendrik Galema
    Trije Fryske opinymakkers besprekke it nijs fan de wike út de provinsje en de rest fan 'e wrâld. Mei hjoed oan tafel: - Hendrik Galema, foarsitter Agrarische Jongeren Fryslân; - Tom van Mourik, VVD-pommerant en âld-boargemaster; - Sandra de Jong-Snip, fraksjefoarsitter Provinciaal Belang Fryslân en ELP-riedslid yn Smellingerlân.
    50 min
  • It nijsfoarum mei Habtamu de Hoop, Tjitte Hemstra en Geeske Holtrop-Hoekstra
    Yn it nijsfoarum sitte dizze kear: Habtamu de Hoop, twadde keamerlid foar Grien Links/PvdA Tjitte Hemstra, steatelid foar de FNP Geeske Holtrop-Hoekstra, fraksjefoarsitter Kleurrijk de Fryske Marren (ferbûn mei de BBB) De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de besunigings fan 2 miljard op it ûnderwiis, it Masterplan foar de Lelyline, de foarnommen fúzje fan de sikehuzen yn Snits en it Hearrenfean en oer de social media.   
    48 min

About Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

From the publisher's feed

Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte trije opinymakkers oan tafel om oer aktuele saken te praten. Faak binne dat gasten dy't wurksum binne yn de polityk of yn in belangeorganisaasje en it binne ek…