Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum episodes

  • It Nijsfoarum mei Durk Durksz, Aant-Jelle Soepboer en Harry Bevers
    Under lieding fan Geartsje de Vries prate trije politisy oer it nijs fan de ôfrûne wike: Trump wurdt opnij presidint fan Amearika Der komt net in saneamd MIRT ûndersyk nei de Lelyline en hoe komt it dan mei sa'n ûndersyk nei de farferbining nei it Amelân? In pogrom waard it neamd: geweld tsjin supporters fan de Israelyske fuotbalklup Maccabi Tel Aviv minister Faber ûnder fjoer yn de keamer fanwege de asielplannen Wethâlder Durk Durksz fan Opsterlân en de twadde keamerleden Aant-Jelle Soepboer (NSC) en Harry Bevers (VVD) binne de foarumleden  
    50 min
  • it nijsfoarum mei Abel Kooistra, Wieke Goudzwaard en Hetty Jansen
    It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Grien Links/PvdA earste keamerlid Hetty Jansen, CDA fraksjefoarsitter yn'e ried fan Ljouwert Wieke Goudzwaard en deputearre Abel Kooistra. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de klimaatdoelen foar 2030 dy't nei alle gedachten net helle wurde, de asyldeal mei de asylneedmaatregelenwet en de rebûlje oer de ROL, de Regionale Opvang Lokatie yn Ljouwert.  
    47 min
  • It nijsfoarum mei Habtamu de Hoop, Dieuwke Bakker en Jan-Willem Tuininga
    It nijsfoarum fan Buro de Vries, dizze kear mei PvdA Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop; steatelid Dieuwke Bakker fan de BBB yn Fryslân en Jan Willem Tuininga, riedslid foar de FNP yn de gemeente Ljouwert. Under lieding fan Jan Dirk de Haan giet it ûnderoaren oer dagenlang swier fjoerwurk, branstifting en in grutte bek yn Noorderhoek yn Snits.Mar ek oer de maksimum snelheid, fan 100 nei 130 kilometer yn de oere op de ofslutdyk. Goed idee of net? En in eksplosive tweet fan Wilders oer  Palestinademostraasjes yn de stêd fan boargemaster Halsema: it safolste reltsje yn Den Haag? Of ûnderdiel fan in grutter plan?
    48 min
  • It nijsfoarum mei Jeffrey Graansma, Gryte Schaafstal en Avine Fokkens
    It nijsfoarum fan Buro de Vries, mei PVV steatelid Jeffrey Graansma, PvdA fraksjefoarsitter yn de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân Gryte Schaafstal en boargemaster Avine Fokkens fan it Hearrenfean. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries ûnderoaren oer asylsikersintra, oer it winnen fan gas en eveneminten sûnder plysje ynset. Wie de BetCity Alvestêdetocht fan ôfrûne wike it bewiis dat in grut evenemint ek kin sûnder grutskalige plysjeynset? 
    50 min
  • It nijsfoarum mei Mirka Antolovic, Piet Fortuin en Aukje de Vries
    It nijsfoarum fan Buro de Vries mei VVD twaddekeamerlid Aukje de Vries, CNV foarsitter Piet Fortuin en PvdA gemeenteriedslid Mirka Antolovic.  De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de troanrede, de algemiene skôgings, de asylneedwet, it funksjonearjen fan premier Schoof en Oekraynske manlju dy't flechten binne en hjir yn de opfang sitte. Moatte dy werom nei har lân om te fjochtsjen?     
    44 min
  • It Buro de Vries Nijsfoarum fan 15-09-24
    Hjoed as gasten oan tafel: *Natalie Nauta, fraksjefoarsitter fan de BBB yn de Fryske steaten, *Ton van der Laan, parlemintêr ferslachjouwer fan de Ljouwerter Krante en *Wieke Goudzwaard, CDA-fraksjefoarsitter yn de gemeenterie fan Ljouwert.
    50 min
  • It nijsfoarum fan Buro de Vries op 30 juny
    Yn it nijsfoarum besprekke we de aktualiteit fan de ôfrûne wike. We hawwe it dizze kear oer it nije kabinet, wat foar polityk jier ha we achter de rêch. Sille we Rutte misse en kin Biden noch wol presidintskandidaat bliuwe. En fansels de alderbelangrykste bysaak yn it libben; hoe komt it mei Oranje op it EK? De foarumleden binne: Ton van der Laan - sjoernalist LC Friso Douwstra -deputearre Femke Molenaar - riedslid Grien Links yn Ljouwert
    53 min

About Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

From the publisher's feed

Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte trije opinymakkers oan tafel om oer aktuele saken te praten. Faak binne dat gasten dy't wurksum binne yn de polityk of yn in belangeorganisaasje en it binne ek…