Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum episodes

  • It Nijsfoarum fan 23 juni 2024
    It Nijsfoarum mei oan tafel: - Piet Fortuin, lanlik foarsitter CNV; - Edou Hamstra, frakjsefoarsitter PvdA yn de Fryske Steaten; - Hendrik Atze van Doezum, skiednis-dosint / PodCast-producer "Vrienden van het onderwijs".
    50 min
  • It nijsfoarum mei Aant Jelle Soepboer, Immie Jonkman en Yntze de Vries
    It nijsfoarum fan Buro de Vries mei twadde keamerlid foar de NSC Aant Jelle Soepboer, Arcadia direkteur Immie Jonkman en Yntze de Vries, fraksjefoarsitter fan de ELP (Earste lokale partij) yn Smellingerlân.  De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer it nije kabinet, de ûntslaggen by Philips en it 75-jierrich jubileumfeest, rebûlje yn de gemeenteried fan Smellingerlân en besunigings op taal en kultuer. 
    48 min
  • It nijsfoarum fan Buro de Vries
    Yn it nijsfoarum besprekke we de aktualiteiten fan de ôfrûne wike. Sa ha we it oer de Europeeske ferkiezings, de besunigings op kulturele organisaasjes yn Fryslân, de BTW ferhegings dy't oankondige wurde yn it haadline-akkoart en wenningbou yn Fryslân. De foarumleden binne Abel Kooistra, steatelid foar BBB, Thom Smit, jonge SP'er en Onno Falkena, sjoernalist by Omrop Fryslân.
    51 min
  • It Europa-Nijsfoarum fan 2 juni 2024
    Fanwege de ferkiezingen foar it Europeesk Parlemint fan 6 juni, in spesjaal Europa-Nijsfoarum. Mei oan tafel: VVD-europarlemintariër Jan Huitema; D66-kandidaat Raquel Garcia Hermida-van der Walle; en Otto van der Galiën, riedslid yn Ljouwert foar Lijst 058 en âld-wetterskipsbestjoerder en -steatelid. En kritysk folger fan Europa.
    48 min
  • It nijsfoarum mei Jan-Willem Tuininga, Hetty Janssen en Renske van der Tempel
    It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Jan-Willem Tuininga, fraksjefoarsitter fan de FNP yn de gemeenteried fan Ljouwert, Hetty Janssen, earste keamerlid foar GrienLinks/PvdA en Renske van der Tempel bestjoerskundige oan de Thorbecke akademy. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer it keamerdebat dat fierd is oer it koälysjeakkoart en fansels komt dan ek de fraach foarby wa't de nije premier wurde moat. Fierder wurdt der diskussearre oer hoe't de klimaatferoaring oanpakt wurde moat, komt de nije adopsjewet ter sprake en Hetty Janssen komt mei in tip om it grutte tal slakken oan te pakken.    
    45 min
  • It Nijsfoarum fan 12 maaie 2024
    It Nijsfoarum fan 12 maaie 2024 mei hjoed oan tafel: Tjebbe van der Meer, CDA-fraksjefoarsitter Smellingerlân; Alice van Gosliga-Faber, BBB-fraksjefoarsitter Wetterskip Fryslân; Douwe Beimin, PAS Fryslân, (Platform Armoede en Schulden)
    52 min
  • It nijsfoarum fan 5 maaie: Jan-Willem Tuininga, Auke Zeldenrust en Jasmijn Bottema
    It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Jan Willem Tuininga, fraksjefoarsitter fan de FNP yn de gemeenteried fan Ljouwert, Auke Zeldenrust, sjoernalist, skriuwer, dosint en teätermakker en Jasmijn Bottema, 18 jier en fraksjemeiwurker foar D66 yn de steaten. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de 4 maaie betinking en de eangst foar fersteuring, demonstraasjes fan studinten tsjin Israël, it wol of net omleechbringen fan de leeftiid by it stimmen fan 18 nei 16 jier. Fierder ha alle foarumleden ek in eigen ûnderwerp dat se nei foaren bringe.  
    47 min
  • It nijsfoarum fan snein 28 april
    Yn it nijsfoarum besprekke  Hendrik Galema, jonge boer en foarsitter fan it Nederlands Agrarisch Jongeren Kontakt. Mirka Antolovic, direkteur fan Tûmba en riedslid foar de PvdA yn Ljouwert en Wieke Goudzwaard, ek riedslid, mar foar it CDA yn de Fryske haadstê it nijs fan de ôfrûne wike. ûnderwerpen binne ûnder oaren: de problemen yn de lânbou, pfas, joadehaat, lintsjesrein en wylde katten.
    50 min
  • It Nijsfoarum mei Abel Kooistra, Albert van der Ploeg en Anne Merkuur
    It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Abel Kooistra, fraksjefoarsitter BBB yn de steaten, Albert van der Ploeg, foarsitter Noardelike Fryske Wâlden en Anne Merkuur, fraksjefoarsitter Grien Links/PvdA yn de Fryske Marren en universitêr dosint Frysk oan de RUG en ûndersiker by de Fryske Akademy. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de nije bestjoersôfspraak Frysk, it krewearjen fan boeren foar de greidefûgels, gebietsbudzjetten dy't net trochgean en it 80-jierrich befrijingsfeest dêr't Deputearre Steaten folle minder jild foar útlûke wol as wer't op rekkene wie.
    48 min

About Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

From the publisher's feed

Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte trije opinymakkers oan tafel om oer aktuele saken te praten. Faak binne dat gasten dy't wurksum binne yn de polityk of yn in belangeorganisaasje en it binne ek…