Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum episodes

  • It nijsfoarum mei Hendrik Atze van Doezem, Marga Waanders en Piet Fortuin
    It nijsfoarum fan Buro de Vries mei boargemaster Waanders fan Waadhoeke, skiednisdosint Hendrik Atze van Doezem en CNV bestjoerder Piet Fortuin. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de spriedingswet, arbeidsmigranten, ûntslaggen en ûnrêst op de arbeidsmerk, it sluten fan drugspanden en it tillefoanferbod op skoalle.
    37 min
  • It nijsfoarum fan Buro de Vries
    Yn it nijsfoarum beprate Avine Fokkens, boargemaster fan Hearrenfean, Habtamu de Hoop, Twadde Keamerlid foar Grien Links/PvdA en Onno Falkena, sjoernalist by Omrop Fryslân de aktualiteiten fan de ôfrûne wike. We hawwe it oer asylproblematyk en de spriedingswet, It Frysk as universitaire stúdzje en amtners dy't harren miening  ekstern diele.
    43 min
  • it Nijsfoarum mei: Joyce Walstra, Edou Hamstra en Abel Kooistra
    It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Joyce Walstra, foarsitter fan MKB Noord, Edou Hamstra fraksjefoarsitter fan de PvdA yn provinsjale steaten en Abel Kooistra, fraksjefoarsitter fan BBB yn provinsjale steaten.  De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer aktivistyske amtners, it autolij meitsjen fan stedssintra en it ekstreme wiete waar fan de ôfrûne tiid. It nijsfoarum wurdt foarôfgien "En no jo!", in rubryk werby't immen syn of har miening jout oer in bepaald ûnderwerp. Dizze kear is dat âld FNV bestjoerder Anne van Dijk. Hy fynt dat der yn de media fierst te negatyf oer de fergrizing berjochte wurdt en wol dat der mear klam lein wurdt op de wearde dy't âldere minsken hawwe foar ús maatskippij.
    44 min
  • It nijsfoarum 17 desimber
    Eilanperikelen, in Fries op it eurovisiesongfestival en spreidingswet wol of net. Dat daliks yn it nijsfoarum, mei net de minsten. Boargemaster Fred Veenstra fan de Fryske Marren, Ina Sjerps fan de gemeente Harns en Gerard van Klaveren, âld deputearre en âld-boargemaster fan Weststellingwerf en It Amelân besprekke dizze ûnderwerpen.
    48 min
  • It nijsfoarum fan 10 desimber 2023
    Te gast yn it nijsfoarum fan Buro de Vries binne dizze kear: Avine Fokkens (boargemaster fan Hearrenfean en âld-VVD-deputearre), Otto van der Galiën (fraksjefoarsitter Lijst058 Ljouwert) en Tjitske Veenstra (fraksjefoarsitter GrienLinks Achtkarspelen).
    47 min
  • It Nijsfoarum mei Sjoerd Galema (CDA), Jan Willem Tuininga (FNP) en Sippy van der Meer (PvdA)
    It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Jan-Willem Tuininga, gemeenteriedslid foar de FNP yn Ljouwert, Sippy van der Meer, gemeenteriedslid foar de PvdA yn de Fryske Marren en Sjoerd Galema, CDA pommerant en lid fan it algemien bestjoer fan it wetterskip.  De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de foarming fan in nije regearing, asylsikers en carbidsjitte. It nijsfoarum wurdt foarôfgien troch it wikeoersjoch.  
    45 min
  • It nijsfoarum debat
    Dizze wiken ha we it nijsfoarum ynromme foar Fryske kandidaten foar de Twadde Keamerferkiezings. We giene fan lyts nei grut, of yn elk gefal de ferwachtings dêrfoar. En dat betsjut dat hjoed by my yn 'e studio trije kandidaten sitte dy't it yn de peilingen sa dogge dat se by de grutten hearre. En dizze trije kandidaten stean dêrmei ek nochris op in ferkiesber plak. It binne Aant Jelle Soepber, de nûmer 7 fan Nieuw Sociaal Contract, Aukje de Vries , de nûmer 8 op de list fan de VVD en Habtamu de Hoop, de nûmer 12 op de list fan de PvdA\Groen Links.
    45 min

About Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

From the publisher's feed

Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte trije opinymakkers oan tafel om oer aktuele saken te praten. Faak binne dat gasten dy't wurksum binne yn de polityk of yn in belangeorganisaasje en it binne ek…