Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum episodes

  • Nijsfoarum: Raquel García Hermida, Jan-Willem Tuininga en Jacob IJsselstein
    It Nijsfoarum fan 18 juny 2023, mei yn dizze útstjoering Raquel García Hermida, 'Europeaan yn Fryslân' en op kampanje om foar D66 yn it Europeesk parlemint te kommen, Jan Willem Tuininga, de fraksjefoarsitter FNP Ljouwert en Jacob IJsselstein, lid fan it lanlik bestjoer fan BBB Jong. It petear gie oer it lânbou-akkoart en de pykbelestersregeling, mar ek oer migraasje en it klimaat. Fierder kaam it belûken fan jongelju by de polityk oan bar en de mooglikheden en útdagingen fan Europa.
    45 min
  • Nijsfoarum Buro de Vries
    Yn it nijsfoarum te gast Irene Overduin, sjoernalist fan de LC, Paul Schoute, wethâlder foar de VVD yn Harns en Romke de Jong, twadde keamerlid foar D'66. We hawwe it oer Rutte, gaswinningsdebatten, fargeulen earmoed en migrantedeals.
    48 min
  • it Nijsfoarum mei Harry Oosterman, Tjeerd van der Zwan en Sybe Knol
    It Nijsfoarum fan Buro de Vries praat oer aktuele saken. Lykas de asylsikersproblematyk, de Earste Keamer ferkiezingen, de wolf, it ûntwiken fan it beteljen fan belesting, bedrigings op Twitter en supportersgeweld.Yn it foarum sitte boargemaster Tjeerd van der Zwan fan it Hearrenfean, âld boargemaster Harry Oosterman en FNP fraksjelieder en steatelid Sybe Knol. 
    50 min
  • Nijsfoarum 21 maaie
    Yn it nijsfoarum besprekke gastfrijheidsekonoom en hoarakaûndernimmer Geesje Duursma, PvdA-Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop en wethâlder Durk Durksz fan Opsterlân it nijs fan de ôfrûne wike. We hawwe it oer it útstelde lânbou-akkoart, de agresje op de dyk en yn de stadions en de takomst fan de hoareka. 
    47 min
  • It nijsfoarum fan Buro de Vries 7 maaie
    Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries beprate CNV foarsitter Piet Fortuin, MKB Noord foarsitter Joyce Walstra en Harry Bevers, twadde keamerlid foar de VVD it nijs fan de ôfrûne wike. De ûnderwerpen: stakingsgolf, betinkingen, en Zelensky.
    48 min
  • It nijsfoarum mei Frank Petersen, Betty de Boer en Maarten Goudzwaard
    It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Frank Petersen fan de Waadferiening, Betty de Boer, Friezinne om utens en âld VVD twaddekeamerlid en Maarten Goudzwaard, steatelid foar JA21 De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de eareskuldregeling foar Grinslân, de klimaatdoelen fan minister Jetten en de ynstream fan asylsikers. It nijsfoarum wurdt foarôfgien troch it wikeoersjoch.
    48 min
  • Nijsfoarum Buro de Vries 23 april
    Yn it nijsfoarum binne te gast Mirka Antolovic, direkteur fan Tumba en riedslid foar de PvdA yn Ljouwert. Jan Willem Tuininga, riedslid foar de FNP yn Ljouwert en Albert van Dijk, steatelid foar Forum voor Democratie. Se prate oer omkearde flagen, grinsoerskridend gedrach nei oanlieding fanklachten oer minister Dennis Wiersma en komplotteorieën.
    47 min
  • It nijsfoarum fan Buro de Vries 9 april 2023
    Yn it nijsfoarum besprekke âld boargemaster fan Harns Roel Sluiter, Twadde Keamerlid foar de VVD Harry Bevers en Omrop sjoernalist Onno Falkena it nijs fan de ôfrûne wike. De formaasje yn de provinsjale steaten, hoe stiet it kabinet derfoar en wêr komt de maatskiplike ûnrêst wei? 
    41 min
  • It nijsfoarum mei Habtamu de Hoop, Hendrik Sijtsma en Tineke de Vries
    It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Habtamu de Hoop, twadde keamerlid foar de PvdA, Tineke de Vries, foarsitter fan de LTO fakgroep ikkerbou en follegrûnsgriente en Hendrik Sijtsma, CDA wethâlder yn Harns.  De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de koälysjefoarming yn de Fryske steaten, de 'pauze' dy't de regearing nimt yn it stikstofdossier, de Tallshipsraces yn Harns, it lânbouakkoart en Thialf. It nijsfoarum wurdt foarôfgien troch it wikeoersjoch.
    47 min

About Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

From the publisher's feed

Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte trije opinymakkers oan tafel om oer aktuele saken te praten. Faak binne dat gasten dy't wurksum binne yn de polityk of yn in belangeorganisaasje en it binne ek…