Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum episodes

  • It nijsfoarum mei Tjeerd de Groot (D66), Mariska Rikkers (BBB) en Max Aardema (PVV)
    Yn de wiken foar de ferkiezings skowe Fryske kandidaatkeamerleden oan om te praten oer de ferkiezingtéma's dy't foar Fryslân fan belang binne. De kleau tusken Rânestêd en regio, mobiliteit, besteanssekerheid en klimaat komme oan 'e oarder. En ek de persoanlike redenen fan Tjeerd de Groot, Mariska Rikkers en Max Aardema om foar de partij te kiezen dêr't se no foar op de list stean. Fierder giet it oer de bedrigingen en skeldpartijen dy't twadde keamerleden hjoed-de-dei krije en de ynfloed dy't dat hân hat op harren beslissing om har ferkiesber te stellen.  
    48 min
  • It nijsfoarum fan 29 oktober 2023
    Yn it nijsfoarum beprate we dizze wike de sitewaasjes yn Gaza, de misstannen yn Woodbrookers en de ferkiezingsspanning mei gasten:   Nathalie Kramers - wethâlder gemeente Ljouwert en wethâlder Sosjaal Domein gesamelike gemeentes Harry Bevers - Twadde Keamerlid foar de VVD en nûmer 27 op de list foar de kommende ferkiezings Rieks Osinga - bestjoerskundige en wurksum op de Thorbecke Academie
    42 min
  • it Nijsfoarum mei Tom van Mourik, Wieke Goudzwaard-Wiersma en Aant Jelle Soepboer
      It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Aant Jelle Soepboer, kandidaat twaddekeamer lid fan Nieuw Sociaal Contract, de nije partij fan Pieter Omtzigt, Wieke Goudzwaard-Wiersma (CDA fraksjefoarsitter yn de gemeenteried fan Ljouwert) en Tom van Mourik, âld boargemaster en VVD politikus.  De trije foarumleden prate ûnder lieding fan René Koster oer de oarloch yn Gaza, de kommende twadde keamerferkiezings en mobiliteit.It nijsfoarum wurdt foarôfgien troch it wikeoersjoch.  
    47 min
  • It nijsfoarum fan Buro de Vries 1 oktober 2023
    Yn it nijsfoarum besprekke (demissionêr) steatssiktaris Aukje de Vries, PvdA steatelid Jaap Stalenburg en foarsitter fan de FNP Jan Arendz de aktualiteiten fan dizze wike. We hawwe it oer Kampanjes, plysje-ynset, Ajax en kearnenerzjy.  
    49 min
  • It Nijsfoarum mei Habtamu de Hoop, Sieger Dijkstra en Age Hartsuiker
    It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Habtamu de Hoop, twadde keamerlid foar de PvdA, Sieger Dijkstra, foarsitter fan VNO-NCW Noord en Age Hartsuiker, fraksjefoarsitter fan Heerenveen Lokaal yn de gemeenteried fan Hearrenfean.  De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer besteanssekerheid, klimaatprotesten en it iepenbier ferfier. 
    41 min
  • It Nijsfoarum mei Habtamu de Hoop, Age Hartsuiker en Sieger Dijkstra
      It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Habtamu de Hoop, twadde keamerlid foar de PvdA, Sieger Dijkstra, foarsitter fan VNO-NCW Noord en Age Hartsuiker, fraksjefoarsitter fan Heerenveen Lokaal yn de gemeenteried fan it Hearrenfean.  De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer it iepenbier ferfier, de klimaatkrisis, in AZC yn de Fryske Marren/it Hearrenfean en wenningneed. 
    41 min
  • Nijsfoarum Buro de Vries 25 juny 2023
    Mei gasten Edou Hamstra, jo witte wol, de frou dy't de stekker luts út it koalysje-akkoart en de rest yn ferbjustering achterliet. Onno Falkena, ús polityk ferslachjouwer en duider en ûndernimmer en fêst foarumlid Jenny Douwes.   de klapte koalysje-ûnderhannelings de sikehûsplannen yn Fryslân (ien grut sikehûs by de Jouwer en Snits en Hearrenfean ticht op termyn) it opstappen fan Dennis Wiersma it lânbou-akkoart klapt Maarten van der Weijden Private ûnderseeboatsjes, soene jim der yn wolle?  
    48 min

About Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

From the publisher's feed

Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte trije opinymakkers oan tafel om oer aktuele saken te praten. Faak binne dat gasten dy't wurksum binne yn de polityk of yn in belangeorganisaasje en it binne ek…