De toan fan fan 'e moarn

De toan fan fan 'e moarn

By Omrop FryslânNews
Download on the App Store

De toan fan fan 'e moarn episodes

  • De toan fan Froukje Sijtsma: "Goare praktiken yn in himmelsk hûs"
    "It fielt wat dekadint, mar ik haw sûnt koart wer in ynterieurfersoargster. Jierrenlang hâlde ik mysels foar dat ik it sels wol koe, mar de groeiende kalklaach op myn glêzen douchewand fertelt my toch echt in oar ferhaal. Op dit stuit haw ik de 21-jierrige Maartje oan de himmel. Se hat no trije kear west en ik haw noch gjin kommintaar op har hân. Dat hat wolris oars west. Ik haw al ferskillende skjinmaksters hân en dy hâlden der bytiden bysûndere wurkwizen op nei."
    4 min
  • De toan fan Jan de Groot: "Kassettebandsy"
    "Op 't bândsy staat 'n intervjoe met Lennon, is te horen hoe't-y gitaar speult en de nummers Give Peace a Chance en Radio Peace singt. De opname duurt 'n half uur en is in 1970 maakt deur fier sestynjarige Deense tieners foor de skoalkrant. Ongelooflik... Dat soks 50.000 euro opleverd. Ik kin der niet bij. Dat je soafeul sinten over hewwe om dut an te skaffen. Dan motte je ècht met je sinten ferlegen weze, souwen je sêge."
    3 min
  • De toan fan Froukje Sijtsma: "Fryslân as ynvestearringsparadys"
    "Fryslân, in prachtoard dat foar Jan Modaal aanst net mear te beteljen falt. Is dat it Fryslân dat wy yn 2018 noch grutsk delset as magysk plak dêr't je Mienskip fine koenen? In oaze fan rêst en romte, dêr't je elkoar ferhalen fertelden en dêr't freonskippen sletten waarden? Nee, net mear. Fryslân is noch wol in paradys, mar dan in ynvestearringsparadys, dêr't makelrs en projektûntwikkelders grof jild fertsjinje kinne."
    5 min
  • De toan fan Jan de Groot: "Ferkeershufters"
    "Ferkeershufters motte se flink anpakke. Ik fyn 'n hele hoge geldboete niet eens 'n goeie straf. Ni, slút die idioaten 'n paar maanden op, laat hur tidens dat ferblyf alle dagen de meeste freeslike beelden sien fan ongemakken die't deur hufters, soa't sij binne, feroorsaakt binne. Meskien 'geneest', tussen anhalingstekens, hur dut."
    3 min
  • De toan fan Henk van der Veer: "Poep & Patat"
    ""Jonges ik kan tovere, ik kan fan broad strònt make!" Su'n flau skoalmeestersgrapke deed ut bij de kyndes altyd goëd. Súkses fersekerd. Mar sinds ik foarege week 3x ut Nij Talint Orkest fan Guus Pieksma en Annewiep Bloem presenteare mocht weet ik dat je met poep tovere kanne!"
    5 min
  • De Toan fan Joana Duarte: Symboalpolityk?
    Kommende snein de 26ste is it wer Europeeske Taledei. De Ried fan Europa wol dêrmei meartaligens yn Europa befoarderje en it ferskaat oan talen fiere, om sa it ynterkulturele begryp dat wy foar elkoar hawwe te fergrutsjen. Wa kin dêr op tsjin wêze? No't de koroanamaatregels it wer talitte, sil in dei earder, op 25, de betinking fan de slach by Warns, in stilstean by de Fryske frijheid en in symboal fan de Fryske identiteit, gelokkich ek wer trochgean kinne.
    5 min

About De toan fan fan 'e moarn

From the publisher's feed

Yn 'De toan fan fan 'e moarn' litte de fiif kollumnisten fan it radioprogramma Fryslân fan 'e moarn har alle dagen fan de wurkwike hearre. Har kollums binne op Spotify as podcast te beharkjen.…