Sign up to save your podcastsEmail addressPasswordRegisterOrContinue with GoogleAlready have an account? Log in here.
Podcast searje fjouwer: 'Fan binnenút, meisjen by Tryater' De natuer spilet in grutte rol yn de foarstelling Under Wetter fan Tryater. Nei oanlieding fan it programma 'Fan binnenút, meisjen by Tryater... more
FAQs about Fan binnenút Podcast:How many episodes does Fan binnenút Podcast have?The podcast currently has 16 episodes available.
May 01, 2022Fan binnenút: Under WetterDe natûr spilet in grutte rol yn Under Wetter dat giet oer de takomst fan de iisbanen no't we hieltyd minder faak iis ha. De teatermakkers ha praat mei saakkundigen. Hoe reëel is it skript?...more26minPlay
September 06, 2021Fan Binnenút, spesjal selsdeading #3"Minsken skamje har faak foar suïsidale gedachten" Yn dizze podcastspesjal oer selsdeading komme yn trije ôfleveringen de neibesteande, de erfaringssaakkundige en de psychiater oan it wurd. Diel 3, psychiater Agnes de Groot. Prate. Dat helpt. Freegje. Dat helpt. Freegje oft ien gedachten oan de dea hat. Dat is lestich, want faak skamje minsken har derfoar. En se moat sels ek wol in drompel oer as it giet om minsken yn har eigen omjouwing. Dochs stelt se privee ek faker dizze fragen, omdat se út har wurk wei wit watfoar ferskil oft it meitsje kin. Se wurket in soad mei minsken dy't suïsidaal binne en nee, se leit net wekker fan it wurk. Ek al hat se as professional wol in emosjonele bân mei har pasjinten. En leit se wol wekker as ien himsels tekoart dien hat. Se soe graach wolle dat it gedrach te foarsizzen wurdt, mar dêr is noch folle mear ûndersyk foar nedich. ...more33minPlay
September 06, 2021Fan Binnenút, spesjal selsdeading #2"Ik fielde my sa waardeloos" Yn dizze podcastspesjal oer selsdeading komme yn trije ôfleveringen de neibesteande, de erfaringsaakkundige en psychiater oan it wurd. Diel 2, erfaringssaakkundige Jan Kuipers. Hy rekke syn baan kwyt en sakke almar fierder fuort. Foar syn opname wie er al ferskate kearen nei it spoar riden, hie er nei in flat west en oan it wetter stien. Hy waard opnommen. Doe is him ien fraach steld dy't him holpen hat. Jan is bliid dat er hjir noch is, want hy fynt dat it libben doel hat. Ek al is it net altyd like maklik. En fynt er it wier wol dreech om wer op te stean. Mar de gedachte dat hy as erfaringssaakkundige no foar oare minsken fan wearde wêze kin, helpt him. ...more35minPlay
September 06, 2021Fan Binnenút, spesjal selsdeading #1"Dit hiene we noait, noait tocht" Yn in spesjal fan trije komme oan it wurd de neibesteande, de erfaringssaakkundige en de psychiater. Yn diel 1 de neibesteande. Njoggen jier ferlyn kaam it telefoantsje. Nei tolven. Sytske Jorritsma kriig doe te hearren dat har suske, Grytsje, harsels tekoart dien hie. Sytske rekket fuort yn shock. Foar elkenien komt it nijs ut de loft fallen. De syktocht nei antwurden begjint. Mar antwurden komme der net. It stik fertriet en gemis bliuwt....more46minPlay
September 01, 2021TRAILER Searje 3: Podcastspesjal oer selsdeadingYn de podcastspesjal 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei' giet it oer selsdeading. Programmamakker Miranda Werkman praat mei de neibesteande, de erfaringssaakkundige en de psychiater. Wat bart der yn de holle fan ien dy't it libben net mear sitten sjocht? Hoe kinst fierder as neibesteande en wêrom helpt it om deroer te praten? De podcast heart by de tv-searje wêrby't Miranda Werkman fierder sjocht achter de doarren fan de GGZ....more1minPlay
May 17, 2021Fan Binnenút: De gefolgen fan bernemishanneling op lange termynJenny de Leeuw is fertrouwensarts by Veilig Thuis. Se fertelt wat der yn it brein en it liif gebeurt by bern dy't mishannele binne. En ek hoe't je der wer op posityf ynfloed op hawwe kinne. Femke Boersma is GZ psycholooch en orthopedagooch. Sy fertelt oer it gedrach fan traumatiseerde bern en hoe't je skea herstelle kinne. Beide fine dat je net betiid genôch begjinne kinne yn it foarkommen fan trauma. It leafst noch foar de swangerskip....more34minPlay
May 17, 2021Fan Binnenút #3: De gefolgen fan bernemishanneling op lange termynWat bart der yn it liif en mei it brein fan bern dy't mishannele binne? Jenny de Leeuw is betrouwensdokter by Veilig Thuis. Sy fertelt oer de lichaamlike en mentale gefolgen dêr't bern mei te krijen hawwe. Ek lit sy sjen hoe't je dêr wer posityf ynfloed op hawwe kinne. Femke Boersma is GZ-psycholooch en ortopedagooch. Sy fertelt oer it gedrach fan traumatisearre bern en hoe't je skea wer opknappe litte kinne. Beiden fine dat je net betiid genôch begjinne kinne mei it it foarkommen fan trauma. It leafst foar it yn ferwachting wêzen. Wat gebeurt er in het lichaam en met het brein van kinderen die mishandeld zijn? Jenny de Leeuw is vertrouwensarts bij Veilig Thuis. Zij vertelt over de lichamelijke en mentale gevolgen waar kinderen mee te maken hebben. Ook laat ze zien hoe je daar weer positief invloed op kunt hebben. Femke Boersma is GZ-psycholoog en orthopedagoog. Zij vertelt over het gedrag van kinderen en over hoe je schade kunt herstellen. Beiden vinden dat je niet vroeg genoeg kunnen beginnen met het het voorkomen van trauma. Het liefst voor de zwangerschap....more34minPlay
May 10, 2021Fan Binnenút #2: Prate mei de bernVeilig Thuis is it advys- en meldpunt foar húslik geweld en bernemishanneling. Maryse en Anita, beiden meiwurkers fan Veilig Thuis, geane nei't sy in melding krigen hawwe nei de húshâldens ta. In wichtich ûnderdiel is dan prate mei de bern sels. Mar hoe dogge je dat? En wat dogge je as in bern earne net oer prate wol, of it sels noch net ûnder wurden bringe kin? Veilig Thuis is het advies- en meldpunt voor huiselijk geweld en kindermishandeling. Maryse en Anita, beide medewerkers van Veilig Thuis, gaan nadat zij een melding gekregen hebben naar de gezinnen toe. Een belangrijk onderdeel is dan praten met de kinderen zelf. Maar hoe doe je dat? En wat doe je als een kind ergens niet over wil praten, of het zelf nog niet onder woorden kan brengen?...more32minPlay
May 03, 2021Fan Binnenút #1: Komplekse skiedingsFjochtskiedingen, oftewol komplekse skiedingen, komme hieltyd faker foar. Yn de earste ôflevering fan de podcast-rige nimt gedrachswittenskipper Lutske de Vries ús mei yn de holle fan âlden dy't it belang fan harren eigen bern net mear lykje te sjen. Mirjam Hogeboom is fâd by húshâldens. Sy makket mei dat bern de klean fan de iene âlder útdwaan moatte, foardat se by de oar nei binnen meie. Wat binne de gefolgen fan soksoarte gedrach? Vechtscheidingen, oftewel complexe scheidingen, komen steeds vaker voor. In de eerste aflevering van de podcastreeks neemt gedragswetenschapper Lutske de Vries ons mee in het hoofd van ouders die het belang van de eigen kinderen niet meer lijken te zien. Mirjam Hogeboom is gezinsvoogd. Zij maakt mee dat kinderen de kleren van de ene ouder moeten uittrekken, voordat ze bij de ander naar binnen mogen. Wat is de impact van zulk gedrag?...more37minPlay
April 15, 2021TRAILER Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libbenYn 'Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben' praat Miranda Werkman lykas yn de tv searje mei jeugdbeskermers, gedrachswittenskippers en fertrouwensartsen. It giet oer hoe dreech it is om bern te helpen dy't yn in komplekse skieding sitte. Hoe praat je mei de bern sels oer heftige saken. Wat binne de gefolgen fan bernemishanneling op lange termyn? De saakkundigen fertelle ek hoe't je as buorman, juf, pake of fuotbaltrainer de bern helpe kinne....more2minPlay
FAQs about Fan binnenút Podcast:How many episodes does Fan binnenút Podcast have?The podcast currently has 16 episodes available.