Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries (Podcast) episodes

  • Allardseach: Wybren van Os groeide der op en fertelt der oer
    De heit fan Wybren van Os wie jierren lang praktysk wurklieder en behearder by de Folkshegeskoalle Allardseach ûnder Bakkefean. Hy wenne ek mei syn húshâlding op it terrein.  Soan Wybren van Os (1955) nimt it Buro mei op 'n paad oer it terrein en fertelt it ferhaal fan Omke Jarig en wat der efter wei kaam...
    21 min
  • It swarte gat fan Alyda
    Wa bin ik noch? Wa sit der noch op my te wachtsjen? En is der eins wol plak foar my yn dizze wrâld? It wiene de grutte fragen fan âld paralympysk hurdfytster Alyda Norbruis út Oerterp. Se hat swiere jierren hân dêr't depresje en swarte dagen har libben behearsken. Nei in suksesfolle karriere mei in bulte wrâldtitels en Olympysk goud kaam se fan de ien dei op de oare thús te sitten. Har ferhaal oer in inkswarte perioade.
    24 min
  • Weromsjen op Tsjernobyl
    Op 26 april 1986 fynt de grutste kearnramp yn ús skiednis plak. Der is in eksploazje yn de kearnsintrale yn it doe noch Russyske Tsjernobyl. Der brekt brân út en in grutte radio-aktive wolk komt frij, dy't oer in grut part fan Europa hinne lûkt. Ek yn Fryslân fiele we de gefolgen fan dy ramp. It Buro sjocht werom op de ramp by Tsjernobyl mei in strielingsdeskundige, in fotograaf en in pleechgesin fan Russyske bern.
    28 min
  • Weromsjen op de útbraak fan tongblier yn Fryslân, 25 jier lyn
    Op 10 april 2001 wie it ek yn Fryslân safier: op in bedriuw yn Ie waard tongblier konstatearre en in dei letter barde itselde op in bedriuw yn Eanjum. Tongblier is in tige besmettelike sykte foar kij, skiep, hynders, bargen en geiten. Tûzenden kij binne doe dea makke om fersprieding fan it firus foar te kommen. Douwe Boersma wie doe sjoernalist hjir by de Omrop en wenne yn it troffen gebiet. Hy is te gast.  En ek LTO bestjoerde Jan Teade Kooistra en lektor Dier en Gezondheid Wiepk Voskamp fan Hegeskoalle Van Hall Larenstein komme oan it wurd oer tongblier doe én no.  
    27 min
  • Peaskesnein om seis oere moarns nei tsjerke: "De tiid dat it fan tsjuster wer ljocht wurdt"
    Dêr't foar in soad minsken Peaske bestiet út it sjen nei the Passion, it iten fan sûkelade-aaikes, it skilderjen fan hinne-aaien en it mei-inoar genietsjen fan in peaske-brunch, is dat foar de kleasterlingen op Nijkleaster hiel oars. Nijkleaster is in - sa't inisjatyfnimmer Hinne Wagenaar it omskriuwt - nij monastyk projekt, dêr't besocht wurdt om op in moderne wize de âlde wiisheid fan it kleasterlibben opnij klinke te litten. De kearnwurden dêrby binne stilte, besinning en ferbining. in petear mei Hinne Wagenaar oer de betsjutting fan Peaske.
    18 min
  • Peaskesnein om 6 oere moarns nei tsjerke want dat is de tiid dat it fan tsjuster wer ljocht wurdt
    Wer't foar in soad minsken Peaske bestiet út it sjen nei the Passion, it iten fan sûkelarje-aaikes, it skilderjen fan hinneaaien en it meiïnoar genietsjen fan in peaske-brunch, is dat foar de kleasterlingen op Nijkleaster hiel oars. Nijkleaster is in - sa't inisjatyfnimmer Hinne Wagenaar it omskriuwt - nij monastyk projekt, werby't besocht wurdt om op in moderne wize de âlde wiisheid fan it kleasterlibben wer opnij klinke te litten. De kearnwurden dêrby binne stilte, besinning en ferbining.  Hinne Wagenaar fertelt oer de betsjutting fan Peaske foar him persoanlik en oer hoe't der yn it moderne kleaster Peaske fierd wurdt.
    18 min
  • Johan Wagenaar oer genealogy
    Fan wa bisto der ien? Dy fraach is de kearn fan genealogysk ûndersyk. Wa binne dyn foarâlden? Buro de Vries praat mei Johan Wagenaar, eigener fan histoarysk ûndersyksburo 'It Alders Erf", oer syn leafde foar stambeamûndersyk. En dûkt mei him it ferline yn.
    11 min
  • Ferhalen út Blauhûs yn Europeesk projekt 'SAVE'
    'SAVE' stiet foar Stories of the Archipelago of Villages in Europe. Yn dit Europeeske projekt wurde ferhalen út fjouwer hiel ferskillende Europeeske doarpen sammele. It giet om de doarpen Jadagoniai yn Litouwen, Praputnjak yn Kroatië en Hopovo yn Servië. En it fjirde doarp is in doarp yn Fryslân: Blauhûs. Sjoerd Litjens en Sippy Tigchelaar ha mei 30 ynwenners praten, dy ferhalen opnommen en opskreaun. Mei foto's derby fan de minsken dy't oan it wurd komme binne de opskreaune ferhalen bondele yn in boek. En de audio fan de ferhalen komme op in webside dêr't ek de ferhalen út de oare dielnimmende doarpen op komt.  Yn Buro de Vries prate presentator Geartsje de Vries mei Sjoerd Litjens, de inisjator fan it projekt yn Fryslân en mei Acronius Ettema, dy't him as bestjoerslid fan pleatstelik belang Blauhûs sterk makke hat foar de realisaasje.   
    20 min
  • Naut van der Mei makket in film oer de fjildûle
    De 17-jierige Naut van der Mei fan Grou is in echte fûgeler. Al mear as in jier is hy dwaande mei it meitsjen fan in film oer de fjildûle op it Noarderleech. Oeren en oeren hat hy trochbrocht op dit lege stik natoer oan de oare kant fan de dyk. It Buro gie in kear mei him mei, op syk nei de fjildûle.
    13 min
  • Raymond Dijkstra: fan lange finzenisstraf nei súksesfol skipsûntwerper
    Yn de finzenis wurket Raymond Dijkstra oan syn takomst.Yn 2019 waard er yn ingelân feroardiele ta 18 jier sel nei't er op in katamaran trappearre wie mei kokaïne oan board. Nei in pear jier waard er oerpleatst nei in finzenis yn Nederlân en dêr is it slagge om oan syn takomst te wurkjen. Hy folge modules oan de TU Delft en ûntwurp in nij type boat dat tsjinje kin as opliedingsskip foar bemanningsleden fan in skûtsje.
    19 min

About Buro de Vries (Podcast)

From the publisher's feed

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.…

More shows like Buro de Vries (Podcast)

Het Marathoninterview by NPO Luister / VPRO

Het Marathoninterview

5 Listeners

Boekestijn en De Wijk by BNR Nieuwsradio

Boekestijn en De Wijk

165 Listeners

Nieuwsweekend by NPO Radio 1 / Omroep MAX

Nieuwsweekend

6 Listeners

Sportcast by Omrop Fryslân

Sportcast

0 Listeners

Met Groenteman in de kast by de Volkskrant

Met Groenteman in de kast

79 Listeners

De Publieke Tribune by NPO Radio 1 / HUMAN

De Publieke Tribune

26 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

247 Listeners

Redders op Zee by KNRM x Fisherman’s Friend

Redders op Zee

12 Listeners

Zolang het leuk is by BNR Nieuwsradio

Zolang het leuk is

31 Listeners