Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries (Podcast) episodes

  • Froulju fan Fryslân: Annigje van Dijk - Bajema
    Annigje van Dijk - Bajema. Dat is de frou dy't hjoed troch Tialda Hoogeveen yn it sintsje setten wurdt. Tialda is haadredakteur fan it Keninklik Frysk Genoatskip, en dy bestean yn 2027 200 jier. Om dat te fieren, jouwe sy in jubileumboek út mei dêryn oandacht foar 200 froulju dy't libbe hawwe tusken 1827 en 2027, en yn harren libben in opfallende prestaasje dien hawwe, of dêrnei in opfallende reputaasje krigen hawwe. Annigje van Dijk - Bajema hat har plak yn dy rige fertsjinne troch har prestaasjes op it iis.
    8 min
  • Fryske Folksferhalen diel 1
    It wie in bealich fol wurk mar it hat in skat oan Fryske folksferhalen oplevere. It Fries Film en Audioarchief hat de bannen en kassettebantsjes fan skriuwer Ype Poortinga digitalisearre en online set. Yn de 70ere jierren reizge Poortinga mei in bânrecorder, letter waard dat in wat lytsere kassetterecorder, troch de provinsje om Fryske folksferhalen te sammeljen. Hy prate mei mear as 100 minsken en ferivige de ferhalen dy't se fertelden yn harren eigen stim. It Buro lit de kommende wiken de moaiste ferhalen hearre. Klazina Hofstee dûkte mei Syds Wiersma fan it Fries Film en Audio Archief yn de wrâld fan de folksferhalen.
    13 min
  • Fryske froulike dichters skoare leech op de literêre ljedder
    Hoe liket it eins mei de ferhâlding man/frou yn de Fryske literatuer? En dan benammen yn de Fryske poëzij? Dy fraach hold Janneke Spoelstra dwaande en sy gie der mei oan'e slach. Se die foarwurk en socht út hoefolle froulike dichters meidogge oan de leechdrompelige dichtersjûnen en hoefolle froulike dichters úteinlik de top fan de literêre ljedder berikke: de Gybert Japicxpriis.  Boppedat ynterfjoede se tsien froulike dichters en bûten dat se in noflik petear hiene, stelde se alle tsien ek deselde tsien fragen. Dêrnei beskôge se de útkomsten en lei alles fêst yn it boek 'Wêr bliuwe de froulju?'
    16 min
  • Nei 25 jier lûkt de Fryske stifting 'studentenproject Nepal' him werom
    Yn 2000 naam journaliste Froukje Nijholt fan It Hearrenfean it inisjatyf foar in stichting om earme studinten yn Nepal te stypjen. Mear as 5000 studinten hellen sûnt dy tiid in kompjoeterdiploma. Hûnderten krigen in stúdzjebeurs. En der waarden tolve skoallen boud yn ûntagonklike berchgebieten. No nei 25 jier komt der in ein oan de stifting. It lokale bestjoer yn Nepal moat de taken oernimme.  Ferslachjouwer Gerrit de Boer makke in reportaazje oer 25 jier StudentenProjectNepal mei de frou fan de earste oere Froukje Nijholt en de hjoeddeistige foarsitter Gerda Breeuwsma.
    27 min
  • Heechleraar Otto Holman út Penjum: sjochris wat faker oer de nasjonale skutting
    Penjum is in doarp dat in mjuks is fan 'autochtoanen' en ymport. It doarpke oan 'e râne fan de ôfslútdyk is oantrekkelik foar minsken út Hollân dy't de hektyk fan bygelyks de grutte stêd ûntflechtsje. Ien fan de minsken dy't dat ek die is Otto Holman. Hy is heechleraar ynternsasjonale betrekkingen. Sûnt trije jier wennet hy yn it doarp en fynt dêr de rêst him te ferdjipjen yn Europa. Mar ek yn Spanje. Want dat is dochs syn grutte leafde. Op ferkiezingsdei makke ik in kuier mei Holman.
    23 min
  • De thermometer yn de Fryske mienskip: Snits, Stiens en Steggerda...
    Buro de Vries stuts in wike nei de ferkiezingen de thermometer yn de Fryske mienskip om te peilen hoe't de flage der by hinget, We wiene yn Snits, Stiens en Steggerda en hearden optimistyske ferhalen, mar fernamen ek in soad ûnfrede oer asylsikers, it wenningtekoart, iensumens, ferkearsoerlêst, en it fâlske fingerwizen nei sûndebokken...
    21 min
  • Fries om utens Lex Paleaux op besite yn Frjentsjer
    60.000 boeken binne der oant no ta ferkocht fan it boek "Liften naar de Hemel" fan Fries om utens Lex Paleaux. It is ien fan de boeken dy't nominearre is foar de NS Publieksprijs fan 2025. Earder dit jier hie dizze 5e roman fan Paleaux de Boekhandelsprijs al wûn. Lex Paleaux wennet yn Haarlem mar is hikke en tein yn Fryslân ûnder de reek fan Ljouwert. Koartlyn wie hy op besite by de nagelnije boekhannel De Grote Beer yn Frjentsjer, dêr't hy fertelde oer syn autobiografyske boeken en syn swiere jeugd yn Fryslân. Klazina Hofstee reizge ôf nei Frjentsjer en koe Lex tusken it sinjearjen fan boeken troch bûten even ynterviewe.
    14 min
  • Machteleas tsjinoer de wolf: "Ik kin op dit stuit neat"
    Se sitte by minsken oan de keukentafel, se krije se gûlend oan de telefoan: deputearre Matthijs de Vries en boargemaster Avine Fokkens. As bestjoerders wurdt nei har sjoen as it giet oer de wolven yn Fryslân. Mar se kinne frijwol neat dwaan, want se binne bûn oan regels. En dat falt se net ta.
    16 min
  • Froulju fan Fryslân: Aukjen Clewits
    200 opfallende froulju. Dêr is it Keninklik Frysk Genoatskip nei op syk. Se bestean yn 2027 200 jier en om dat te fieren, jouwe sy in jubileumboek út mei dêryn oandacht foar 200 froulju dy't libbe hawwe tusken 1827 en 2027, en yn harren libben in opfallende prestaasje dien hawwe, of dêrnei in opfallende reputaasje krigen hawwe. Yn de oanrin nei de ferskining fan it boek yn 2027, ljochtet haadredakteur Tialda Hoogeveen eltse moanne by Buro de Vries in opfallende frou derút, troch in pear opmerklike feiten te fertellen oer har libbensrin. Hjoed fertelt Tialda oer it libben fan Aukjen Clewits.
    8 min

About Buro de Vries (Podcast)

From the publisher's feed

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.…

More shows like Buro de Vries (Podcast)

Het Marathoninterview by NPO Luister / VPRO

Het Marathoninterview

5 Listeners

Boekestijn en De Wijk by BNR Nieuwsradio

Boekestijn en De Wijk

165 Listeners

Nieuwsweekend by NPO Radio 1 / Omroep MAX

Nieuwsweekend

6 Listeners

Sportcast by Omrop Fryslân

Sportcast

0 Listeners

Met Groenteman in de kast by de Volkskrant

Met Groenteman in de kast

79 Listeners

De Publieke Tribune by NPO Radio 1 / HUMAN

De Publieke Tribune

26 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

247 Listeners

Redders op Zee by KNRM x Fisherman’s Friend

Redders op Zee

12 Listeners

Zolang het leuk is by BNR Nieuwsradio

Zolang het leuk is

31 Listeners