De toan fan fan 'e moarn

De toan fan fan 'e moarn

By Omrop FryslânNews
Download on the App Store

De toan fan fan 'e moarn episodes

  • De toan fan Jan de Groot: "Tandarts"
    "Mînsen die't sêge dat 't hur helendal niks doet at se na de tandarts motte, binne òf stoer, òf bewonderswerig òf se lige. D'r binne ommers niet foor niks spesjale praktiken foor mînsen die't benaud binne foor de tandarts? Wacht, dat mot ik even nuansere: Niet persoanlik fòòr de tandarts as persoan sels, maar wat de tandarts fine sil en dij meskien seer doen gaat."
    4 min
  • De toan fan Froukje Sijtsma: "Skatsykje"
    "Do bist hjoed de baas oer dizze muntsjes, Amber", sis ik. "Do meist hielendal sels bepale watst der foar keapje silst." "Ek as mem it net moai fynt?", freget se. "Ja, absolút", sis ik laitsjend. Ik sjoch der no al nei út wat wy dizze dei allegear belibje sille.
    5 min
  • De toan fan Joana Duarte: "Op sa'n fyts"
    "De ultime fyts-challenge foar my is fytse yn in stoarm; minsken hjir dogge dat skynber sûnder muoite, komme mei op syn heechst in pear tûkjes yn it hier oan. Myn ynboargeringsproses op it mêd fan fytsen is noch fiere fan folslein; sûnt ik hjir wenje haw ik op 'e fyts al hiel wat ûngelokken feroarsake en minsken lilk makke mei myn fytskaprioalen. Mar as jim sa'n earme bûtenlanner op 'e fyts sjogge, wês dan asjebleaft genedich. De measten fan ús sille nea jim nivo fan fytsfeardigens berikke, mar wy dogge ús bêst!"
    6 min
  • De toan fan Jan Koops: "Et Friesvak"
    ""Zeg Hylke, wi'j hebben te min speulders veur et bedriefsvoetbal vanaovend. Doej' mit?" Hylke keek op zien gelozie en zegde toe kommen te zullen. En die aovends speulden de Fries Hylke en de Stellingwarver Jan Koops, tegere mit de Drentse kollega's as ien man tegen de soldaoten op et kezerneterrein of tegen de gevangenen in Veenhuzen."
    4 min
  • De toan fan Froukje Sijtsma: "Skatsykje"
    "Se smyt har sparpot leech op 'e tafel. Se docht de brune 5 sinten by inoar. De gouden fan 10, 20 en 50. Nei de simmer giet myn famke Amber nei groep 3. Ik help har mei it tellen fan de munten en fertel dat se in royale 7 euro foar har lizzen hat. Se sjocht my mei grutte eagen oan en docht it jild yn har beurske.
    5 min
  • De toan fan Froukje Sijtsma: "Lekker sûpe"
    "Doe't ik by it kafee oankaam, seach ik radiopresintator Johan Terpstra al wriuwend yn de hannen klearstean. Hy hie der dúdlik nocht oan yn syn swarte trainingsbroek, bypassend blau trainingsjaske en wite sportgympen. Allinnich it fluitsje om de nekke ûntbruts noch."
    5 min
  • De toan fan Jan de Groot: "Avesere"
    "Astou avesere motst dan sit 't dy nooit met. Herkinne jim dat? Je motte befoorbeeld naar 'n belangrike ôfspraak, maar de tiid het dij wat te pakken en derom motstou hard. En silst 't sien: alle stoplichten sitte teugen en hest een foor dy rijen die't feulsten te starig rijdt. Wilst die auto ferbij, maar der komme hyltyd teugenlêgers an. Krastes. Dou kykst keer op keer op 't autoklokky. De tiid gaat harder as âns, ferbeeldstou dy."
    3 min
  • De toan fan Henk van der Veer (Snits, 1954)
    Woe graach nei de Skoalle foar de Sjoernalistyk yn Utert, mar omdat syn heit dat gjin geskikt plak fûn foar fatsoenlike minsken waard it de Kweekskoalle yn Snits. Wie hast fjirtig jier learkrêft yn it basis- en praktykûnderwiis. Publisearret sûnt twadde helte tachtiger jierren yn tal fan kranten en tydskriften, debutearre yn 1989 as dichter mei de bundel Skrousk en jildt yntusken as Stadsdichter fan Sneek. Yn 'e stêd lizze poëzytegels fan syn hân. Skriuwt en dicht yn it Frysk, mar brûkt de pen dochs it allerleafst yn it Snekers. "Omdat ut de taal is wêr't ik mij ut meast myself in bin."
    4 min

About De toan fan fan 'e moarn

From the publisher's feed

Yn 'De toan fan fan 'e moarn' litte de fiif kollumnisten fan it radioprogramma Fryslân fan 'e moarn har alle dagen fan de wurkwike hearre. Har kollums binne op Spotify as podcast te beharkjen.…