It is in swaktebod fan de technyske stêf fan Sportklup Hearrenfean om Mickey van der Hart derút te heljen. Dat seit âld-fuotballer Geert Jelle de Vries yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
De komst fan Robin van Persie nei Sportklup Hearrenfean sil in grutte impact hawwe. Dat tinkt âld-spiler en -trainer Tieme Klompe, dy't it yn de Sportcast fan Omrop Fryslân fergeliket mei it oanstellen fan Marco van Basten.
Ferry de Haan ferwachtet dat oer in pear wiken dúdlik is wa't de nije trainer wurdt fan sc Hearrenfean. Dat der in akkoart is mei VVV Venlo-trainer Rick Kruys, ûntkent de algemien direkteur fan de Feansters yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
Wa moat de nije trainer fan sportklup Hearrenfean wurde? Wurdt it Maurice Steijn? Rick Kruys? Robin van Persie? Âld-sportferslachjouwer Willem de Vries hat wol in foarkar en dat is net ien fan dizze trije.
SC Cambuur hellet de play-offs om promoasje nei de earedivyzje, nettsjinsteande it swiere programma dat de Ljouwerters noch hawwe. Dy ferwachting sprekt oanfierder Daniël van Kaam út yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
De kâns is libbensgrut dat SC Cambuur op koarte termyn Lars Lambooij presintearje sil as nije technysk manager. Dêrfoar moatte de Ljouwerters 100.000 euro betelje. Yn de Sportcast binne de mienings dêroer ferdield.
Sipke Hulshoff is de dreamde kandidaat foar Sportklup Hearrenfean om de ôfskie nimmende Kees van Wonderen op te folgjen. Dat seit âld-fuotballer Sandor van der Heide yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
Henk de Jong giet net nei Liverpool. De trainer fan de Ingelske topklup, Jürgen Klopp, hie him útnoege om ris del te kommen. Yn de Sportcast fan Omrop Fryslân docht bliken dat De Jong dêr net op yn giet.
Kees van Wonderen hâldt nei dit jier op by SC Hearrenfean. Yn de Sportcast sjogge de oanwêzigen mei de trainer werom op syn tiid yn Fryslân. Ek rjochtsje se de blik nei de takomst. Wat sil er nei de simmer dwaan, en wa moat it stokje fan him oernimme?
Hie trainer Kees van Wonderen de sitewaasje rûn de wiksel fan Anas Tahiri oars oanpakke moatten? Yn de Sportcast binne de mienings ferdield.
57 min
About Sportcast
From the publisher's feed
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast…