Yn de winterstop sil Ferry de Haan, direkteur fan sc Hearrenfean, om tafel mei trainer Kees van Wonderen oer syn ôfrinnende kontrakt. Klupikoan Foppe de Haan soe it ferlinge, mar hat noch wol in tal opmerkings. Dat seit er yn de Sportcast.
Henk de Jong hopet dat syn ôfrinnende kontrakt ferlinge wurdt en dat er ek de kommende jierren trainer is by SC Cambuur. Dat fertelt de Drachtster yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
Sportklup Hearrenfean swingde freedtejûn. It stadion genoat, it fuotbal wie moai en Hearrenfean wûn mei 3-0 fan Almere City. Dochs binne der neffens âld-fuotballer Geert Jelle de Vries ek soargen. Foaral finansjeel.
Dat technysk direkteur Etiënne Reijnen al nei in healjier fuort giet by SC Cambuur, is eksimplarysk foar it gebrek oan loyaliteit yn de fuotbalwrâld. Dat sizze de sportferslachjouwers yn de Sportcast.
It is noch krekt gjin nasjonale diskusje: wa moat der yn de spits by sc Hearrenfean? Is dat Daniel Karlsbakk? Moat dat Ion Nicolaescu wurde? Of moat Pelle van Amersfoort der yn? Dy lêste is te gast yn de Sportcast en skoarde de lêste kompetysjewedstriid syn earste goal fan dit seizoen. "Het vrat aan me."
It giet hieltyd better mei sportklup Hearrenfean. De ploech spilet better en is opklommen nei it tsiende plak. Mar oft dêrmei it lek folslein boppe is, oft trainer Kees van Wonderen wis is fan syn plak op de bank en oft de play-offs dit seizoen wol helle wurde, is noch mar de fraach.
De wikseling fan trainer by SC Cambuur hat in positive wurking hân. Neist dat der ûnder trainer Henk de Jong no twa kear wûn waard, sjocht it fuotbal der ek better út. Dat fynt âld-fuotballer Sandor van der Heide.
SC Cambuur stekt de wierheid fan it konflikt tusken trainer Henk de Jong en Silvester van der Water mei opset sin yn 'e dôfpot. Dat sizze de beide Cambuurferslachjouwers fan Omrop Fryslân yn de Sportcast.
As it oan earefoarsitter Ype Smid fan SC Cambuur lein hie, dan hie trainer Sjors Ultee ôfrûne simmer dien krigen. Yn de Sportcast leit Smid út dat hy Fred Grim in bettere kandidaat fûn.
Luuk Brouwers is troch sc Hearrenfean fan FC Utrecht oernaam en sa is hy wer werom by trainer Kees van Wonderen. Yn de Sportcast praat hy oer syn bân mei de trainer, oer syn tiid by FC Utrecht en de krityk op Van Wonderen.
53 min
About Sportcast
From the publisher's feed
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast…