As alles neffens plan ferrint, kin Henk de Jong yn septimber wer oan it wurk. De fuotbaltrainer is no noch herstellende fan de operaasje oan syn holle. Dêr by is in grut part fan in kyste fuorthelle.
Der leit nochal wat op syn buordsje: it segryn fuortspiele fan foarich seizoen, it gearstallen fan in nije seleksje en it oplossen fan de kwestje fan de twa haadtrainers. De nije technysk direkteur Etiënne Reijnen fan SC Cambuur wol der noch net safolle oer kwyt.
Hearrenfean-spits Sydney van Hooijdonk sjocht mei mingde gefoelens werom op syn tiid by sportklup Hearrenfean. Yn de Sportcast fertelt hy oer syn eigen ûntwikkeling, oer it famyljegefoel by de klup en oer it ôfrûne seizoen. "We zijn nooit echt stabiel geweest."
As it oan Michel Vlap leit, sit it aventoer fan sc Hearrenfean yn de play-offs der nei ien ronde op. Vlap spilet by FC Twente en dat is de tsjinstanner yn de earste ronde fan de neikompetysje.
Der moat op it middenfjild fan sc Hearrenfean in spiler by dy't in doelpunt meitsje kin. Ambassadeur fan Hearrenfean Hans Anker hat wol in suggestje: âld-Cambuurspiler Sander van de Streek.
It is it hichtepunt fan syn karriêre: Sipke Hulshoff waard snein as assistint-trainer fan Feyenoord kampioen fan de earedivyzje. Moandei waard de ploech huldige op de Coolsingel yn Rotterdam.
SC Cambuur-direkteur Ard de Graaf wol net al te hege ferwachtings sketse foar folgjend seizoen yn de earste divyzje. Neffens De Graaf hat Cambuur ûngefear it fyfde budzjet. "Dan kan ik wel gaan roepen dat we kampioen worden, maar dan ga ik een verwachting wekken, wat niet realistisch is."
Alve giele kaarten. Nea earder waarden der safolle kaarten útdield yn in bekerfinale. De fuotbalwrâld sprekt skande fan it gedrach fan de Ajax- en PSV-spilers en dy frustraasje dielt ek âld-fuotballer Maarten de Jong yn de Sportcast.
Pascal Bosschaart moat SC Cambuur nei fjouwer jier ferlitte, jierren wêr't er suksessen yn belibbe mei de klup. It beslút op himsels kin er akseptearje, mar de wize wêr't de direksje dat op fertelde net.
Der binne mar twa spilers yn Nederlân dy't mear kompetysjedoelpunten makken as Hearrenfean-spits Sydney van Hooijdonk. Dochs sjocht Geert Jelle de Vries leaver Roberts Uldrikis fan Cambuur yn de spits.
59 min
About Sportcast
From the publisher's feed
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast…