Cees Roozemond hâldt der nei fjouwer jier as direkteur by sc Hearrenfean mei op. It wienen pittige jierren, wêryn't hy ek de nedige ûnsympatike besluten nimme moast. Dochs sjocht Roozemond posityf nei de takomst fan de klup.
De kâns is grut dat oanfierder Alex Bangura dwaande is oan syn lêste seizoen by SC Cambuur. Hy hat in ôfspraak mei de klup dat er kommende simmer fuort mei.
Gertjan Verbeek is net te sprekken oer de oanfierder fan it Nederlânsk âlvetal Virgil van Dijk. Verbeek soe him syn oanfierdersbân ôfnimme. "Dat is een slapjanus eerste klas."
Noch acht wedstriden hat SC Cambuur om degradaasje foar te kommen, mar nei de nederlaach tsjin Excelsior (4-1) sjocht it der min út. De Ljouwerters lieten harren yn Rotterdam fan de minste kant sjen.
Mei de degradaasjekreaker tusken Excelsior en SC Cambuur yn it fersjit, hat Marinus Dijkhuizen yn de Sportcast in min boadskip foar de Ljouwerter fans.
Hokker earedivyzjeploech spilet der fuotbal dat fermaakliker is om nei te sjen as dat fan sc Hearrenfean? De beide Omrop-klupfolgers fan Hearrenfean binne der wol oer út: gjinien.
Excelsior hat de grutste kâns om út de earedivyzje te degradearjen en dus net hikkesluter SC Cambuur. Yn de Sportcast wurde de degradaasjesoargen fan de trije klups út Noard-Nederlân bepraat.
It winnende doelpunt fan Anas Tahiri yn de lêste Fryske derby hat safolle yndruk makke op de middenfjilder, dat er dat noait ferjitte sil. Snein giet Tahiri mei Hearrenfean op besite by Cambuur.
SC Cambuur hie tsjin Ajax hielendal neat yn te bringen en hat it lêste plak wer oernaam fan FC Grins. Mar mei noch fjirtjin finales te gean bliuwt Mimoun Mahi posityf en giet hy derfan út dat de Ljouwerters de play-offs ûntrinne: "Wij blijven erin!"
45 min
About Sportcast
From the publisher's feed
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast…