Dat Sjors Ultee dien krigen hat by SC Cambuur, kin net los sjoen wurde fan de beskikberheid fan Henk de Jong. Dat is de lêzing yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
De malêze dêr't sc Hearrenfean op dit stuit yn sit, komt mei trochdat Andries Noppert syn nivo net hellet. It geduld fan sportferslachjouwer Roelof de Vries mei Noppert rekket op, sa seit er yn de Sportcast.
De sprekkoaren oan it adres fan trainer Kees van Wonderen fan sc Hearrenfean binne net terjochte. Dat seit sportferslachjouwer Roelof de Vries yn de Sportcast fan Omrop Fryslân..
SC Cambuur kin kampioen wurde fan de earste divyzje. Dat tinkt Michael Breij. Al moat de ploech dan wol folwoeksenheid toane as it yn in mindere faze sit, sa seit Breij yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
It is wer safier: ús lân hat wer in nasjonale keepersdiskusje. Wa moat by it Nederlânsk alvetal op 'e goal stean no't Justin Bijlow blessearre is? As direkteur Ferry de Haan fan sc Hearrenfean de bûnscoach wie, dan hie er foar Andries Noppert keazen.
Ynvestearder Bert van den Brink sit noch gewoan yn it stiftingsbestjoer fan SC Cambuur. Yn de Sportcast wurde de geroften tsjinsprutsen dy't marketeer Chris Woerts ferline wike de wrâld yn holp yn it programma Vandaag Inside.
De doelman is mei syn klup sc Hearrenfean yn petear oer kontraktferlinging, mar neffens de analisten fan Omrop Fryslân kin hy better de stap nei in oare klup meitsje.
Ald-fuotballer Sandor van der Heide stekt syn bewûndering foar Wiebe Kooistra en Ion Nicolaescu net ûnder stuollen of banken. Beide manlju skoarden by harren debút. De ien rêde foar SC Cambuur in punt tsjin FC Emmen en de oar makke de hege ferwachtings wier mei de iepeningstreffer foar sc Hearrenfean tsjin RKC Waalwijk.
De Sportcast is nei de simmerstop wer werom. Eltse moandei binne we der wer en beprate we alles rûn sportklup Hearerenfean en SC Cambuur. Hoe komt it dit seizoen?
53 min
About Sportcast
From the publisher's feed
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast…