By SC Hearrenfean geane se der net fanút dat Joey Veerman ferkocht wurdt oan AZ. Snein fertelde de Volendamse middenfjilder dat de Alkmaarders 4.5 miljoen euro op him bean hawwe. It gat mei de fraachpriis is te grut, al wol technysk manager Ferry de Haan fan Hearrenfean net op bedraggen yngean.
"Ik ben blij dat ik weer op het veld sta, het is alleen jammer dat de resultaten nog niet goed zijn. Dat geeft toch de nodige spaning", dat seit Almere-trainer Gertjan Verbeek yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
Yn dizze Sportcast belje we mei Michel Vlap. Hy makke dit wykein syn debút by FC Twente. En fansels beprate we de lêste wedstriden fan SC Cambuur en SC Hearrenfean.
Dit wykein begjint de earedifyzje mei twa Fryske klups. Hearrenfean hat in bettere tarieding hân as ferline jier, by Cambuur hie dat better kind. Benammen troch in soad coronagefallen wie de tarieding net optimaal. We prate deroer mei Cambuur-oanfierder Erik Schouten.
It wurdt dizze wike dúdlik wa't kommend seizoen oanfierder wurdt fan SC Hearrenfean. Dat fertelt trainer Johnny Jansen yn de SportCast. Der soe ûnrêst oer it oanfierdersskip wêze, om't Henk Veerman de bân net drage wol. Dêr is neffens Jansen gjin sprake fan.
De Olympyske Spelen binne dwaande yn Japan. In Ljouwerter dy't al hiel lang yn Japan fuotballet, is Quenten Martinus. Al seis jier lang spilet er yn de J-League, it heechste nivo yn Japan. "Ik zie mezelf voorlopig nog niet terugkeren in Nederland."
De ien moat Robert Mühren opfolgje by SC Cambuur en de oar wol de nije keeper fan sportklup Hearrenfean wurde. Tom Boere en Xavier Mous binne hjoed te gast yn de Sportcast. Dêryn prate we mei harren oer de tarieding en oer de tiid dat Boere en Mous tegearre by FC Oss spilen.
Erwin Zeinstra is werom yn Dronryp. Sneintejûn flagge er de EK-finale op Wembley tusken Italië en Ingelân. "Wy binne tige grutsk oer hoe't it gien is", seit er yn de SportCast. Dêryn fertelle ek twa oare Fryske assisint-skiedsrjochters, Jan de Vries en Hessel Steegstra, har ferhaal.
Pieter Huistra is wat bûten byld rekke. De lêste fjouwer jier fiert hy suksessen yn Oezbekistan, mar hy tinkt oan in weromkear op de Nederlânske fuotbalfjilden. Hy slút sels de rol fan bûnscoach net út, fertelt er yn de SportCast. "Moatst altiten grut tinke en leauwe yn dyn eigen kwaliteiten. Se kinne my altiten belje!"
Theo de Jong fan Ljouwert spile fyftjin kear foar it Nederlânsk alvetal. Hy is ferwûndere oer it matige en tamme spul fan Oranje yn de wedstriid tsjin Tsjechië. Dat fertelt er yn de SportCast. "Het leek wel of ze drie ton beton in de benen hadden."
47 min
About Sportcast
From the publisher's feed
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast…