Sportcast

Sportcast

By Omrop FryslânSports
Download on the App Store

Sportcast episodes

  • SportCast #101: EK-special mei Johan Zuidema
    Yn de SportCast prate wy wiidweidich oer it Europeesk kampioenskip fuotbal en dat dogge wy mei âld-ynternasjonal Johan Zuidema. Zuidema spile yn it ferline by De Westerein, SC Cambuur, FC Twente, NEC en Ajax en kaam twa kear út foar it Nederlânsk alvetal.
    49 min
  • Sportcast #99: "In Volendam had niemand dit verwacht"
    Hy hie ferskate opsjes, mar úteinlik kiest oanfaller Robert Mühren net foar SC Cambuur mar foar thúskommen. De kommende trije jier fuotballet de spits foar FC Volendam. "Dit fielden je wol oankommen, dit ferrast my totaal net," seit Geert van Tuinen yn de SportCast. Mar yn Volendam is de fernuvering grut dat Robert Mühren wer werom komt seit stadionspeaker, en omke, Jack Mühren. "In Volendam had echt niemand dit verwacht." Ferslachjouwer Andor Faber wit dat Cambuur de spits graag hâlde woe: "Mühren koe by Cambuur hast trije ton fertsjinje. De spilersbegrutting is sa'n trije miljoen euro, dus dat is sa'n tsiende part. Dat jout wol oan dat Cambuur hiel fier foar him gien is."
    35 min
  • SportCast #98: "Als ik praat over dit seizoen krijg ik pijn in mijn buik"
    Fuotbalklup SC Hearrenfean is yn it jubileumseizoen teloarstellend as tolfde einige. Mar ien kear earder yn 'e kluphistoarje einige de klup leger op 'e ranglist. Dat wie yn 1991, doe degradearre de ploech nei de Earste Difyzje. Yn in ekstra lange SportCast binne wy te gast yn it Abe Lenstra stadion en sjogge wy werom op it ôfrûne jier mei haadrolspilers Johnny Jansen, Henk Veerman, Erwin Mulder en Jan Paul van Hecke. De trainer fan Hearrenfean is net tefreden oer it seizoen: "Ik heb er echt de balen van en als ik er over praat krijg ik pijn in mijn buik. De grootste pijn zit hem in het feit dat we niet hebben laten zien wat we kunnen."
    1 hr 22 min
  • SportCast #97: Takom seizoen wurdt foar Johnny Jansen in eksamenjier
    SC Hearrenfean is it seizoen einige as de nûmer tolve fan de earedifyzje. En dat is likegoed sportyf as finansjeel besûnder teloarstellend yn dit jubileumjier. SC Hearrenfean sakke yn de twa lêste wedstriden tsjin Emmen en Sparta fier troch de ûndergrins hinne en trainer Johnny Jansen krijt aardich wat krityk.
    41 min
  • SportCast #96: Ferry de Haan
    Fiif kear sei Ferry de Haan 'nee' tsjin in oanbieding fan in klup om dêr oan de slach te gean. NEC, NAC Breda, Feyenoord, FC Emmen en FC Twente krigen allegearre nul op it rekest. Mar doe't Cees Roozemond him benadere foar in rol as technysk manager, hoegde hy net lang nei te tinken.
    48 min
  • SportCast #95: SC Cambuur kampioen
    By SC Cambuur genietsje se noch altyd nei fan de lêste wiken. Earst wie der de promoasje nei de earedifyzje, dêrnei de titel en ôfrûne wykein wie der de huldiging. "Jongens, we hawwe sa'n protte moaie mominten meimakke, da's net normaal", fertelt trainer Henk de Jong yn de SportCast. Mar, nei trije wiken fan feestjes en in hoop drank wol de Drachtster no ek wer foarút sjen. "It moat no even stopje mei al dy festiviteiten en feestjes." Yn de SportCast fanút it Cambuur Stadion wei skowe neist De Jong ek spilers Sonny Stevens, Mitchel Paulissen en Jamie Jacobs oan.
    56 min
  • SportCast #94: Ferhâlding Roozemond en Foppe en Riemer rint wer in dûk op
    Algemien direkteur Cees Roozemond en klupikoanen Foppe de Haan en Riemer van der Velde sitte oer in goeie moanne wer mei-inoar om tafel. Ofrûne wike hawwe de beide partijen praat oer de takomst fan SC Hearrenfean. Dat petear begûn muoisum, seit sportferslachjouwer Roelof de Vries: "It hat der wol om spand oft de petearen wol trochgiene." Yn de SportCast nuansearret Roozemond dat lykwols.
    48 min

About Sportcast

From the publisher's feed

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast…

More shows like Sportcast

NOS Langs de Lijn Sportforum by NPO Luister / NOS

NOS Langs de Lijn Sportforum

9 Listeners

De Stemming van Vullings en De Rooy by NPO Radio 1 / NOS / EenVandaag

De Stemming van Vullings en De Rooy

114 Listeners

Voetbalpraat by ESPN NL

Voetbalpraat

33 Listeners

NOS Voetbalpodcast by NPO Luister / NOS

NOS Voetbalpodcast

68 Listeners

Radio Camataru by Radio Camataru

Radio Camataru

0 Listeners

Kick-off met Valentijn Driessen by De Telegraaf

Kick-off met Valentijn Driessen

57 Listeners

Cor Potcast by Dag en Nacht

Cor Potcast

16 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

254 Listeners

Gianni's Imperium by NPO Luister / NOS

Gianni's Imperium

3 Listeners

Omroep Abe by Leeuwarder Courant

Omroep Abe

0 Listeners

Hertenkamp by Leeuwarder Courant

Hertenkamp

0 Listeners

Weer een dag by Marcel van Roosmalen & Gijs Groenteman / Meer van dit

Weer een dag

24 Listeners

Radio Ramkraak by LC & DVHN

Radio Ramkraak

3 Listeners

KieftJansenEgmondGijp by KieftJansenEgmondGijp

KieftJansenEgmondGijp

67 Listeners

Groeten uit Grolloo by Johan Derksen

Groeten uit Grolloo

9 Listeners