Sportklup Hearrenfean spile sneontejûn tsjin Vitesse. Foar us reden om mei Vitesse-supporter Marcel van Roosmalen te beljen. We prate mei him oer dy wedstriid, oer wat hy mei Hearrenfean en Cambuur hat en oer de Alvestêdetocht. We ha ek kontakt mei Michel Vlap. De Sniters is krekt ferhierd fan Anderlecht nei Arminia Bielefeld yn Dútslân.
It Wrâldkampioenskip ôfstannen fynt plak fan tongersdei 11 febrewaris oant 'e mei 14 febrewaris yn it Thialf-stadion. Sân Fryske reedriders dogge mei oan dit toernoai. Se libje mominteel oer it algemien al wike yn in bubbel. Sa ek coach Jillert Anema. Fanútsyn hotel praat hy yn dizze Sportcast mei oer it kommende WK. Jesper Hospes is ús hûs-analytikus en hy sjoch tegearre mei presintator Roelof de Vries foar't op it WK. Ek belje we efkes mei Arjan Stroetinga.
Yn de nije SportCast is der wer in hoop te bepraten. Sa pakt SC Hearrenfean fjouwer punten út de lêste twa wedstriden, rekkenet SC Cambuur ôf mei it anty-fuotbal fan MVV én is it ek nochris Deadline Day: de dei dat spilers foar it lêst in transfer meitsje kinne. Om dy reden hinget technysk manager Gerry Hamstra fan Hearrenfean oan 'e line. Ek prate we mei âld-fuotballer Joey van den Berg, dy't no jeugdtrainer is by SC Hearrenfean.
Twa bysûndere gasten yn de Sportcast dizze wike: we prate mei Reza Ghoochannejhad, âld-fuotballer fan sportklup SC Hearrenfean en SC Cambuur. Hy skoarde dit wykein in hattrick foar PEC Zwolle. En we belje mei Peter Houtman, âld-fuotballer fan ûnder oare Feyenoord en no stadionspeaker yn De Kuip. Hearrenfean spilet yn koarte tiid foar de kompetysje én de beker tsjin Feyenoord. We prate oer de krisis dêr't Hearrenfean yn sit en oer it sukses fan SC Cambuur en Robin Maulun.
Reitsje se by SC Cambuur al in bytsje yn panyk nei't der de lêste twa wedstriden mar ien punt pakt is? En hoe is de stimming by SC Hearrenfean nei wer gjin oerwinning? Fragen dy't yn de SportCast oan 'e oarder komme. Trainer Henk de Jong fan Cambuur is te gast en sa no en dan skoot der ek efkes in oare gast oan, om it ien en oar te ferdúdlikjen.
Der wie in hiele hoop lucht foar nedich, mar dizze wike is de reedrydbubbel opblaasd. Hast 300 riders en harren coaches binne de kommende wiken yn Fryslân om dochs noch in pear ynternasjonale wedstriden te riden. Alle reden foar in ekstra SportCast om foarút te sjen op it EK sprint en allround fan kommend wykein. Dat dogge we mei reedrydster Letitia de Jong en âld-rider Douwe de Vries, dy't as foarsitter fan de atletekommisje de riders fertsjinwurdiget.
Trainer Johnny Jansen fan Hearrenfean siet snein troch corona thús mei sjachrijn op de bank te sjen nei de nederlaach fan syn ploech tsjin Fortuna Sittard. Jansen miste de spirit, de gif en neamt it "Hearrenfean-onwaardig". We prate mei Jansen oer de wedstriid, oer de komst fan nije spilers en oer corona. Dêrneist ha we ek kontakt mei Sipke Hulshoff, dy't troch guon sjoen wurdt as de kroanprins ûnder de assistint-trainers en freed mei syn ploech FC Volendam wûn fan SC Cambuur.
SC Cambuur is de earste Fryske klup dy't wer yn aksje komt en dat docht it suksesfol. Mar wie it echt wol de beste helte fan it seizoen? En kin Siem de Jong snein syn debút meitsje foar SC Hearrenfean? Yn de nije SportCast sykje we kontakt mei de oanwinst fan de Feansters. En assistint-skiedsrjochter Hessel Steegstra fertelt oer it WK foar klups, dêr't er mei skiedsrjochter Danny Makkelie en kollega-assistint Mario Diks fan Ljouwert nei ta mei.
It is winterstop, mar der spilet genôch by SC Hearrenfean en SC Cambuur om te bepraten. Hearrenfean sil him fersterkje, mooglik mei Tibor Halilovic. Mar wat moat der noch mear by? En Cambuur is op wei nei promoasje. Of gean der noch spilers fuort? En yn dizze podcast binne jim it net fan us wend, mar we ha it ek oer reedriden en Sven Kramer.
Der is wer in hiel soad te bepraten yn de nije SportCast: de nederlaach fan SC Hearrenfean, de krekt útbrochte jiersifers fan de klup, feestende supporters yn Ljouwert en SC Cambuur dat mei sân kompetysje-oerwinningen op rige de winterstop yn giet. En dan wie der noch de kontraktferlinging fan Mitchel Paulissen, wylst hy dêr ferline wike noch tige geheimsinnich oer die.
47 min
About Sportcast
From the publisher's feed
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast…