As SC Cambuur net promovearre wie, dan hie Foeke Booy nei dit seizoen fuortgien. Dat fertelt de technysk manager fan de Ljouwerters moandei yn de SportCast. Mei Booy sjogge we foarút nei folgjend seizoen, wannear't Cambuur besykje sil om yn de earedifyzje te bliuwen. It giet oer Robert Mühren, Marco Tol en noch folle mear.
"Van den Belt zei dat ie niet alles tegen me durft te zeggen. Dat hij bang voor me is. Althans, zo kwam het op me over." Earefoarsitter Ype Smid sprekt him foar it earst sûnt de Cambuurkrisis út oer dy situaasje yn de Sportcast. We prate mei Ype Smid oer syn relaasje mei finansjeel direkteur Gerald van de Belt, oer it kommende kampioenskip en oer de wurden fan trainer Henk de Jong: "Die hebben me niet onberoerd gelaten."
Michel Vlap sjocht him noch alle wiken de eagen út yn de Bundesliga. De Snitser fuotballer dy't troch Arminia Bielefeld hierd wurdt fan Anderlecht fjochtet mei syn ploech tsjin degradaasje. Bielefeld stiet op it ien-nei-lêste plak yn Dútslân en sil yn elts gefal noch ien klup foarby moatte. Yn de SportCast fertelt er oer syn earste moannen yn de Bundesliga. Ek belje we mei âld-direkteur Hans Nijland fan FC Grins oer de 'Derby van het Noorden' fan kommend wykein.
Der hat it lêste healjier in soad te dwaan west oer Gerald van den Belt, direkteur by SC Cambuur. De bestjoerlike ûnrêst kaam yn novimber nei bûten, doe't Van den Belt oanjoech op te stappen as Ype Smid foardroegen wurde soe as nije foarsitter fan de ried fan kommissarissen. Sa fier kaam it net. Yn de SportCast reagearret Van den Belt foar it earst op de rebûlje yn de bestjoerskeamer en fertelt er ek oer it nije stadion, dêr't er him fanút de klup mei bemuoit.
Hy wûn as trainer in Europa Cup mei Anderlecht, waard kampioen mei Ajax en is no benammen ferneamd om syn fuotbalanalyzes op Twitter: Aad de Mos. Yn de SportCast sykje we kontakt mei de âld-fuotbaltrainer dy't syn ljocht skine lit oer it middenfjild fan SC Hearrenfean, de kânsen fan SC Cambuur yn de earedifyzje en sels it Nederlânsk alvetal komt foarby.
It giet him bot oan it hert. En dat is te fernimmen as hy yn de SportCast oer 'syn' SC Hearrenfean praat. Earefoarsitter Riemer van der Velde is te gast om te praten oer it fuotbal by de Feansters en hy docht in emosjonele oprop oan alles en elkenien dy't Hearrenfean leaf hat. Ek giet it yn dizze SportCast oer de bestjoerlike perikels by SC Cambuur en de rol fan trainer Henk de Jong dêryn.
Sportklup Hearrenfean helle in goed resultaat tsjin ADO Den Haag, mar it spul is noch altyd net om oer nei hûs te skriuwen. Cambuur giet fierder mei goed prestearjen, wûn fan Telstar en is noch altyd op wei nei promoasje. We beprate yn de SportCast de beide klups, sjogge nei wat beslissingen fan skiedsrjochters mei skiedsrjochter Jesse Rozendal en prate oer Go Ahead Eagles - Cambuur mei ferslachjouwer Tijmen van Wissing fan RTV Oost.
It is foar SC Hearrenfean de wedstriid fan it jier: de heale finale fan de beker tsjin Ajax. Woansdei wurdt dat duel spile en dus is der yn de SportCast alle reden om foarút te sjen op dy wedstriid. Dat dogge we mei in Ajax-saakkundige dy't ús alle ins en outs fan de klup fertelt. Ek belje wy efkes mei Henk de Jong om te hearren hoe't it mei him is, The Day After dy glânsrike oerwinning op Almere City.
Dat de 'Derby van het Noorden' tusken SC Hearrenfean en FC Grins snein yn in 1-1 lykspul einige, is net sa'n grutte ferrassing. Dochs is der genôch reden om oer dy wedstriid nei te praten en dat dogge we yn de SportCast mei in spesjale gast: Feanster middenfjilder Lasse Schöne. Ek is der yn der yn de persoan fan Jan Hylkema in Mystery Guest. En it giet oer SC Cambuur, dat twa tige wichtige wedstriden yn it foarútsjoch hat.
SC Cambuur-spiler Jamie Jacobs is mei syn goals en assists de middenfjilder mei it measte rendemint yn de Keuken Kampioen Divisie. De Cambuur-spiler is te gast yn de Sportcast. We prate oer it naderende kampioenskip, oft se klear binne foar de Earedivyzje en we ha in Mystery Guest. En we ha it oer de komst fan Lasse Schöne nei sportklup Hearrenfean.
45 min
About Sportcast
From the publisher's feed
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast…