Yn it PC Kafee praat Geert van Tuinen mei kening Dirk Talsma fan 1970 en ferliezend finalist Johan van Seijst út datselde jier. Ek Klaas Berkenpas, Dirk-Jan van der Woud (winners yn 2000) en Chris Wassenaar (ferliezend finalist 2000) binne te gast. En we geane ek nei de PC fan 2010, mei winner Daniël Iseger en ferliezer Pieter van Althuis. De muzyk komt fan Te Gare, de kollum fan Bonne Stienstra en Ids Hellinga en Jan-Dirk de Groot ha in sterk ferhaal oer in hynder en in bierfiltsje.
Gruttere ûngeloksfûgels as Jordy van Deelen binne der yn de fuotbalwrâld no net te finen. Hy spile de lêste fjouwer seizoenen foar SC Cambuur, mar de ôfrûne twa jier waard er pleage troch knibbelblessueres. Ien kear skuorde er syn krúsbân ôf, de folgjende kear siet er mei de binnenbân fan syn knibbel en no is er koartlyn wer holpen oan in lossittende krúsbân. Yn de nije Sportcast praat er deroer.
Op de jierdei fan SC Hearrenfean, dat moandei it hûndertjierrige bestean fiert, is Jan de Jonge te gast yn de nije SportCast. Hy kaam oer trije ferskate perioaden út foar de Feansters: ien kear as spiler, in kear as assistint-trainer en as haad jeugdoplieding. Op dit stuit is De Jonge trainer fan twaddedifyzjonist De Treffers út Groesbeek.
Sportklup Hearrenfean hat in lading oan superspitsen hân. Afonso Alves, Camataru, Dost, Van Nistelrooij, Huntelaar, Finnbogason en sa kinne we noch wol efkes trochgean. Mei eare-foarsitter Riemer van der Velde en âld-skout Bert Pijffers sjogge we werom en beprate we de bêsten. Se meitsje alle twa in top 4. Boppedat belje we mei âld-Hearrenfeanspiler Jon Dahl Tomasson. Hy spile fan 1994 oant 'e mei 1997 by Hearrenfean en is no trainer fan Malmö FF.
De seleksje fan SC Hearrenfean hat op it stuit fakânsje, mar dat jildt net foar oare ôfdielings binnen de klup. Sterker noch: technysk manager Gerry Hamstra is smoardrok mei it gearstallen fan de seleksje en algemien direkteur Cees Roozemond bûget him ûnder oare oer de coronamaatregels en it effekt dêrfan op It Fean. Dan binne der ek noch ris de festiviteiten rûnom it hûndertjierrich jubileum. Genôch reden om by te praten mei Cees Roozemond yn de nije SportCast.
Sportklup Hearrenfean hat yn harren 100-jierrich bestean hiel wat moaie wedstriden spile, mar de meast beladen potsjes binne dochs dy tsjin SC Cambuur. Omdat Hearrenfean 20 july 100 jier bestiet sjogge we yn seis podcasts werom om ferskate tema's. Dit kear dogge we dat oer de twastriid tusken Hearrenfean en Cambuur. Dat dogge we mei Maarten de Jong en Foppe de Haan, dy't aardich wat derby's mei makke ha en mei Lucas Bijker, dy't de oerstap makke fan Cambuur nei Hearrenfean.
Nei moannen mei promoasjestress, de oanfolgjende finansjele swierrichheden en dan ek nochris fertraging by de bou fan it nije stadion, wie der de ôfrûne wiken lang om let wer wat te laitsjen by SC Cambuur. De seleksje is sa goed as kompleet en sterkhâlders as Sonny Stevens en Robert Mühren bliuwe behâlden. Finansjeel direkteur Gerald van den Belt praat der yn de nije SportCast oer.
17 maaie 2009 is foar in soad Hearrenfean-supporters in dei dy't se noait ferjitte sille. Hearrenfean wint foar it earst yn de histoarje de beker. Yn de finale winne se nei penaltys fan FC Twente. Tegearre mei Gerald Sibon, Michel Breuer, Michael Dingsdag en Geert Arend Roorda sjogge werom nei de road to the final, de wedstriid sels en it feest dêrnei. "Ik kon met wel 20 vrouwen trouwen."
Yn de wyklikse SportCast is fuotbaltrainer Alex Pastoor ús gast. Hy is op it stuit trainer yn Eastenryk by SCR Altach. Doelstelling wie hanthavening op it heechste nivo en dat is slagge. Pastoor hat it goed nei it sin by de klup dêr't er syn aktive fuotbalkarriêre ôfsletten hat, mar hy slút in weromkear nei it Abe Lenstra stadion yn 'e takomst net út.
SC Hearrenfean promovearret yn 1990 fia de neikompetysje as allerearste Fryske klup nei de earedifyzje. It is in wûnderbaarlike ûntknoping nei in fierder teloarstellend seizoen. Hearrenfean einiget yn 'e kompetysje as nûmer 16. Trainer Ab Gritter wurdt op strjitte set en wurdt ferfongen troch Fritz Korbach. En dan ûntstiet der in bizar senario.
29 min
About Sportcast
From the publisher's feed
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast…