Foar dizze wike soene we de namme SportCast ek ynruilje kinne foar de RjochtCast, want it ferieningsrjocht is it wichtigste ûnderwerp yn de nije edysje. Hoefolle kâns makket SC Cambuur as it nei de rjochter stapt, om't de klup it net iens is mei it KNVB-beslút rûnom promoasje en degradaasje. It antwurd komt fan de advokate-bruorren Hans en Wim Anker, dy't te gast binne yn de nije SportCast. Dêryn fertellen se ek dat se oer oardel jier, yn jannewaris 2022, ophâlde as advokaat.
Yn 2013 wurdt Dwight Lodeweges de nije trainer fan SC Cambuur. De Ljouwerters binne it seizoen dêrfoar kampioen wurden yn de earste difyzje en binne klear foar de oerstap nei it heechste nivo. Lodeweges foarmet dat seizoen mei Henk de Jong in geweldich duo. Letter stapt de coach oer nei SC Hearrenfean. Op it stuit is er assistint-bûnscoach. Yn de nije SportCast fertelt er oer syn perioades yn Fryslân en hoe it is om mei de bêste fuotballers fan de wrâld op it fjild te stean.
It aventoer yn Australië is hommels oan de ein kaam foar Gertjan Verbeek. Hy is coach fan Adelaide United, mar troch de coronakrisis makke de klup syn lean net mear oer. Verbeek is mei ien fan de lêste fluchten fan Australië nei Nederlân kaam en sit no yn Dalfsen yn karantêne mei frou en dochter. Hy fertelt der wiidweidich oer yn de nije SportCast.
Unwissens hâldt de fuotbalwrâld noch altyd yn de besnijing. Wurdt it seizoen no wol of net útspile? Wer reden genôch om dêroer te praten yn in nije SportCast. Spesjale gast is SC Cambuur-oanfierder Erik Schouten. Dêrnjonken bellet ek de Fryske direkteur fan NAC Breda yn, Luuc Eisenga. Want hoe komt it mei it fuotbalseizoen?
Coronakrisis of net, der falt altyd genôch te bepraten oer de sport. Dizze wike dogge we dat yn de SportCast mei in spesjale gast, nammentlik Michel Vlap. Ferline seizoen waard de Snitser mei sechtjin doelpunten topskoarder by SC Hearrenfean en dêrmei fertsjinne er in transfer nei de Belgyske topklup RSC Anderlecht. Ek dêr is er op it stuit kluptopskoarer.
Ek al leit de sport troch it coronafirus folslein plat, der falt noch altyd genôch te bepraten. Dizze wike dogge we dat yn de SportCast mei in spesjale gast, nammentlik âld-Cambuurspiler Koen Brack. Hy spile mear as hûndert wedstriden foar de Ljouwerters, mar wennet en fuotballet no al jierren yn Italië. "We zitten in de derde regio qua brandhaarden. Als je medische hulp nodig hebt of boodschappen moet doen, mogen we de deur uit. Verder word je verzocht niet naar buiten te gaan", fertelt Brack.
It coronafirus hâldt ek yn 'e sport elkenien yn 'e besnijing. De fuotbalkompetrysjes lizze stil, mar kin der dêrnei wer fuotballe wurde. Sportferslachjouwers Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen beprate de aktuele sitewaasje.
Mei noch tsien wedstriden te gean, komt it kampioenskip foar SC Cambuur hieltyd tichterby. As de Ljouwerters kampioen wurde, dan fynt Arjen de Boer dat it nije stadion de namme fan trainer Henk de Jong krije moat. "As it allegear slagget, dan hat Cambuur trije kear kampioen west, wêrfan't twa kear mei Henk. Dan moatte je dêr wat mei." Under lieding fan presintatrise Jantine Weidenaar sjogge sportferslachjouwers Arjen de Boer, Geert van Tuinen en Roelof de Vries foarút en werom op de prestaasjes fan SC Cambuur en SC Hearrenfean.
It gie allegear net hiel ienfâldich, mar Cambuur is nei de oerwinning op jong PSV wer in stap tichter by promoasje nei de earedifyzje. Spesjale gast Sandor van der Heide is dúdlik oer it kampioenskip: "De doelstelling is promoveren, het kampioenschap is bijzaak. Ook al worden we derde achter De Graafschap en jong-Ajax, dat zal me worst wezen. Als we maar promoveren." En SC Hearrenfean trainer Johnny Jansen hat einliks in basisplak ynromme foar Alen Halilovic. SC Hearrenfean wûn mei 3-2 fan FC Twente en de Kroatyske middenfjilder stie by twa fan de trije doelpunten oan de basis. "Halilovic spile in prima wedstriid, mar dizze opstelling giet wol ten koste fan Ejuke. Dy komt yn 'e punt fan 'e oanfal minder ta syn rjocht", seit Arjen de Boer. Dizze wike prate Geert van Tuinen en Arjen de Boer oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Dit alles ûnder lieding fan Andries Bakker. Spesjale gast is Sandor van der Heide.
It iennige wat SC Cambuur noch fan promoasje ôfhâlde kin, binne it tal blessueres. Issa Kallon, Robin Maulun, Jamie Jacobs, Mitchel Paulissen en Jarchinio Antonia binne de lêste wiken blessearre rekke en dat is reden ta soarch. By SC Hearrenfean binne der nei it lykspul tsjin ADO Den Haag oare soargen. It gebrek oan effektiviteit brekt de ploech al wikenlang op. Dizze wike prate Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Dit alles ûnder lieding fan Jantine Weidenaar.
35 min
About Sportcast
From the publisher's feed
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast…