It wurd "krisis" falt as it oer SC Hearrenfean giet. De ploech fan trainer Johnny Jansen ferlear foar de fjirde kear dit kalinderjier. SC Cambuur wûn troch in doelpunt fan Giovanni Korte mei 1-0 fan Almere City en set de konkurrinsje dêrmei fierder op efterstân. We prate dizze wike mei ferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Dit alles ûnder lieding fan Andries Bakker.
Sportklup Hearrenfean knokte foar de trije punten, mar pakte der mar ien. SC Cambuur die itselde en pakte de trije punten krekt wol. Mar it wie wol spannend, foaral by Cambuur yn de lêste minuten, doe't MVV noch hast de lykmakker makke. En dus makke ferslachjouwer Geert van Tuinen de opmerking: "Koest Henk de Jong in aai yn de kont siede." We prate dizze wike mei ferslachjouwers Roelof de Vries, Geert van Tuinen en Arjen de Boer oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Dit alles ûnder lieding fan Jantine Weidenaar.
It Fryske fuotbalwykein begûn mei de wrâldgoal fan Robert Mühren foar SC Cambuur. It Fryske fuotbalwykein einige mei de desepsje fan SC Hearrenfean yn Sittard. Fansels kaam alles wer oan bar yn de Sportcast. Ferslachjouwers Arjen de Boer, Andor Faber en Geert van Tuinen prate ûnder lieding fan Andries Bakker oer de beide wedstriden én Mark Diemers, fuotballer fan Fortuna Sittard, belle yn. "
Der is de lêste wiken in soad sein oer de ferdigening fan SC Cambuur. Doke Schmidt makke in oantal flaters en waard freed sels nei de bank ferwiisd troch trainer Henk de Jong. It is ien fan de ûnderwerpen dêr't ús ferslachjouwers it yn de Sportcast oer hawwe. Ferslachjouwers Arjen de Boer, Andor Faber en Geert van Tuinen prate ûnder lieding fan Jantine Weidenaar oer de wedstriden fan Hearrenfean, Cambuur, shorttrack en reedriden.
It ferstjerren fan Chris de Wagt hâldt us ferslachjouwers yn de Sportcast ek dwaande. Ferslachjouwers Roelof de Vries en Geert van Tuinen prate ûnder lieding fan Andries Bakker oer de wedstriden fan Hearrenfean, Cambuur, mar toch foaral ek oer âld-fuotballer en trainer Chris de Wagt. "It wie in leave, sosjale man, mei in grutte leafde foar fuotbal," sa seit Roelof de Vries. Geert van Tuinen: "Je witte dat it eindich wie, mar as je it nijs dan hearre, krije je dochs in slach foar de harses."
SC Cambuur is net goed út de winterstop kaam. De Ljouwerters ferlearen yn eigen hûs mei 2-1 fan FC Volendam. Dêrnjonken wie it EK Ofstannen op Thialf mei in protte Nederlânske medaljes. Foar ús analisten Arjen de Boer, Roelof de Vries en Andor Faber falt der dus wer in protte te bepraten yn in nije edysje fan de Omrop Fryslân-Sportcast. Jantine Weidenaar presintearret dizze útstjoering.
SC Hearrenfean en SC Cambuur binne op trainingskamp. De Fryske bettele fuotbalklups riede harren ta op de twadde seizoenshelte. Njonken it fuotbaljen beprate ús analisten Andor Faber, Roelof de Vries en Arjen de Boer it NK Shorttrack. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker.
De fuotbalklups hawwe winterskoft en dus hawwe wy rom de tiid foar in oare sport, reedriden. Dit wykein waard it NK Ofstannen ferriden op It Hearrenfean. Tegearre mei ús gasten Letitia de Jong, Douwe de Vries en Henk Hospes analisearret Andor Faber it toernoai. Roelof de Vries fersoarget de presintaasje.
SC Hearrenfean en SC Cambuur kinne mei in goed gefoel weromsjen op de earste seizoenshelte. Hearrenfean hat in plakje yn de middenmoat, dêr feroare in 1-1 lykspul tsjin Heracles Almelo neat oan. Cambuur is sels winterkampioen en pakte ek noch trije punten by Excelsior: 3-1. Yn dizze Sportcast sjogge we mei Arjen de Boer, Roelof de Vries en Geert van Tuinen werom op dizze prestaasjes. Andries Bakker is de presintator.
We meitsje it net in protte mear mei, SC Hearrenfean en SC Cambuur dy't beide ferlieze. Us analisten Arjen de Boer, Geert van Tuinen en Roelof de Vries sykje nei in ferklearring foar dizze nederlagen yn in farske Sportcast.
35 min
About Sportcast
From the publisher's feed
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast…