Presintator Andries Bakker en analisten Geert van Tuinen, Andor Faber en Roelof de Vries beprate yn dizze sportcast al it Fryske sportnijs en se krigen dizze kear help fan assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra. Dan komme fansels ferskate skiedsrjochterlike besluten foarby, mar ek Hearrenfean, Cambuur, Nyck de Vries en Pieter Weening komme wiidweidich oan bar.
In nije Sportcast en dat komt goed út, want der is in protte om oer te praten: SC Hearrenfean spile wer lyk, SC Cambuur komt moandei yn aksje, hoe giet it mei Epke Zonderland syn holtes en hoe docht Michel Vlap it yn België? De presintaasje is yn hannen fan Jantine Weidenaar. Sy besiket ferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer yn de stringen te hâlden.
Yn dizze útstjoering komme ûnder oare SC Hearrenfean, SC Cambuur en de Fryske wrâldkampioenen Tristan Bangma en Liesette Bruinsma oan de oarder. Sportferslachjouwers Geert van Tuinen, Andor Faber en Roelof de Vries sille dy wer byprate oer de sport fan dit wykein. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker.
SC Cambuur hat spile, Tjisse Steenstra hat it punteklassemint by it keatsen wûn en Nyck de Vries is op wei nei de titel yn de Formule 2; genôch te bepraten. Sportferslachjouwers Arjen de Boer en Andor Faber liede jo tegearre mei presintator Andries Bakker troch it Fryske sportwykein.
It is de lêste dei fan de transferperioade. Hearrenfean luts in tropyske ferrassing oan út Fjetnam, wylst Cambuur ien út Syprus weromhelle nei Nederlân. Presintator Andries Bakker praat mei ferslachjouwers Roelof de Vries, Arjen de Boer en Andor Faber oer it lêste nijs, it NK fierljeppen en de knappe prestaasje fan roeister Ymkje Clevering.
Claudio Gomes komt net nei Cambuur, fertrouwen hâlde yn Jens Odgaard en de bêste keatser fan dit momint. Dat binne in pear fan de ûnderwerpen dizze wike yn de sportcast. Ferslachjouwers Roelof de Vries, Arjen de Boer en Andor Faber prate dizze moandei oer Cambuur, Hearrenfean, it WK judo en Taeke Triemstra.
In hearlike freedtejûn foar SC Cambuur en in waardeloaze sneontejûn foar sportklup Hearrenfean. Dat wie de konkluzje fan dit wykein. Mar wat gong der sa goed by de Ljouwerters en wat gong der mis by Hearrenfean? Ferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Geert van Tuinen prate der oer mei presintator Jantine Weidenaar.
"Cambuur stiet nei trije wedstriden tink ik mei nul punten. Mar dochs komt it goed, echt." Cambuur-watcher Geert van Tuinen bliuwt entûsjast oer de mooglikheden fan de Ljouwerters. Yn dizze Sportcast prate ferslachjouwers Roelof de Vries, Arjen de Boer en Geert van Tuinen oer de seizoensstart fan Cambuur, oer SC Hearrenfean en it FK Fierljeppen.
It is alwer de sechsde edysje fan it Fierljep Kafee. We prate oer it FK fierljeppen, dat sneon 10 augustus holden wurdt. Presintator Gerrit de Boer en âld-skipper Bart Helmholt as sidekick beprate de rentree fan fierljeptoppers Marrit van der Wal, Anna-Jet Leyenaar en it seizoen fan Sigrid Bokma. Sintraal tema yn it kafee is it FK fan 1979, mei Rindert Rosier as kampioen by de senioaren en junior Catharinus Hoekstra dy't de sulveren pols wûn. Fierder komt Hannes Scherjon oan it wurdt oer syn fierljepmuseum, Roelof de Vries docht de kollum en muzyk komt fan The Lucky Daltons.
Yn It Reade Hynder yn Wommels ûntfangt presintator Geert van Tuinen de keatstoppers fan doe en no om foarút te sjen op de Freule: ûnder de jonges dé keatspartij dêr't it hiele jier nei ta libbe wurdt. Te gast binne ûnder oaren de nije foarsitter fan de Freule, Tjeerd Dijkstra, keatsers Jesper Tolsma en Jordy Mossel, en âld-keatser Piet de Jong. Hy wûn fyftich jier lyn yn syn eigen doarp, Wommels.
54 min
About Sportcast
From the publisher's feed
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast…