Alle Hearrenfean-supporters seagen snein nei Teletekstside 819. Hearrenfean stiet boppe-oan. Wat in sukses. Wie Hearrenfean no echt sa goed? Wie Heracles sa min? We ha it der oer yn ús Sportcast mei ferslachjouwers Arjen de Boer, Roelof de Vries en Andor Faber. En we prate oer Cambuur, Nyck de Vries en de PC.
In dei foardat it heve sil op it Sjûkelân komme de keatsleafhawwers noch ien kear byinoar foar it PC Kafee. Op tiisdei binne reedrydcoach Jillert Anema, berne yn de keatshoeke, Folkert van der Weij (winner 2009) en in fytsende Belch te gast. En noch in tige bysûnder ferhaal fan in dief dy't goed fyftich jier ferlyn wat stellen hat fan de PC, spyt krigen hat en yn it PC Kafee delkomt om dêroer te fertellen. De kollum komt fan Janny van der Meer en de muzyk fan Gurbe Douwstra.
Alle Hearrenfean-supporters seagen snein nei Teletekstside 819. Hearrenfean stiet boppe-oan. Wat in sukses. Wie Hearrenfean no echt sa goed? Wie Heracles sa min? We ha it der oer yn ús Sportcast mei ferslachjouwers Arjen de Boer, Roelof de Vries en Andor Faber. En we prate oer Cambuur, Nyck de Vries en de PC.
Mei de dagen nimt de PC koarts ek ta. Op snein is it tiid foar nostalgy yn it kafee. Geert praat mei syn gasten wiidweidich oer de PC's fan 1969 en 1979. Om hjiroer mei te praten binne de winners fan 1969 te gast: Johan van Seijst en Sikke Sikkema. Yn it oare jier, 1979, wûn Sake Saakstra en koe Tsjisse Wallendal dernei fluitsje, nettsjinsteande dat er sensasjoneel keatste mei syn Belgyske keatswant. De kollum komt fan Bonne Stienstra en de muzyk fan de Hitsingers. Mear oer it keatsen fynst op: Omropfryslan.nl/keatsen.
Yn de earste PC Kafee fan 2019 is Joop Bierma, kening fan de PC fan it jier 1989 te gast. Ek Sake Porte, winner yn 1989 en 1999, skood oan de stamtafel fan presintator Geert van Tuinen oan. Fierder wurdt weromsjoen mei ferliezende finalisten Sietse van der Meer (1989) en Tjepco Miedema (1999). En wat is de keatswrâld sûnder leafhawwers? Willem Koopmans is sa'n échte PC leafhawwer en hat yn syn libben in protte dien yn it keatsen. De kollum komt fan Jacob Stelwagen en de muzyk fan de Hitsingers. Mear oer it keatsen fynst op: Omropfryslan.nl/keatsen.
De jûn foar't it skûtsjesilen losbarst sjogge we foarút mei skippers en bemanningsleden út de SKS en IFKS yn it Skûtsje Kafee. Te gast binne ûnder oaren de kampioenen fan 2018: Douwe Visser fan Grou en Geale Tadema fan Eastermar. Beide ha deselde adviseur oan board: Tammo Oosterhof, ek hy skood oan. Mei Jeroen de Vos en Gerhard Pietersma ha we it oer 'pike op it goeie momint' en ek de jongere generaasje is fertsjintwurdige: Arjen de Jong, Pieter Jilles Tjoelker en Steven Sijsling komme del. Muzyk komt fan de Bountyhunters. Mear oer it skûtsjesilen fynst op: Omropfryslan.nl/skutsjesilen.
It restaurant De Hinde yn Hylpen wie freedtejûn 17 augustus omtsjoend ta it Skûtsje Kafee. Yn it Skûtsje Kafee waard foarútsjoen op it IFKS-kampioenskip, dat sneon yn Hylpen fan start giet. Under oare foarsitter Sicko Heldoorn wie te gast, mar oare bekende gesichten en nijkommers. De muzyk wie fan Johannes Rypma en Hille. Mear oer it skûtsjesilen fynst op: Omropfryslan.nl/skutsjesilen.
It is alwer de fyfde edysje fan it Fierljep Kafee. We prate it earste lustrum mei tal fan ljeppers dy't yn 1968 al aktyf wiene en dy't mei prachtige ferhalen komme oer de akkommodaasjes fan doe. Fierder sille we yngean op de nije technyk fan de topljeppers yn harren jacht op it Nederlânsk rekôr fan Jaco de Groot (22.21m). Hannes Scherjon, Nard Brandsma en Thewis Hobma fertelle hoe 't dat wurket. Muzyk yn it programma komt fan de band The Lucky Daltons. Mear oer it fierljeppen fynst op: Omropfryslan.nl/fierljeppen.
Op de foarjûn fan de Freule is it op tiisdei 7 augustus tiid foar it alderearste Freule Kafee. Yn kafee-restaurant It Reade Hynder yn Wommels sjocht presintator Geert van Tuinen sjocht mei sidekick Sjoerd de Jong werom op syn Freulekeatstiid. Sjoerd de Jong ferlear trije kear dramatysk op de Freule. Beide sjogge werom op dy tiid mei Jouke Bosje: de winner fan de Freulepartij 2008. Bauke van der Graaf fan Berltsum ferlear twa finales op rige. Efter dit ferlies sit in dramatysk famyljeferhaal. Hy fertelt it yn it Freule Kafee. De livemuzyk wurdt fersoarge troch de band Vangrail Mear oer it keatsen fynst op: Omropfryslan.nl/keatsen.
Yn it Skûtsje Kafee wurdt foarútsjoen op it SKS skûtsjesilen kampioenskip dat 4 augustus fan start giet. Nije skippers Jappie Visser (Snits) en Rinus de Jong (De Jouwer) komme del. Wat binne harren kânsen dit jier en hoe fleane sy it kampioenskip oan? Skriuwers Frits Jansen en Eldert Meeter komme del om te praten oer it jubileumboek fan it Huzumer skûtsje. Johannes Meeter, de hjoeddeistige skipper fan dat skûtsje sjocht mei ús foarút op it kommende kampioenskip. Mear oer it skûtsjesilen fynst op: Omropfryslan.nl/skutsjesilen.
1 hr 4 min
About Sportcast
From the publisher's feed
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast…