De Sportcast stiet dizze kear folslein yn it teken fan it betelle fuotbal yn Fryslân. SC Hearrenfean wûn mei 3-1 fan RKC Waalwijk en ek SC Cambuur pakte trije punten. De ploech fan trainer Henk de Jong wûn mei 4-2 fan FC Dordrecht. Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer binne dizze kear de analisten. Andries Bakker besiket de útstjoering yn goede banen te lieden.
It wie wer in moai wykein foar de Fryske betelle fuotbalklups. Hearrenfean wûn mei 3-2 fan Vitesse en Cambuur wûn mei 3-1 fan Jong AZ. Yn dizze Sportcast hawwe wy hjir wiidweidich omtinken foar. Geert van Tuinen en Andor Faber binne dizze kear de analisten. As spesjale gast praat ek âld-Omropmeiwurker Jan Vincent van Zuiden. De presintaasje is yn hannen fan Arjen de Boer.
SC Cambuur en SC Hearrenfean moasten beide yn Eindhoven fuotbalje ôfrûne wykein. Hearrenfean kaam nei in minne earste helte krekt tekoart tsjin PSV (2-1). SC Cambuur wûn wol: FC Eindhoven waard mei 3-0 ferslein. Yn de Formule E makke Nyck de Vries syn debút en hellet Epke Zonderland de Olympyske Spelen wol? Genôch te bepraten yn dizze Sportcast en dat dogge Geert van Tuinen, Arjen de Boer en Andor Faber dan ek graach. Andries Bakker is hjoed presintator.
Yn de Sportcast fan ôfrûne wike sei Roelof de Vries dat Cees Roozemond eins noch neat goed dien hat by SC Hearrenfean. Dat freget om in reaksje fansels. Roozemond woe sels ek wol it ien en oar taljochtsje en dêrom skowde hy oan by analisten Arjen de Boer, Roelof de Vries en Andor Faber. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker.
SC Hearrenfean wist ôfrûne wykein it sterke AZ mei 4-2 te ferslaan. Ek Cambuur pakte de trije punten. De Ljouwerters stjoerden TOP Oss mei in 5-1 nederlaach nei hûs. It meast bysûndere oan dy wedstriid wie lykwols net de grutte oerwinning, mar de produktiviteit fan Issa Kallon. Kallon like net skoare te kinnen, mar makke der tsjin TOP Oss ynienen fjouwer.
SC Cambuur stiet sintraal yn dizze Sportcast. Algemien direkteur Ard de Graaf fan de Ljouwerters skoot oan by ús analisten Geert van Tuinen en Arjen de Boer en presintator Roelof de Vries. Sy prate ûnder oare oer de wedstriid tsjin MVV, it nije stadion en it spilersfûns.
Grut nijs út de skûtsjewrâld: Harmen Brouwer wurdt skipper op it skûtsje fan Langwar. Syn broer Sytse Brouwer wiel al skipper fan it skûtsje fan Hearrenfean. Yn dizze Sportcast belje we mei beide skippers. Fierder komme SC Hearrenfean, SC Cambuur en it WK turnjen foarby. Presintaasje is yn hannen fan Roelof de Vries. Geert van Tuinen, Andor Faber en Roelof de Vries binne de analisten.
32 min
About Sportcast
From the publisher's feed
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast…