Sportcast

Sportcast

By Omrop FryslânSports
Download on the App Store

Sportcast episodes

  • PC Kafee: 2018
    In dei foar de PC ûntfangt presintator Geert van Tuinen wer gasten yn it PC Kafee. It is de 165ste kear dat de PC holden wurdt. Dêrom bysûndere gasten oan tafel; de foarsitter fan de Belgyske keatsbuon Jerry Defour, trije debun en keatsleafhawwer Akkerman fat Lollum. Dêrneist skood in bekende kabaretier oan dy't mei in soad passy fertelt oer it keatsen. Mear oer it keatsen fynst op: Omropfryslan.nl/keatsen.
    59 min
  • SportCast 2: Betelle fuotbal

    De ein fan it fuotbalseizoen is yn sicht. En dat betsjut dat it der op oankomt foar sc Hearrenfean en SC Cambuur. Nei in wikseljend seizoen foar beide Fryske klups, kinne se beide noch mei in posityf gefoel de simmer yn: hellet Hearrenfean de play-offs om Europeesk fuotbal? En kin Cambuur noch wat plakken klimme om mei te dwaan oan de play-offs om promoasje? Dan moat der noch wol wat gebeure, want Hearrenfean stiet tsiende yn de earedifyzje en Cambuur stiet op it tolfde plak yn de Jupiler League.

    Nei de simmer

    En hoe komt it nei de simmer? De Feansters sykje noch in nije trainer en fan mar leafst santjin Cambuurspilers rint it kontrakt ôf.

    Yn ús twadde SportCast sjogge sjogge Hearrenfeansaakkundige Arjen de Boer en Cambuurwatcher Geert van Tuinen werom en foarút. Under lieding fan Jantine Weidenaar meitsje se de balâns op foar de beide Fryske profklups.

    0 min
  • SportCast 1: Olympyske Spelen

    As sport de wichtichste bysaak fan it libben is, dan binne de Olympyske Spelen miskien wol hielendal gjin bysaak mear. Sporters oeral op de wrâld hawwe mar ien doel foar eagen as se begjinne oan harren sportkarriêre: om ea dêr te stean op de heechste trêd, mei in gouden plak om 'e nekke.

    De kommende twa wiken is it wer safier en meie hûnderten ultym motivearre sporters besykje om harren dream wier te meitsjen. Hjirby fansels ek genôch Friezen. Fan de feteranen mei in hele kolleksje plakken, oant de griene broekjes dy't foar it earst it hiele sirkus meimeitsje sille.

    Sportferslachjouwers Roelof de Vries en Koos Wieling folgje dizze Fryske sporters al harren folsleine karriêre en kinne dus as gjin oar foarútsjen op de kommende Spelen. Mei presintator Jantine Weidenaar prate se yn dizze spesjale Omrop SportCast in healoere lang oer it aventoer en de sjarme fan de Olympyske Spelen én oer de kânsen en grutte konkurrinten fan de Friezen.

    De Olympyske Spelen yn Pyeongchang binne freed offisjeel iepene. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

    0 min

About Sportcast

From the publisher's feed

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast…

More shows like Sportcast

NOS Langs de Lijn Sportforum by NPO Luister / NOS

NOS Langs de Lijn Sportforum

9 Listeners

De Stemming van Vullings en De Rooy by NPO Radio 1 / NOS / EenVandaag

De Stemming van Vullings en De Rooy

114 Listeners

Voetbalpraat by ESPN NL

Voetbalpraat

33 Listeners

NOS Voetbalpodcast by NPO Luister / NOS

NOS Voetbalpodcast

68 Listeners

Radio Camataru by Radio Camataru

Radio Camataru

0 Listeners

Kick-off met Valentijn Driessen by De Telegraaf

Kick-off met Valentijn Driessen

57 Listeners

Cor Potcast by Dag en Nacht

Cor Potcast

16 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

254 Listeners

Gianni's Imperium by NPO Luister / NOS

Gianni's Imperium

3 Listeners

Omroep Abe by Leeuwarder Courant

Omroep Abe

0 Listeners

Hertenkamp by Leeuwarder Courant

Hertenkamp

0 Listeners

Weer een dag by Marcel van Roosmalen & Gijs Groenteman / Meer van dit

Weer een dag

24 Listeners

Radio Ramkraak by LC & DVHN

Radio Ramkraak

3 Listeners

KieftJansenEgmondGijp by KieftJansenEgmondGijp

KieftJansenEgmondGijp

67 Listeners

Groeten uit Grolloo by Johan Derksen

Groeten uit Grolloo

9 Listeners