Der binne net in soad Friezen dy't oait foar it grutte Feyenoord spile hawwe, mar sûnt koart is Mark Diemers der ien fan. Hy tekene ôfrûne freed in trijejierrich kontrakt yn De Kuip en ferkeas dy klup boppe FC Grins, dat him ek hawwe woe. Hy fertelt der wiidweidich oer yn de nije SportCast...
Sportklup Hearrenfean ferraste yn it seizoen 1999/2000 elkenien troch twadde te wurden yn de earedifyzje. Dêrmei helle SC Hearrenfean de Champions League. Mei keeper Hans Vonk, ferdigener Gérard de Nooijer en oanfaller Anthony Lurling sjogge we werom op it seizoen dat se Champions League hellen en it seizoen dat se Champions League spilen.
It koe wolris in drokke simmer wurde foar Gerry Hamstra, de technysk manager fan SC Hearrenfean. De seleksje fan de Feansters moat behoarlik fersterke wurde en tagelyk hawwe spilers as Chidera Ejuke en Joey Veerman in tige goed seizoen hân, wêrtroch't der foar harren belangstelling komme kin. Yn de nije SportCast lit Hamstra syn ljocht skine, ûnder oare op de transferperikels yn it Abe Lenstra Stadion.
SC Hearrenfean bestiet dit jier 100 jier. Yn it ramt dêrfan makket de sportredaksje seis podcasts mei ferskate tema's. Mei earefoasitter Riemer van der Velde, sjoernalist Johann Mast en eardere ploechgenoat Gilles Veenstra beprate wy yn 'e SportCast wat Abe Lenstra betsjut hat foar SC Hearrenfean. Abe makke as 15-jierrich jonkje syn debút yn it earste alvetal fan Hearrenfean. Yn totaal wurdt Hearrenfean mei tank oan syn fuotbalkwaliteiten njoggen kear kampioen fan de noardlike earste klasse.
Mei assistint-trainer Pascal Bosschaart fan SC Cambuur is der yn de nije SportCast in tûzenpoat te gast. Njonken dat er fuotbaltrainer is, kin er ek aardich sjonge en der liket ek noch in karriêre as ûndernimmer yn te sitten. Genôch reden dus om by te praten mei de man dy't Henk de Jong en Sandor van der Heide yn Ljouwert assistearret.
Maarten de Jong mist 'syn' SC Hearrenfean. De man dy't fan 1984 oant en mei 1995 foar de klup spile draacht de titel 'Mister Hearrenfean', mar it iennige dat er noch foar de klup docht, is dat er clinics jout oan de jeugd. En dat it net mear is, docht him sear. Hy praat deroer yn de nije SportCast, mei dêrnjonken ek de iene nei de oare anekdoate út syn tiid as spiler.
"Het zijn cruciale posities, absoluut." Technysk manager Foeke Booy is dúdlik: Cambuur is drok dwaande mei in keeper en mei in spits. Fan de seleksje fan no lizze der achttjin spilers ek foar folgjend seizoen fêst, mar de 'kop en de staart' moatte noch ynfold wurde. Binne Sonny Stevens en Robert Mühren hâldber? Yn de SportCast fan dizze wike fertelt Booy der wiidweidich oer.
It is rêstich rûnom SC Hearrenfean, mar der falt fansels genôch te bepraten. Hoe grut binne de gefolgen fan de coronakrisis op de klup? Kinne Chidera Ejuke en Joey Veerman behâlden bliuwe? En is Klaas-Jan Huntelaar mooglik de nije spits? Alle reden om it te bepraten mei earefoarsitter Riemer van der Velde yn de nije SportCast.
It binne spannende wiken foar elkenien dy't SC Cambuur in waarm hert tadraacht. Ofrûne freed wie it koart pleit tsjin fuotbalbûn KNVB, tongersdei folget wierskynlik de útspraak. Yn de rjochtbank giet it om de arguminten, mar de emoasjes binne der fansels ek. En hielendal by Ype Smid, earefoarsitter fan SC Cambuur. De man, dy't nea in blêd foar de mûle nimt, skoot oan yn de nije SportCast.
It earste seizoen fan Johnny Jansen as haadtrainer fan SC Hearrenfean sit derop. In nuver ein fansels fanwege it coronafirus. Alle reden om mei him werom én foarút te sjen. Yn de nije SportCast fertelt de Noardwâldster oer hoe't er it belibbe hat en oer syn winsken foar takom seizoen. Wêrby't je net om de namme fan Klaas-Jan Huntelaar hinne kinne. Ek Jansen net.
44 min
About Sportcast
From the publisher's feed
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast…