In foldwaande, mar dêr is ek alles mei sein. Yn de Sportcast fan Omrop Fryslân sjogge de ferslachjouwers werom op it jier fan sc Hearrenfean en SC Cambuur.
Marit Bouwmeester hat sneon de Fryske sportoeuvrepriis fan 2024 krigen. Bouwmeester wurdt priizge foar har tige suksesfolle jier, wêryn't se olympysk goud behelle en troch de ynternasjonale sylfederaasje útroppen waard ta bêste sylster fan de wrâld. Yn dizze Sportcast sjogge we mei ferskate sporters werom op it jier 2024. Mei bygelyks Marrit Steenbergen, Ymkje Clevering of Jan van der Bij.
As it oan Henk de Jong leit, bliuwt er ek de kommende jierren trainer fan SC Cambuur. Syn kontrakt rint nei dit seizoen ôf. Petearen oer de takomst hawwe der noch net west, fertelt De Jong yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
Der wiene net in soad minsken dy't de oerwinning fan Sportklup Hearrenfean op PSV (1-0) oankommen seagen. Oan de basis fan de oerwinning stiene yn de eagen fan de Sportcast Levi Smans, Dimitris Rallis en Alireza Jahanbakhsh.
Oanfierder Luuk Brouwers tinkt dat der meardere spilers fan sc Hearrenfean binne, dy't harren plafond noch net berikt hawwe. In dei nei syn winnende goal yn de wedstriid tsjin Willem ll skoot de oanfierder oan yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
Hoe sjocht it ideale middenfjild fan SC Cambuur derút? It is in fraach dy't de ôfrûne wiken hieltyd mear nei foarren komt. Yn de Sportcast leit âld-fuotballer René van der Weij út hoe't it der yn syn optyk útsjen moat.
De soargen oer Sportklup Hearrenfean groeie nei de sânde útnederlaach op in rige. Ferlieze fan Feyenoord kin, mar de wize wêrop makket dat der noed is oer trainer Robin van Persie en syn spilers.
Robin van Persie stiet noch altyd efter syn kar om in soad te wikseljen yn syn opstelling. De trainer fan Sportklup Hearrenfean leit yn de Sportcast fan Omrop Fryslân út hoe't syn spilers syn fertrouwen fertsjinje moatte. Fierder fertelt Van Persie ûnder oaren oer de moeting mei syn idoal Maradona en syn bân mei 'fuotbalheit' Arsène Wenger.
Neist in gebrek oan punten, ûntbrekt it neffens Geert Jelle de Vries ek oan plezier by sportklup Hearrenfean. De ploech fan Robin van Persie ferlear dit wykein fan Fortuna Sittard, wie kânsleas en neffens de âld-fuotballer mei der wol wat mear plezier yn komme.
52 min
About Sportcast
From the publisher's feed
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast…