De spilers fan Sportklup Hearrenfean moatte de kommende dagen in besite bringe oan in psycholooch. Dat soe harren helpe kinne yn de play-offs om Europeesk fuotbal, wêryn't se tongersdei in útwedstriid spylje tsjin AZ. Dêrneist giet it oer Jeroen Burghout. De assistint-trainer fan SC Cambuur is te gast. Hy sjocht werom op de ôfrûne fiif jier yn Ljouwert, want hy moat ôfskie nimme fan de klup. Syn kontrakt waard net ferlinge.
"Op het moment dat ze promoveren is het een week feest en een jaar ellende. 100 procent." Dat seit Sandor van der Heide yn de Sportcast oer in mooglike promoasje fan SC Cambuur. Hy is te gast yn de Sportcast, wêr't Arjen de Boer praat mei Van der Heide en ferslachjouwers Roelof de Vries en Andor Faber oer Hearrenfean en Cambuur.
As SC Cambuur promovearret, dan soene der folgjend seizoen fjouwer klups út Noard-Nederlân yn de earedivyzje spylje. En dus kinne it histoaryske play-offs wurde. Mei âld-fuotballers Geert Jelle de Vries en Tieme Klompe prate we oer de kânsen fan de beide Fryske klups yn de play-offs, want ek Hearrenfean hat goeie papieren dy te heljen. Fierder giet it oer de rol fan Jakob Trenskow, it middenfjild fan Cambuur en of Hristiyan Petrov of Mats Köhlert tsjin RKC Waalwijk spylje moat.
Dat SC Cambuur in pear spylronden foar de ein al wis wie fan de play-offs, wie neffens Ard de Graaf net fanselssprekkend. Om dy reden is de algemien direkteur fan de klup bliid, sa seit er yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. Fierder fertelt assistint-trainer Sipke Hulshoff fanút Liverpool oer it behelle lânskampioenskip en giet it oer de nije keeperstrainer fan sc Hearrenfean.
Sportklup Hearrenfean hat der in wapen by, mei it each op de play-offs om Europeesk fuotbal. Dat wapen hjit Jacob Trenskow. Sûnder him wie de kâns grut west dat de Feansters de neikompetysje net iens helle hiene. En oanfierder Mark Diemers wol dochs yn Ljouwert bliuwe, ek as SC Cambuur net promovearret nei de earste divyzje.
SC Cambuur moat net sa foarsichtich wêze en gewoan útsprekke dat it foar streekrjochte promoasje giet. Dat fynt Ljouwerter Foeke Booy, dy't yn it ferline spiler en technysk manager by de klup wie. Op dit stuit is hy assistint-trainer fan Almere City en mei dy klup spilet er sneon tsjin Sportklup Hearrenfean.
It wie ít momint dêr't Robin Veldman by syn presintaasje by Sportklup Hearrenfean it meast nei útsjoen hie: it debút yn it Abe Lenstra Stadion. Ofrûne freed wie it safier. It Frysk folksliet brocht him in emosjoneel momint, sa seit Veldman yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
Mark Diemers is de bêste spiler fan SC Cambuur dit seizoen, mar de revelaasje is topskoarer Remco Balk. Dat fynt klupikoan Johan Groote. Hy tinkt dat de Ljouwerters twadde wurde en streekrjocht promovearje nei de earedivyzje. Fierder sjogge we yn de Sportcast werom op it debút fan Robin Veldman as haadtrainer fan Sportklup Hearrenfean.
Mei Robin Veldman hat Sportklup Hearrenfean in nije trainer dêr't it pompeblêdebloed troch syn ieren rint. En dat is krekt wat de klup no nedich hat, docht bliken yn de Sportcast.
Hearrenfean is nei it fertrek fan Robin van Persie noch altyd op syk nei in opfolger. Op dit stuit docht Henk Brugge it, mar dy hat net de goeie papieren. Mar Foppe de Haan fertelt yn de Sportcast dat Brugge it oant no ta prima docht.
58 min
About Sportcast
From the publisher's feed
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast…