De beide Fryske betelle fuotbalklups sykje in nije trainer. By sc Hearrenfean giet it om in haadcoach en by SC Cambuur om in assistint. Beide klups rinne yn harren syktocht lykwols op tsjin swierrichheden.
Wa moat Robin van Persie opfolgje as trainer by Sportklup Hearrenfean? Analist en âld-fuotballer Sandor van der Heide wit wol ien, dy't kwa fuotbalfisy ek noch ticht by Van Persie sit.
Riemer van der Velde sjocht graach Erik ten Hag nei Hearrenfean kommen as opfolger fan Robin van Persie. De eare-foarsitter wol in grutte namme binnen de klup.
Robin van Persie hat syn prinsipes oerboard smiten. Wêr't de trainer fan Sportklup Hearrenfean foar dit seizoen sei áltyd oanfallend fuotbal en foar de winst spylje te wollen, joech er nei de wedstriid tsjin PEC Zwolle (1-1) ta dat er it lykspul oer de streek lûke woe.
Sportferslachjouwer Roelof de Vries is dúdlik oer de prestaasjes fan sc Hearrenfean: "Dit is it minste Hearrenfean yn 30 jier." Algemien direkteur fan sc Hearrenfean Ferry de Haan is te gast yn de Sportcast en wjerleit dit.
SC Cambuur hat mei Jeredy Hilterman in nije spits helle, mar Tony Rölke docht it hiel best. Âld-Cambuur-spiler Geert Jelle de Vries is sels al oertsjûge. "Moast Rölke stean litte". Yn de Sportcast prate Roelof de Vries, Arjen de Boer en Geert van Tuinen oer sportklup Hearrenfean en SC Cambuur.
Is Robin van Persie wol kritysk genôch? Kin er wolris fan syn eigen ideeën ôfstappe? Of folget er allinnich mar syn eigen fisy? Tieme Klompe is âld-fuotballer en âld-trainer fan ûnder oare sportklup Hearrenfean. Hy is no sjoernalist en analysearret yn de Sportcast sc Hearrenfean. Hy sjocht ek nei Van Persie.
De kâns is grut dat it kontrakt fan Henk de Jong ferlingd wurdt. Dat is de konkluzje yn de Sportcast fan Cambuur-watcher Geert van Tuinen. Te gast is eare-foarsitter fan SC Cambuur Ype Smid.
It is net sjyk hoe't de direksje fan SC Cambuur omgiet mei it ôfrinnende kontrakt fan trainer Henk de Jong. Dat is de opiny yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
Sportklup Hearrenfean moat der alles oan dwaan om de thúswedstriid tsjin Almere City op in oar momint te spyljen. Dat seit Feanfan Hans Anker yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. It duel tusken Hearrenfean en Almere wurdt spile op 5 maaie, de dei dat ús lân tachtich jier befrijing fiert.
53 min
About Sportcast
From the publisher's feed
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast…