Sportklup Hearrenfean wûn snein fan NEC, mei goed fuotbal en in nij sintraal duo. Moatte Maas Willemsen en Joris van Overeem stean bliuwe? Troch blessueres fan Sam Kersten en Nikolai Hoplan en in skorsing fan Hristiyan Petrov moast trainer Robin Veldman snein ymprovisearre. Maas Willemsen wie de lêste sintrale ferdediger dy't oerblean. Joris van Overeem ferhuze fan it middenfjild nei de ferdediging. En hy die dat opfallend goed.
De broek sakke der by in hiele hoop supporters fan sc Hearrenfean fan ôf: de twadde giele kaart foar Hristiyan Petrov yn de wedstriid tsjin Feyenoord. Algemien direkteur Ferry de Haan fan de Feansters makket der wurk fan en wol by de KNVB besykje om de skorsing fan de ferdigener foar te kommen. Dyselde Ferry de Haan krijt in oantal kwisfragen, dêr't er syn holle oer brekt. En de holle brekke oer fuotbal hoecht Henk de Jong dizze dagen efkes net. Hy is nei eigen sizzen op 'âldemanljusferlof' yn Spanje.
Bernt Klaverboer makket syn basisdebút yn de earedivyjze kommende sneon yn De Kuip. Mar hoe giet de 19-jierrige Ketliker om mei de druk fan De Kuip? Hy krijt dêr by in tip fan in âld-kollega, dy't no yn Súd-Afrika ûnder de latte stiet. En dy't The Big 5 noch net sjoen hat. Fierder giet it oer SC Cambuur, dat in soad yndruk makke tsjin Willem ll. Sterker noch: âld-fuotballer Geert Jelle de Vries neamt de Ljouwerters no 'kampioenskandidaat nûmer ien'.
It koe mei rjocht in pineholledossier neamd wurde ferline jier: it spitseprobleem by SC Cambuur. Sawol Jonathan Afolabi as Jeredy Hilterman wie net fit. No is der mei Nicolas Binder in nije oanfaller, mar je riede it al... Hy hat de helte alwer mist fanwege in blessuere. Mar neffens Cambuurtrainer Henk de Jong komt it goed mei de Eastenryker. Mei wa't it net goed komt is Andries Noppert. Dy rekket syn basisplak kwyt nei in perioade fan ûnwisse optredens.
Lucas Bijker spile by SC Cambuur en sc Hearrenfean, mar is tsjintwurdich amtner by de gemeente Hearrenfean. Dochs hopet hy in comeback yn it fuotbal te meitsjen, seit er yn de Sportcast.
Je topspits dy't te let komt en op de bank sit, in blunderjende keeper en Sweedske fans dy't smoardronken fan gelok in doelpunt fan harren freon fierden. Der is wer in hoop te bepraten yn de nije Sportcast, mei dêryn de oanfierder fan SC Cambuur as gast. Mark Diemers stipet Andries Noppert en fynt dat de keepersdiskusje by sc Hearrenfean net op 'e nij op gong te kommen.
It is ûnbegryplik dat de spilers fan SC Cambuur net op 'e tiid fit binne foar de seizoensstart. En sa driget in senario as dat fan foarich seizoen, doe't de Ljouwerters nei seis wedstriden ien-nei-lêste stiene. Fierder giet it yn de Sportcast oer de blessuere fan Levi Smans, de transfer fan Michel Vlap en sjeiks yn it skûtsjesilen...
De Sportcast is nei twa moannen simmerstop werom. Der is genôch te bepraten, want Sportklup Hearrenfean en SC Cambuur ha net stil sitten. Is it terjocht dat Henk de Jong de doelstelling fan Cambuur al bysteld hat? En hoe moat it middenfjild fan sc Hearrenfean derút sjen? It komt oan bod yn in nije Sportcast, mei ûnder oaren de Heintje Davids fan Omrop Fryslân én De Grutte Unbekende...
SC Cambuur is hiel ticht by it oanlûken fan in Eastenrykse spits. En ek Sportklup Hearrenfean wol him oanfallend fersterke en dêr liket op koarte termyn wat by te kommen. Dat docht bliken yn de lêste Sportcast fan dit seizoen, wêryn't we fleurich de simmer yngean mei de bruorren Hans en Wim Anker.
Hy keepte by in grutte klup as Ajax en foar de Poalske lânskampioen, mar neamt it ôfrûne seizoen fan Sportklup Hearrenfean 'mijn meest bijzondere seizoen ooit'. Keeper Mickey van der Hart makket de oerstap nei Súd-Afrika en sjocht yn de Sportcast werom op syn perioade yn it Abe Lenstra Stadion. Dêrneist giet it oer SC Cambuur, wêr't noch net dúdlik is hoe heech it spilersbudzjet foar takom seizoen wêze sil. Wol is technysk manager Lars Lambooij ticht by it binnen heljen fan in nije spits.
50 min
About Sportcast
From the publisher's feed
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast…