Sportcast

Sportcast

By Omrop FryslânSports
Download on the App Store

Sportcast episodes

  • #329: Dribbelkening Maas Willemsen,The Voice of Holland by famylje De Jong en FC Grins-direkteur begrypt der neat fan
    Maas Willemsen makket yndruk yn syn earste moannen by Sportklup Hearrenfean. Yn it fjild, wêr't de sintrumferdigener de dribbelkening fan Hearrenfean blykt te wêzen. Mar ek bûten it fjild ymponearret de 22-jierrige Willemsen, sa leare wy yn de Sportcast.  Fierder is der in ynsjoch hoe't in freedtejûn by de famylje De Jong yn Drachten derút sjocht: gjin skeakelkanaal mei KKD-wedstriden, mar The Voice of Holland. En de direkteur fan FC Grins skoart populistepunten mei syn útspraak dat er fynt dat Hearrenfean ophâlde moat mei it Frysk folksliet foar de wedstriid, om't it 'niet meer van deze tijd' wêze soe. 
    1 hr
  • #328: Op dizze datum promovearret Cambuur, Hearrenfeanspilers litte inoar fersûpe en Karlsbakk-yndeks smyt in moaie transfer op
    SC Cambuur moat mear ambysje toane. As je koprinner ADO Den Haag twa kear yn ien seizoen ferslaan, moatte je ek útsprekke dat je foar de titel geane. Cambuurtrainer Henk de Jong docht dat net, mar yn de Sportcast bart dat wol. De spilers fan Sportklup Hearrenfean steane wer efkes mei de beide fuotten op ierde, nei't FC Grins mei 2-0 wûn yn it Abe Lenstra Stadion. Neffens âld-spiler Geert Jelle de Vries leit it oan de fjildbesetting fan de Feansters. Hy neamt it in 'struktureel probleem'. En hoe kin it dat Daniel Karlsbakk, nei't er Hearrenfean ferlitten hat, ynienen wól skoart? In goeie bekende fan him leit it út...
    54 min
  • #327: Bernt, Brouwers en de badkeamer, in KKD-topper en Feyenoord is in 'luzeploech'
    Sportklup Hearrenfean pakte in fertsjinstlik punt tsjin Feyenoord. Of tsjin in 'luzeploech', sa as de Rotterdammers yn de Sportcast neamd wurde. Mar hie der miskien wol mear yn sitten as in lykspul? SC Cambuur spilet freed de kreaker tsjin koprinner ADO Den Haag, mar yn Den Haach binne se eins hielendal net mei de Ljouwerters dwaande. Hoe sit dat? En wat is der no krekt bard mei Bernt Klaverboer? De keeper fan Sportklup Hearrenfean foel op de slotdei fan it trainingskamp yn Spanje yn de badkeamer, wêrby't er in harsenskodding oprûn. Yn de Sportcast hearst de smoute details.
    41 min
  • #326: De man fan 100.000 euro, in 'ruw diamantje' by Hearrenfean en wol of gjin fjildferwaarming yn Emmen?
    It is fansels mar de fraach oft it mei alle snie trochgean kin, mar as dat it gefal is, dan spilet SC Cambuur freed de útwedstriid tsjin FC Emmen. En dat hat mei Menno van Dam in Fryske haadtrainer. Hy is ûnder de yndruk fan de Ljouwerters, mar sjocht ek kânsen. Hokker? Dat fertelt er yn de Sportcast. Fierder is der fanút it trainingskamp fan Sportklup Hearrenfean in ynformant, dy't syn earste yndrukken fan nije spilers Lasse Nordås en Luca Oyen priis jout. Dat en mear yn in nije Sportcast.
    54 min
  • #324: Hannen skodzje mei Messi en Ronaldo, bingo by Harkemase Boys en te betiid winterstop foar Hearrenfean
    It útkompleks fan Sportklup Hearrenfean is as snie foar de sinne ferdwûn nei trije oerwinnings bûtendoar. De winterstop komt dus eins te betiid foar Robin Veldman en syn ploech. Dat jildt net foar Erwin Zeinstra. De assistint-skiedsrjochter is wol efkes ta oan winterskoft nei 20 wedstriden yn de earste seizoenshelte. En SC Cambuur krijt ADO Den Haag wer yn it fizier, no't de koprinner fan Jong PSV ferlear. Kin Cambuur noch kampioen wurde? Dat en mear yn in nije Sportcast.
    59 min
  • #323: Cambuur wol Europa yn, it shirt fan Vasco da Gama en slangeminske Klaverboer hâldt de nul
    De ambysjes fan SC Cambuur yn it Kooi Stadion rikke fier. Yntern wurdt der sels praat oer it heljen fan Europeesk fuotbal, jout algemien direkteur Ard de Graaf ta. Fierder giet it oer in mooglike bekerstunt mei in Fryske link, de rêdings fan slangeminske Bernt Klaverboer dy't Sportklup Hearrenfean de earste 'clean sheet' opsmite én oer dat der scouts út hiel Europa op 'e tribune sitte foar Ismaël Baouf.
    55 min
  • #322: Wer gjin gast fan sc Hearrenfean, soargen by Visser nei nije operaasje en hoefolle kredyt hat Klaverboer?
    Cambuurmiddenfjilder Daan Visser is oardel wike lyn foar de twadde kear operearre oan syn knibbel. De 21-jierrige Snitser docht syn bêst om werom te kommen, mar makket him ek wol soargen oer oft dat kin. By Sportklup Hearrenfean is fan alles te dwaan oer de toss en de kar fan oanfierder Luuk Brouwers. Want spylje je it leafst yn de earste óf twadde helte nei de fanatike fans ta?  En hoefolle kredyt krijt keeper Bernt Klaverboer noch fan de technyske stêf fan de Feansters. De Ketliker keeper seach der sneon tsjin PSV op 'e nij net oertsjoegjend út.
    47 min

About Sportcast

From the publisher's feed

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast…

More shows like Sportcast

NOS Langs de Lijn Sportforum by NPO Luister / NOS

NOS Langs de Lijn Sportforum

9 Listeners

De Stemming van Vullings en De Rooy by NPO Radio 1 / NOS / EenVandaag

De Stemming van Vullings en De Rooy

114 Listeners

Voetbalpraat by ESPN NL

Voetbalpraat

33 Listeners

NOS Voetbalpodcast by NPO Luister / NOS

NOS Voetbalpodcast

65 Listeners

Radio Camataru by Radio Camataru

Radio Camataru

0 Listeners

Kick-off met Valentijn Driessen by De Telegraaf

Kick-off met Valentijn Driessen

58 Listeners

Cor Potcast by Dag en Nacht

Cor Potcast

17 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

248 Listeners

Gianni's Imperium by NPO Luister / NOS

Gianni's Imperium

3 Listeners

Omroep Abe by Leeuwarder Courant

Omroep Abe

0 Listeners

Hertenkamp by Leeuwarder Courant

Hertenkamp

0 Listeners

Weer een dag by Marcel van Roosmalen & Gijs Groenteman / Meer van dit

Weer een dag

23 Listeners

Radio Ramkraak by LC & DVHN

Radio Ramkraak

3 Listeners

KieftJansenEgmondGijp by KieftJansenEgmondGijp

KieftJansenEgmondGijp

67 Listeners

Groeten uit Grolloo by Johan Derksen

Groeten uit Grolloo

9 Listeners